De Achterhoeke of de Efterhoeke (Nedersaksysk: Achterhook; Nederlânsk: Achterhoek) is in krite dy't it eastlike part fan 'e Nederlânske provinsje Gelderlân omfiemet. It gebiet stiet ek wol bekend as "De Greefskip" (Nederlânsk: De Graafschap), nei it eardere greefskip Sutfen, al wie dat oanmerklik lytser. De Achterhoeke beslacht it gebiet tusken de rivier de Isel yn it westen, de Alde Isel yn it súdwesten, de Dútske grins yn it suden en easten, en de provinsje Oerisel yn it noarden. Yn it gebiet lizze tsjintwurdich 11 gemeenten:
De befolking fan 'e Achterhoeke sprekt noch foar in grut diel in Nedersaksyskdialekt, it Achterhoeksk. Oars as dat by in protte oare Nedersaksyske dialekten it gefal is, liket it Achterhoeksk de lêste pear desennia wat oan populariteit te winnen, in ûntwikkeling dy't sterk beynfloede is troch de opkomst fan streektaalmuzyk, lykas fan 'e band Normaal.