Die Hard (franchise)

Die Hard
betinker Roderick Thorp
eigner 20th Century Fox
lân Feriene Steaten
begjinjier 1988
einjier 2013
films
langspylfilms Die Hard
Die Hard 2
Die Hard with a Vengeance
Live Free or Die Hard
A Good Day to Die Hard
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
strips ferskaat, sjoch hjirre
offisjele webside
www.diehardmovie.com

Die Hard is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 1988 úteinsette mei de aksjefilm mei deselde namme. Dy wie sa súksesfol dat der fjouwer ferfolchfilms makke waarden, de lêste yn 2013. De filmsearje giet oer John McClane (spile troch akteur Bruce Willis), in resjersjeur by de plysje yn New York, dy't allegeduerigen yn gewelddiedige konfrontaasjes mei behurde kriminelen behelle rekket. McClane waard basearre op Joe Leland, de haadpersoan út in romansearje fan skriuwer Roderick Thorpe, dêr't yn 1966 it earste diel fan ferskynde. Anno 2020 hawwe de Die Hard-films wrâldwiid in opbringst fan $1,4 miljard yn 't laadsje brocht. Njonken de fiif films binne der ek fideospultsjes en strips yn it ramt fan dizze franchise ferskynd.

Boarnemateriaal

Resjersjeur John McClane út 'e Die Hard-films waard as personaazje basearre op 'e privee-detektive Joe Leland, dy't foar it earst ferskynde yn 'e roman The Detective, fan Roderick Thorp, út 1966. Dat boek waard yn 1968 ferfilme as The Detective, mei Frank Sinatra yn 'e haadrol. Thorp syn ferfolchroman Nothing Lasts Forever, út 1979, foarme de basis foar it senario fan 'e earste Die Hard-film.

Films

Die Hard

De Wikipedy hat ek in side Die Hard (film).

Yn Die Hard reizget resjersjeur John McClane (Bruce Willis) op krystjûn út syn wenplak New York ôf nei Los Angeles, om him dêr by syn frou Holly (Bonnie Bedelia) te jaan. Se binne nammentlik koartby faninoar ferfrjemde rekke om't se rûzje krigen hawwe oer Holly har winsk om in karriêre oan 'e oare kant fan it lân nei te stribjen. McClane syn besyk is bedoeld om him mei syn frou te fermoedsoenjen. Mar as er arrivearret yn 'e wolkekliuwer fan it Japanske bedriuw dêr't Holly by wurket, blykt dat yn 'e greep te wêzen fan in binde Dútske kriminelen, û.l.f. in Hans Gruber (Alan Rickman). Dyselden hawwe Holly en alle oare wurknimmers dy't op kantoar in feestje oan it fieren wiene yn ferbân mei de kryst, yn gizeling nommen. McClane skrillet der lykwols net foar tebek om lykme-allinne yn it fierhinne lege gebou de striid mei de bindeleden oan te knoopjen.

Die Hard waard regissearre troch John McTiernan nei in senario fan Jeb Stuart en Steven E. de Souza op basis fan 'e roman Nothing Lasts Forever fan Roderick Thorp út 1979. De film gie op 12 july 1988 yn premiêre, en brocht $140,8 miljoen op tsjin in budget fan $28 miljoen.

Die Hard 2

De Wikipedy hat ek in side Die Hard 2.

Yn Die Hard 2, ek bekend as Die Hard 2: Die Harder, is it wer kryst, twa jier nei de foarfallen yn de earste film. John McClane (Bruce Willis) sil syn frou Holly (Bonnie Bedelia) ôfhelje op 'e Ynternasjonale Lofthaven Dulles yn Washington, D.C., krekt as dêr in kloft hierlingen û.l.f. Stuart (William Sadler), in eardere kolonel by de kommando's, de lofthaven beset. Hja binne betelle om 'e oan 'e Feriene Steaten útlevere Latynsk-Amearikaanske diktator Ramón Esperanza (Franco Nero) te befrijen, waans oankomst mei koarten op Dulles ferwachte wurdt. Mar se hawwe bûten McClane rekkene, dy't syn noas yn saken stekt dy't him eins neat oangeane en sa net inkeld lucht kriget fan 'e plannen fan Stuart en syn mannen, mar ek ûntdekt dat de spesjale kommando-ienheid fan it Amerikaanske Leger dy't stjoerd wurdt om Stuart-en-dy út te skeakeljen, eins mei Stuart ûnder ien tekken skûlet.

Die Hard 2 waard regissearre troch Renny Harlin nei in senario fan Steven E. de Souza en Doug Richardson op basis fan 'e roman 58 Minutes fan Walter Wager út 1987. De film gie op 29 juny 1990 yn premiêre, en brocht $239,5 miljoen op tsjin in budget fan $70 miljoen.

Die Hard with a Vengeance

De Wikipedy hat ek in side Die Hard with a Vengeance.

Yn Die Hard with a Vengeance is John McClane (Bruce Willis) oan legerwâl rekke. Hy is by frou wei, it New York Police Department hat him tydlik út syn funksje as resjersjeur set en it skeelt net folle of hy kin kwalifisearre wurde as in alkoholist. In terrorist dy't himsels "Simon" neamt (Jeremy Irons) driget in legere skoalle yn New York op te blazen as de plysje McClane net meidwaan lit oan in ferwrongen spultsje dat er spylje wol, wêrby't McClane hieltyd frijwol ûnmooglike opdrachten útfiere moat om it libben fan 'e skoalbern te rêden. Yn Harlem rekket de swarte boarger Zeus Carver (Samuel L. Jackson) yn it spultsje betize, wêrnei't Simon him ta McClane syn partner makket. It docht bliken dat "Simon" eins Simon Gruber is, de broer fan Hans Gruber, dy't sân jier earder troch McClane deade is. Simon wol no út wraak McClane dêrfoar boetsje litte. Alteast, sa liket it.

Die Hard with a Vengeance waard, krekt as de earste film, regissearre troch John McTiernan, diskear nei in senario fan Jonathan Hensleigh. Dat hiet oarspronklik Simon Says en wie ek koart yn 'e running foar Lethal Weapon 4. De film gie op 19 maaie 1995 yn premiêre, en brocht $366,1 miljoen op tsjin in budget fan $90 miljoen.

Live Free or Die Hard

De Wikipedy hat ek in side Live Free or Die Hard.

Yn Live Free or Die Hard is John McClane (Bruce Willis) einlings skieden. Teffens is er ferfrjemde rekke fan syn dochter Lucy (Mary Elizabeth Winstead). As er yn opdracht fan 'e FBI hacker Matt Farrell (Justin Long) arrestearret, sadat dy troch de federale resjerzje yn it ferhear nommen wurde kin, fertelt Farrell him dat er ûnbedoeld by in organisaasje fan cyberterroristen belutsen rekke is. Dyselden, dy't ûnder lieding steane fan Thomas Gabriel (Timothy Olyphant) binne fan doel om 'e hiele Amerikaanske ynfrastruktuer lam te lizzen. De terroristen besykje Farrell út 'e wei te romjen en it iennichste dat harren dêrby yn it paad stiet, is McClane. It geëamel oer softwareprogramma's en kompjûtertechnology bliuwt foar McClane lang in fier-fan-myn-bêdshow, mar as de terroristen syn dochter Lucy gizelje, geane by him alle remmen los.

Live Free or Die Hard waard yn Jeropa útbrocht ûnder de titel Die Hard 4.0. De film waard regissearre troch Len Wiseman nei in senario fan Mark Bomback. Dat wie basearre op it artikel A Farewell to Arms, fan John Carlin, dat yn 1997 yn it tydskrift Wired ferskynde. De film gie op 12 juny 2007 yn premiêre, en brocht $388,2 miljoen op tsjin in budget fan $110 miljoen.

A Good Day to Die Hard

De Wikipedy hat ek in side A Good Day to Die Hard.

Yn A Good Day to Die Hard kriget John McClane (Bruce Willis) it berjocht dat syn soan Jack (Jai Courtney), dy't ek al fan him ferfrjemde rekke is, yn Ruslân oppakt is foar moard. Hy reizget nei Moskou ta, dêr't er krekt op 'e tiid arrivearret om mei te meitsjen hoe't it gerjochtsgebou opblaasd wurdt troch Russyske terroristen. Jack ûntsnapt mei in oare finzene, de eardere miljardêr Joeri Komarov (Sebastian Koch), en McClane jout him tsjin Jack syn wil by harren. It docht al rillegau bliken dat Jack eins in CIA-spion is, dy't ta opdracht hat om in bân te foarmjen mei Komarov. It is de Amerikaanske ynljochtingetsjinst te dwaan om 'e ynformaasje dy't Komarov hat oer de kriminele praktiken fan Viktor Tsjagarin (Sergej Kolesnikov), in heechpleatste, mar korrupte Russyske regearingsfunksjonaris. Tsjagarin syn trewanten, dy't oanfierd wurde troch in Alik (Radivoje Bukvić) witte Komarov mei de help fan dy syn eigen dochter Irina (Jûlija Snigir) te pakken te krijen. McClane en Jack efterfolgje harren nei Pripjat, yn 'e Oekraïne, dêr't in klimaktyske konfrontaasje folget.

A Good Day to Die Hard waard regissearre troch John Moore nei in senario fan Skip Woods. De film gie op 31 jannewaris 2013 yn premiêre, en brocht $304,7 miljoen op tsjin in budget fan $92 miljoen.

Fideospultsjes

Yn it ramt fan 'e Die Hard-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:

Strips

Yn it ramt fan 'e Die Hard-franchise binne de folgjende strips ferskynd:

Reklame

Yn oktober 2020 brocht auto-ûnderdieleprodusint Advance Auto Parts in reklamefilmke fan twa minuten út foar de akku's fan it merk DieHard, wêryn't Bruce Willis, De'voreaux White en Clarence Gilyard jr. deselde rollen spilen dy't se ek hiene yn 'e film Die Hard, út 1988. De ferhaalline folget Theo (Gilyard), de eardere kompjûterekspêr fan Hans Gruber, dy't no mei in stikmannich trewanten McClane (Willis) besiket te fermoardzjen. Underwilens wol McClane allinne mar in nije akku bemachtigje ta ferfanging fan 'e stikkene yn syn auto, en dêrby kriget er help fan limûsinesjauffeur Argyle (White).

Crossovers

Bruce Willis wurke ek mei oan inkele crossovers fan syn personaazje John McClane nei oare films. Sa hied er as McClane in komyske cameo yn 'e film Loaded Weapon 1 út 1993. Ek wied er as stimakteur belutsen by The Lego Movie 2: The Second Part, út 2019, wêryn't syn personaazje troch in fentilaasjeskacht krûpt, yn imitaasje fan McClane syn halsbrekkende toeren yn Die Hard.

Sitaat

In bekend sitaat fan Bruce Willis yn syn rol fan John McClane út 'e Die Hard-filmsearje is: "Yippee ki yay, motherfucker!" (útspr.: "jippy kai jee"). Dat seit er tsjin syn fijannen en it betsjut safolle as: "Slyp út, slyp út, kloatsek!" A Good Day to Die Hard, in film dy't fierhinne yn Ruslân spilet, hat as slogan: "Yippee-ki-yay, Mother Russia" (in wurdboarterij op "Yippee-ki-yay, motherfucker!" en "mem Ruslân", sa't de Russen harren heitelân neame).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Die Hard (filmsearje)
Die Hard (1988) • Die Hard 2 (1990) • Die Hard with a Vengeance (1995) • Live Free or Die Hard (2007) • A Good Day to Die Hard (2013)

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!