De koartearwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7½-11 sm, mei in sturtlingte fan 2⅓-3⅞ sm en in gewicht fan 11-24 g. Dêrmei is it de lytste wrotmûzesoarte fan Jeropa. De pels is ticht en sêft, en op 'e rêch hiel dûnkerbrún oant swartich, wylst de bealch sulver- oant blaugriis is. Dizze twakleurigens rint fierder oer de frij koarte sturt. Frjemd genôch hawwe eksimplaren dy't yn berchlân libje oer it algemien in wat langere sturt as leechlânske bisten. De eagen binne lyts en de earen sitte frijwol hielendal ferskûle yn it hier.
Biotoop
Koartearwrotmûzen jouwe de foarkar oan kultuerlânskippen dêr't wat fariaasje yn sit. Dêr libje se dan yn in ferskaat oan biotopen, fral yn lintfoarmige lânskipseleminten mei tichte begroeiïng, lykas berms, hagen, houtwâlen en ikkerrânen. Dêrnjonken komme se ek foar yn heger leine greiden en ikkers en yn wyngerds, tunen en leafwâld dat wat fochtich is. Yn nullewâld komme se lykwols mar selden foar. Yn 'e Alpen is de koartearwrotmûs oantroffen oant op 2.300 m hichte.
Hâlden en dragen
De koartearwrotmûs is it hiele etmiel troch om 'e 3 of 4 oeren warber, wêrby't de aktiviteitsperioaden nachts lykwols langer binne as oerdeis. Hy komt fral fanwegen krekt foàr de jûnsskimer, om 'e midsnacht hinne, drekt nei de moarnsdage en midden op 'e dei. Op plakken dêr't er syn ferspriedingsgebiet dielt mei oare soarten wrotmûzen, litte de aktiviteitspiken fan 'e ûnderskate soarten in ferdieling yn tiid sjen, sadat se nea tagelyk op 'e lapen binne. De deistige aksjeradius fan 'e koartearwrotmûs bedraacht oant 50 m, en de totale grutte fan it wengebiet is 50-300 m². Oars as oare wrotmûzesoarten lykje koartearwrotmûzen net botte territoriaal te wêzen; se libje yn groepkes fan 5-10 eksimplaren.
Koartearwrotmûzen kinne rinne en drave as de bêsten, mar klimmen en springen dogge se net in soad oan, en se geane mar selden frijwillich te wetter. Se grave lykwols goed en in protte; dêrfandinne har Latynske namme subterraneus, dat "ûndergrûnsk" betsjut. Ferskûle yn gers en oare boaiemfegetaasje dolle koartearwrotmûzen hoalen dy't oant 40 sm djip binne, mei komplekse gongestelsels en ferskate nêst- en foarrieromten. Ek kreakje se wol hoalen dy't groeven binne troch oare wrotmûzen of mollen. It grutste part fan 'e tiid bringe se ûnder de grûn troch, wêrby't se de yngong fan 'e hoalen by slimme rein ôfslute mei ierdkluten.
De koartearwrotmûs kin him suver it hiele jier troch fuortplantsje. Nei in draachtiid fan sa'n 3 wiken wurdt der dan trochinoar 5 kear jiers in nêst fan 1-5 (meastal in stik as 3) jongen smiten. Dy binne yn 't earstoan dûnkerder fan kleur as folwoeksen eksimplaren, en berikke nei 2-3 wiken geslachtsripens. Der binne fan 'e koartearwrotmûs gjin grutte fluktuaasjes yn 'e populaasjetichtheid bekend, sa't dy bygelyks foarkomme by de fjildmûs (Microtus arvalis). Koartearwrotmûzen hawwe trochinoar in libbensferwachting fan in healjier, mei yn it wyld in maksimum fan 15 moannen. Yn finzenskip kinne se wol 3 jier wurde. It binne swijsume bistkes, mar as se oppakt wurde, protestearje se lûdrôftich mei in fluitsjend piipjen.
Fretten
It dieet fan 'e koartearwrotmûs is frijwol folslein plantaardich, mei fral gerzen en krûden, wêrby't er in foarleafde blike lit foar lânbougewaaksen lykas nôt. Dêrnjonken fret er ek woartels, knollen en moas. Inkeld wurdt dat menu oanfolle mei ynsekten en wjirms. Yn Limburch wurdt er, nei't it skynt, wol fan wortelmuis neamd, fanwegen de gnauspoaren dy't er op dy griente efterlit.
Status
De koartearwrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Oan 'e rânen dêrfan, lykas yn súdlik Nederlân, kin er troch it ferlies fan it lytsskalich kultuerlânskip dêr't er de foarkar oan jout, as kwetsber beskôge wurde. Pleatslik kinne koartearwrotmûzen wat skea feroarsaakje oan lânbougewaaksen as woartels en nôt, en ek wol yn wyngerds en hôven, mar soks kin frij simpel foarkomd wurde troch de boaiemfegetaasje koart te hâlden.
Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van,Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.