De Earymar (Ingelsk: Lake Erie; Frânsk: Lac Érié), is ien fan 'e fiif Grutte Marren fan eastlik Noard-Amearika, mei in oerflak fan 25.667 km². It djiptegemiddelde is 19 m, mei in djipste punt op 64 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 92 km, en op it langste punt 388 km. De Earymar is op 'e Ontariomar nei de lytste fan 'e fiif Grutte Marren.
De mar is neamd nei de Eary (Erie), in no sa goed as útstoarn Yndiaansk folk dat de krite besuden de mar bewenne yn 'e tiid dat de earste Frânskeûntdekkingsreizgers dit diel fan Noard-Amearika besochten.