De gebieten bewenne troch de BrytoanyskeKelten yn 'e 6e iuw. De see wie foar harren net in barriêre, mar eat dat it mooglik makke om kontakten te ûnderhâlden.
Fan 'e njoggende iuw ôf hat der sprake west fan in oanhâldende ferskowing fan 'e eastlike taalgrins fan it Bretonsk nei it westen ta, yn it neidiel fan it Bretonsk en yn it foardiel (alteast oant yn 'e njoggentjinde iuw) fan it Gallo. Op 't heden rint dy taalgrins fan Plouha oan noardkust mei in flauwe S-bocht dwers troch Bretanje nei it Rhuys-skiereilân oan 'e súdkust. It Bretonsktalige diel fan Bretanje, oftewol de útein fan it skiereilân, wurdt Neder-Bretanje neamd, wylst it Gallotalige diel Opper-Bretanje hjit.
De krekte skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûnbekend, hoewol't wol dúdlik is dat it barren yn it ramt fan it Grutte Folkeferfarren pleatst wurde moat. Midsiuwske Bretonske, Anzjevynske en Welske boarnen lizze in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglik mytyske figuer fan Conan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen in prins dy't mei in leger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e Romeinske usurpatorMagnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'e keizerstroan krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch de greven fan Anzjû, dy't harren ôfstamming weromfolgen nei in Romeinsk ofsier fan keizerGratianus (de fijân fan Magnus Maksimus). Dyselde soe troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarika ferballe wêze.
It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'e fyfde en sechsde iuw, as direkt gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Dêrfoar naam nammentlik in diel fan 'e bewenners fan it súdwesten fan dat eilân de wyk nei feiliger gebiet oersee. Histoarisy lykas Léon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fan soldaten en harren húshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'e fjirde iuw, en letter in gruttere weach fan flechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje yn 'e fyfde en sechsde iuw. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan in Keltyske taal (hoewol Eilânkeltysk ynstee fan Lânkeltysk) op it skiereilân dat neitiid Bretanje kaam te hjitten.
De tebekgong fan it Bretonske taalgebiet yn kaart brocht.
Pas troch de Frânske Revolúsje fan 1789 kaam de posysje fan it Bretonsk as sprektaal fan it miene folk faai te stean. De Revolúsje droech nammentlik njonken de ideälen fan frijheid, gelikensens en bruorskip ek in nije nasjonale filosofy út, dy't hawwe woe dat alle Frânsen ien folk foarmen. Foar etnyskeminderheden en minderheidstalen wie yn it nije Frankryk gjin romte mear. Nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen waard dêrom yn 'e njoggentjinde iuw besocht om fia it ûnderwiis alle sprekkers fan minderheidstalen oergean te litten op it Frânsk. Skoalbern waarden bgl. op 'e skoallen yn Bretanje troch de ûnderwizers swier bestraft as se har memmetaal sprieken. It wie de bedoeling dat it Bretonsk en de Bretonske kultuer sa gau mooglik folslein útrûge wurde soene, sadat de Bretonnen yn 'e etnysk Frânske befolkingassimilearre wurde koene. Ferneamd binne de buordsjes wurden yn 'e skoallen mei de tekst "Il est interdit de parler breton et de cracher par terre." ("It is ferbean om Bretonsk te sprekken en op 'e flier te spuien.") Soks waard troch de Frânske steat as frijwol itselde beskôge. Dit belied hold oant de 1960-er jierren oan.
Hoewol't it útrûgjen net slagge, waard oan 'e maatskiplike posysje fan it Bretonsk al in swiere slach tabrocht. Mids tweintichste iuw waard it Bretonsk yn Neder-Bretanje noch rûnom sprutsen, mar likegoed kaam it der al raar foar te stean om't âldelju de taal net mear oerdroegen oan harren bern. Dy ûntjouwing ûntstie op basis fan 'e mispleatste opfettings dat de bern mear kinne soene mei in Frânsktalige opfieding en dat in Bretonsktalige eftergrûn harren allinne mar behinderje soe by it opbouwen fan in goed libben. Yn 1930 wiene der 1,3 miljoen minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hiene. Yn 1950 wiene der noch 1 miljoen memmetaalsprekkers, fan wa't 100.000 it Frânsk net machtich wiene. Yn 2007 wie it tal memmetaalsprekkers fan it Bretonsk yn Bretanje sakke nei 210.000 minsken.
It Ofis Publik ar Brezhoneg, koartwei it Ofis ar Brezhoneg ("Buro foar it Bretonsk") is in oerheidsynstânsje dy't yn 1999 oprjochte waard troch de regio Bretanje om it gebrûk fan it Bretonsk oan te fiterjen.
De iennichste offisjele taal fan 'e Frânske Republyk is it Frânsk. Gjin inkele minderheidstaal genietet boppedat yn Frankryk op nasjonaal nivo erkenning. Dêrmei is it Bretonsk de iennichste Keltyske taal wêrfan't it bestean anno 2020 noch net erkend is. Yn july2008 waard de tekst fan 'e Frânske Grûnwet oanpast. De sin "De taal fan 'e Republyk is it Frânsk," bleau stean, mar dêr waard kêst 75-1 oan tafoege, dat stelt: "de streektalen hearre ta it erfskip fan Frankryk." Dy tekst is lykwols sa dizenich dat it wol fan alles betsjutte kin, en der waard gjin inkele ferplichting oan taheakke om dat 'erfskip' foar it neislachte te behâlden.
De ferdieling fan 'e Bretonsksprekkers nei absolute oantallen oer de histoaryske dielen fan Bretanje.
Yn 2004 binne it Bretonsk en it Gallo troch de folksfertsjintwurdiging fan 'e regio Bretanje wol erkend as langues de Bretagne ("talen fan Bretanje"). Mar dat is winliken inkeld in symboalyske erkenning, mei't de Frânske oerheid noch altyd tige ôfwizend stiet foaroer help oan of erkenning fan minderheidstalen.
Tal sprekkers
Neffens sifers út 2007 wiene der doe noch 226.000 memmetaalsprekkers fan it Bretonsk. Dêrfan wennen 210.000 yn 'e regio Bretanje en it departemintLoire-Atlantique, gebieten dy't tegearre it histoaryske Bretanje foarmje. Dy lju meitsje dêr 4,7% fan 'e befolking út. Neffens gegevens út 1999 spriek doe noch 12% fan alle folwoeksenen yn it histoaryske Bretanje Bretonsk, mar dêrby wiene twadde-taalsprekkers meirekkene. Nochris 16.000 oare memmetaalsprekkers fan it Bretonsk wennen yn 2007 om utens yn 'e stêdekloft fan Parys. Twadde-taalsprekkers meirekkene waard it Bretonsk yn 2008 sprutsen en ferstien troch tusken de 300.000 en 500.000 minsken. Dêrby moat oantekene wurde dat it meastepart fan 'e sprekkers ta de âlderein heart: yn 2007 wie 61% âlder is as 60 jier. Dêrtroch buorket it mei it Bretonsk hurd efterút. Oan 'e oare kant is it persintaazje skoalbern dat Bretonske lessen folget, tusken 2006 en 2012 mei 33% omheech gien nei 14.709.
It Bretonsk hat fjouwer ûnderskate dialekten: it Fanneteesk (Bretonsk: Gwenedeg; Frânsk: Vannetais), it Kernevysk (Bretonsk: Kerneveg; Frânsk: Cornouillais), it Leönaarsk (Bretonsk: Leoneg; Frânsk: Léonard) en it Tregorreesk (Bretonsk: Tregerieg; Frânsk: Trégorrois). It Leönaarsk wurdt yn it uterste noardwesten fan it skiereilân Bretanje sprutsen, yn 'e omkriten fan Saint-Pol-de-Léon. It Tregorreesk wurdt fuort beëasten dêrfan sprutsen, oan 'e noardkust yn 'e krite fan Tréguier. It taalgebiet fan it Kernevysk beslacht in grutter oerflak besuden de beide oare dialekten yn 'e westpunt fan it skiereilân, mei as sintrum de stêd Quimper. Ek op it grutte eilânBelle-Île, yn 'e Golf fan Biskaje, wurdt Kernevysk sprutsen. Kernevysk, Tregorreesk en Leönaarsk foarmje in stadich yninoar oerrinnend dialektkontinuum mei in protte soartgelikense wurdfoarmen. Se binne sadwaande ûnderling goed fersteanber. It fjirde dialekt, it Fanneteesk, dat oan 'e súdkust fan Bretanje sprutsen wurdt mei as sintrum de stêd Vannes, wykt frij sterk fan 'e oare dialekten ôf en is foar de sprekkers fan dy dialekten net of mar amper fersteanber.
Skrift en stavering
It Bretonsk wurdt lykas frijwol alle talen yn West-Jeropaskreaun yn it Latynske alfabet. De grûnslach foar de Bretonske stavering waard begjin njoggentjinde iuw lein troch Jean-François Le Gonidec. De earste moderne stavering dy't foar Bretonsk betocht waard, wie de saneamde KLT-stavering fan 1911. Dy gie út fan 'e útspraak fan it Kernevysk, it Leönaarsk en it Tregorreesk, mar liet it ôfwikende Fanneteesk bûten beskôging. Mei't soks net foldie, waard yn 1941 in kompromisstaveringssysteem betocht, dat de KLT-stavering feriene mei de Fanneteeske stavering. It meast opfallende ûnderdiel fan dy Peurunvan oftewol "Folslein Feriene Stavering" wie de saneamde Bretonske zh, dy't de -z fan 'e trije westlike en noardlike dialekten kombinearre mei de korrespondearjende -h út it súdlike Fanneteesk. Men komt de Bretonske zh bgl. tsjin yn 'e Bretonske namme foar 'Bretanje', Breizh, dy't op twa ferskillende manearen útsprutsen wurde kin. Yn it Kernevysk, Leönaarsk en Tregorreesk seit men fan [bʀɛjs] (likernôch: "bcheis"), stavere as Breiz, wylst men yn it Fanneteesk seit fan [bʀɛχ] (likernôch: "bchech"), stavere as Breih. De stavering Breizh kin dan op beide manearen útsprutsen wurde (krekt sa't de stavering fan wurden as "laitsje" en "heit" yn Wâldfrysk oars útsprutsen wurde as yn it Klaaifrysk, mar dochs itselde skreaun wurde).
De Peurunvan-stavering waard nea botte populêr mank Bretonskskriuwers om't de sprekkers fan gjin inkel dialekt harsels der eins yn werkenden. Yn 1955 stelden François Falc'hun en in groep meistanners in nije stavering foar, de Skolveurieg of "Universiteitsstavering", dy't de skriuwwize fan it Bretonsk op dy fan it Frânsk basearre. Dy stavering krige fan 'e Frânske oerheid erkenning as de 'offisjele stavering fan it Bretonsk', mar yn Bretanje sels woe hast nimmen der wat fan witte, om't it as in ûnakseptabele fierdere beynfloeding fan it Bretonsk troch it Frânsk sjoen waard. Tsjintwurdich meitsje inkeld it tydskriftBrud Nevez en de útjouwerijEmgléo Breiz noch gebrûk fan 'e Skolveurieg. Tusken 1971 en 1974 waard wer in oare stavering ûntwurpen, de Etrerannyezhel of "Ynterdialektale Stavering", basearre op 'e histoaryske foarmen fan wurden. Dy krige lykwols nea in foet oan 'e grûn. Tsjintwurich makket de grutte mearderheid fan 'e Bretonske auteurs gebrûk fan 'e Peurunvan, as bêste fan in tal minne opsjes, en dy stavering wurdt no ek op 'e measte skoallen ûnderwiisd.
Bretonsk alfabet
It Bretonsk makket gebrûk fan in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet mei 25 letters. De c, q en x komme net foar, mar ch en c’h foarmje selsstannige letters.
Aa
Bb
Chch
C’hc’h
Dd
Ee
Ff
Gg
Hh
Ii
Jj
Kk
Ll
Mm
Nn
Oo
Pp
Rr
Ss
Tt
Uu
Vv
Ww
Yy
Zz
Fonology
Fokalen
It Bretonsk hat tsien fokalen, in oantal dat lykwols inkeld yn 'e útspraak ta utering komt, en net yn 'e stavering. De [a] (a fan "rak") en de [ɑ] (a fan it Hollânskebak, dy't justjes mear nei de o fan "hok" niget) wurde allebeide skreaun as a. De [ɛ] (e fan "lek") en de [e] (ee fan "leek", mar koarter oanholden) wurde allebeide skreaun as e. De [o] (o fan "bok") en de [ɔ] (o fan "hok") wurde allebeide skreaun as o. De [œ] (u fan "put") en de [ø] (eu fan "leuk") wurde allebeide skreaun as eu. Fierders binne der noch de [i] (y fan "wyt"), skreaun as i; de [y] (ú fan "tút"), skreaun as u; en de [u] (û fan "tûk"), skreaun as ou. Yn it Fanneteesk komt fierders ek noch de sjwa of reduksjefokaal [ə] (e fan "gewoan") foar.
De [a], [ɛ], [e] en [ɔ] komme inkeld as koarte fokalen foar, de [ɑ] komt inkeld foar as in lange fokaal, en de [i], [o], [u] en [y] komme sawol koart as lang foar. Alle fokalen kinne ek yn nasale foarm foarkomme; soks wurdt yn 'e stavering ta utering brocht troch de stomme letterñ, dy't sels net útsprutsen wurdt, mar de nasaliteit fan 'e foargeande fokaal werjout. Twalûden dy't yn alle dialekten foarkomme, binne aou [ɔʊ] (o fan "hok" folge troch û fan "rûch"), ei (ei fan "bei" mei Wâldfryske útspr.), eeu [eø] (e fan "leek" folge troch eu fan "leuk"), eü [ey] (ee fan "leek" folge troch ú fan "tút"), eue (eu fan "leuk" folge troch e fan "leek"), oe [ɔɛ] of [wɛ] (o fan "hok" folge troch e fan "lek" of w fan "skowe" folge troch e fan "lek"), oü [oy] (o fan "bok" folge troch ú fan "tút") en ui [ɥi] (w fan "skowe" folge troch y fan "wyt").
Oare fokaalkombinaasjes hawwe ferskillende útspraken, lykas où, dat yn it Leönaarsk útsprutsen wurdt as [u] (û fan "rûch"), yn it Tregorreesk en Kernevysk as [o] (o fan "bok") en yn it Fanneteesk as as [ø] (eu fan "leuk"), [ow] (likernôch oo fan "slachboom") of [aw] (likernôch au fan "lau"). Kapkes op fokalen jouwe oan dat it in lange fokaal is, mar feroarje de útspraak fierders net, lykas yn â [ɑː] of ôa [oːa].
a fan "bak" aa fan "kaak", mar wat fierder nei in ô-klank niigjend
e
[ɛ] [e] (Fanneteesk ek [ə])
e fan "lek" ee fan "leek", mar koarter oanholden (e fan "gewoan")
i
[i] [iː]
y fan "wyt" ii fan "wiid"
o
[o] [ɔ] [oː]
o fan "bok" o fan "hok" oo fan "rook"
ou
[u] [uː]
û fan "rûch" û fan "sûch"
u
[y] [yː]
ú fan "tút" ú fan "drúf"
Konsonanten
Fan 'e Bretonske konsonanten hawwe b, d, f, h, k, l, m, n, p, s, t, v en z deselde útspraak as yn it Frysk. Beskate oare klanken dy't yn it Frysk ek foarkomme, wurde yn it Bretonsk skreaun mei ch (sj fan "sjippe"), g (g fan "goed"), gn (nj fan "njonken"), gw (de begjinklank fan "goarre"), j (zj fan "bagaazje"), kw (kw fan "kwartsje"), w (w fan "skowe"), en y (j fan "jas"). Krekt as it Nederlânsk en Frysk, mar oars as it Ingelsk, hat it Bretonsk einûntstimming, wêrby't stimhawwende klanken oan 'e ein fan wurden stimleas wurde (yn it Frysk seit men "reade" mei in [d], mar "read" mei in [t]). Dat betsjut dat letters as b, d, g en z yn it Bretonsk oan 'e ein fan wurden klinke as p, t, k, resp. s.
De c’h hat ferskillende útspraken: yn wurdinisjale posysje [h] (h fan "hin"), yn wurdeinige posysje [x] (ch fan "berch") en midden yn wurden [x] yn it Kernevysk en Tregorreesk, [ɣ] (g fan "bûge") yn it Leönaarsk en [h] yn it Fanneteesk. De zh wurdt yn it Kernevysk, Tregorreesk en Leönaarsk útsprutsen as [z] (z fan "raze"), mar yn it Fanneteesk as [h] (h fan "him"). De Bretonske r is tsjintwurdich faak de breikjende r dy't yn it Frânsk ek brûkt wurdt, mar yn konservative dialekten yn 'e punt fan it skiereilân is de útspraak noch [r] (de rôljende r út it Frysk).