Detroit

Detroit
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Wayne County
Sifers
Ynwennertal 701.475 (2012)
Oerflak 370 km² (ynkl. wetter)
359,4 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.985 / km²
Stêdekloft 4.292.060 (2012)
Hichte 200 m
Oar
Stifting 1701
Tiidsône UTC -5
Simmertiid UTC -4
Koördinaten 42°19′53″N 83°02′45″W
Offisjele webside
www.detroitmi.gov
Kaart
De lizzing fan Detroit yn Wayne County en de steat Michigan.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Foar oare betsjuttings, sjoch: Detroit (betsjuttingsside).

Detroit, byneamd Motown, is de grutste stêd yn 'e noardlike Amerikaanske steat Michigan, en it is ek it haadplak fan Wayne County, wat de tichtstbefolke county fan Michigan is. Neffens in offisjele skatting hie Detroit yn 2012 goed 700.000 ynwenners, wat mear as 10.000 minder is as yn 2010. Yn it earste desennium fan 'e ienentweintichste iuw wie it ynwennertal fan Detroit al mei 25% omleech gien. As stêdekloft, mei alle foarstêden derby, kaam Detroit yn 2012 op in befolkingsgrutte fan krapoan 4,3 miljoen minsken. De stêd leit oan 'e grins mei Kanada, oan 'e igge fan 'e rivier de Detroit, dy't twa fan 'e Grutte Marren, de Huronmar en de Earymar, mei-inoar ferbynt. As Windsor, yn it Kanadeeske Ontario, oare kant de grins, ek meirekkene wurdt, komt de totale stêdekloft op in ynwennertal fan 5,7 miljoen út.

Detroit is fral bekend fanwege syn omfangrike autoyndustry. De trije grutte Amerikaanske automerken hawwe der harren haadkertier: Ford, General Motors en Chrysler. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw hie de stêd sels hûnderten ûnderskate autofabrikanten. Dêrfandinne syn bynamme, The Motor City, oftewol Motown (in gearlûking fan Motor Town). Tsjintwurdich is Detroit in earsten foarbyld fan 'e saneamde Roastgurdle (Rust Belt), de yn it neigean rekke sintra fan 'e swiere yndustry yn it noarden fan 'e Feriene Steaten. It is mei de stêd al safierhinne kommen, dat it stedsbestjoer Detroit yn 2013 fajyt ferklearje moast.

Skiednis

Detroit waard stifte op 24 july 1701, troch de Frânske ealman en aventurier Antoine Laumet de La Mothe, hear fan Cadillac. De oarspronklike namme wie Fort Ponchartrain du Détroit, mar meitiid bleau inkeld "Detroit" stykjen, dat eins "nau", "strjitte" of "ingte" betsjut, en ferwiist nei it smelle wetter dat de Huronmar mei de Earymar ferbynt (Frânsk: le détroit du lac Erie, "de Strjitte fan 'e Earymar"). Yn dy tiid makke Detroit diel út fan Frânsk Noard-Amearika, dat him hielendal útwreide fan 'e mûning fan 'e Sint-Lourens, yn Kebek, oant de Mississippydelta by New Orleans ta. Tsjin 1765 hie Detroit 800 ynwenners, wat it ta de grutste delsetting makke yn it gebiet tusken Montreal en New Orleans yn. Doedestiden moast it stedsje it frijwol hielendal hawwe fan 'e pelshannel.

Cadillac Square yn 'e 1910-er jierren.

Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch foel Detroit yn 1760 yn Britske hannen. Yn 1796 waard it oan 'e Feriene Steaten oerdroegen ûnder it Jay-Ferdrach, mar yn 1805 waard it frijwol mei de grûn lyk makke troch in grutte brân. Tusken 1805 en 1847 fungearre Detroit as de haadstêd fan Michigan. Yn 'e Oarloch fan 1812 waard it yn 1812 sûnder slach of stjit troch de Britten ynnommen, mar in jier letter troch de Amerikanen werovere. Yn 1815 krige it stedsrjochten. Yn 'e perioade foar de Amerikaanske Boargeroarloch, yn 'e 1840-er en 1850-er jierren, wie Detroit fanwegen syn geografyske posysje, oan 'e Kanadeeske grins, in wichtige tuskenstop foar it saneamde Undergrûnske Spoar, dat negerslaven út it Amerikaanske Suden nei frijheid yn Kanada ta smokkele. Doe't de Boargeroarloch yn 1861 útbriek, namen in protte Detroiters frijwillich tsjinst yn it Noardlike leger. Under harren wie it 24ste Michiganske Ynfanteryrezjimint, dat yn 'e Slach by Gettysburg, yn 1863, 82% ferliezen litte.

Sûnt de 1830-er jierren wie Detroit ûnderwilens stadich trochgroeid, foar in grut part tanksij de opkomst fan 'e binnenfeart oer de Grutte Marren, en de skipsbou en yndustry dy't dêrmei mank gie. Troch syn strategyske posysje, oan 'e iennichste ferbining tusken twa fan 'e Grutte Marren, koe Detroit dêr maksimaal fan profitearje. Dy transportfasiliteiten lokken ek oare bedriuwen nei Detroit ta, lykas ferskate rydtúchfabrikanten. En de oanwêzigens dêrfan wie wer de reden dat Henry Ford yn 1896 syn earste automobyl yn Detroit yninoar nifele. Yn 1903 rjochte er syn Ford Motor Company op, dy't al rillegau konkurrinsje krige fan oare iere autoprodusinten, lykas Dodge, Packard en Chrysler. Mei de komst fan 'e grutte autofabriken waard de stêd yn 'e iere tweintichste iuw ek in sintrum fan fakbûnsaktivisme, mei oanfierders as de letter min oan syn ein kommen Jimmy Hoffa.

Troch de Drûchlizzing waard Detroit fan 1920 oant 1933 fierders in sintrum fan 'e alkoholsmokkel út Kanada wei. Yn dyselde snuorje fêstigen har almar mear Afro-Amerikanen út it Suden wei yn 'e stêd, wylst ûnder de blanke ynwenners de rasistyske Ku Klux Klan hieltyd mear oanhing krige. De spannings kamen ta in útbarsting yn 'e Rasse-opskuor fan Detroit, yn 1943, dêr't yn trije dagen fan gefjochten 34 minsken by omkamen, 25 swarten en 9 blanken. Likernôch 600 minsken rekken ferwûne. Yn 'e fyftiger jierren waarden de lêste selsstannige automakkers, lykas Packard en Hudson, oernommen troch de trije grutten Ford, Chrysler en General Motors, dy't dêrmei in oligopoalje op 'e Amerikaanske autoyndustry wisten te krijen.

Ien fan 'e tûzenen ûnbewenne en fuortrotsjende huzen yn Detroit.

Under de Swarte Boargerrjochtebeweging, yn 'e fyftiger en sechstiger jierren, ûntstiene der yn Detroit almar wer gewelddiedige konfrontaasjes tusken demonstrearjende swarte jongerein út 'e binnenstêd en de plysje. Uteinlik kulminearren dy yn 1967 yn 'e Opskuor fan Detroit, wêrby't earst de Nasjonale Garde en doe sels it leger ynset waard om 'e rebûlje te smoaren. It resultearre yn 43 deaden, 467 ferwûnen, mear as 7.200 arrestaasjes en rom 2.000 útbaarnde gebouwen. Oan 'e oarsaken fan 'e opskuor waard lykwols neat dien, en de troffen wiken leine der desennialang ferrinnewearre hinne, al waard yn 1974 Coleman A. Young keazen ta de earste swarte boargemaster fan Detroit.

It Finansjele Distrikt fan Detroit.

Yn 'e tachtiger en njoggentiger jierren waard besocht mei renovaasjeprojekten de Detroitske binnenstêd op te knappen. Der waarden trije grutte kasino's boud, dêr't in soad jild mei fertsjinne waard, mar oer it algemien wie it ferfal fan Detroit net te kearen. Fan in hichtepunt om 1950 hinne, doe't de stêd in befolking fan 1,8 miljoen minsken hie, is it ynwennertal ynsakke ta goed 700.000 (2012), wat minder as 40% dêrfan is. Tusken 2000 en 2010 ferlear Detroit in fjirdepart fan syn befolking. Troch dy leechrin giene de belestingynkomsten foar it stedbestjoer navenant omleech, wat ta in ferskrieling fan 'e foarsjennings en tsjinsten late (plysje, brânwacht en ambulânse net útsûndere), wat noch wer mear minsken fuortjage, ensfh. Fan gefolgen waard Detroit op 18 july 2013 de grutste Amerikaanske stêd dy't ea it bankrot oanfreegje moatten hat.

Ynfrastruktuer

Detroit hat in metrostelsel dat bekend stiet as de Detroit People Mover. Yn 'e stêd wurde ferskate kranten útjûn, wêrûnder de Detroit Free Press, it Detroit News, The Metro Times en The Michigan Citizen. Fan 1914 oant en mei 2018 ferskynde der ek in Nederlânsktalige krante, de Gazette van Detroit.

It fuortroastkjende âlde Packard-autofabryk.

Susterstêden

Demografy

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Detroit yn 2012 in befolking fan 701.475 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.985 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Detroit 10,4% âlder as 65 jier en 31,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 39,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst likernôch 33% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

De fersprieding fan 'e ynwenners fan Detroit nei etnisiteit neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010. Eltse stip jout 25 minsken wer:
     blanken
     swarten
     Aziaten
     Latino's
     oaren

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 82,7% swarten; 7,8% blanken; 6,8% Latino's; 1,1% Aziaten; 1,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De Iepenbiere Bibleteek fan Detroit.
De Ambassador Bridge oer de rivier de Detroit tusken Detroit en Windsor (Ontario).
It Belle Isle Casino.
It Anna Scripps Whitcomb Conservatory, in botanyske tún dy't yn 1904 iepene is.

Berne yn Detroit

Stoarn yn Detroit

Klimaat

Detroit hat in fochtich lânklimaat, mei waarme oant hjitte simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 0 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 24 july 1934 en –29 °C op 21 jannewaris 1984. Detroit kriget jiers trochinoar 850,1 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 108 sm snie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!