It Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (YFA) is in notaasjestelsel foar de lûden dy’t in de minsklike spraak foarkommen. Dit is foar it meastepart grûnfêste op it Latynske alfabet.
Yn de Utwreide YFA is noch in heule rige diaktretyske tekens byfoege om lytse spraakferskillen oan te jaan. Der bestiet ek in útklaaide YFA yn ASCII-tekens: SAMPA. It YFA wurdt benammen brûkt troch taal- en spraakkundigen.
Skiednis
Yn 1886 hat in groep Frânske en Britske taaldosinten, ûnder lieding fan Paul Passy, it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet opsetten. Dizze organisaasje hat it earste Fonetysk Alfabet gearstalt. It earste alfabet wie op it Romaanske Alfabet grûnfêste, mar om it stelsel brûkber te krijen foar alle talen koe dit fan taal ta taal feroare wurde. Sa is de klank [ʃ] bygelyks oarspronklik mei <c> oanjûn yn it Ingelsk, mar mei <x> yn it Frânsk. Yn 1888 is it alfabet lykwol oanpost om dit foar alle talen lyk te krijen.
Sûnt it opstelle fan it alfabet is dizze mear as iens feroare. Benammen yn 1900 en 1932 waarden grutte oanpassings dien. Nei 1932 bleaun it alfabet oant 1989 net feroare. Yn 1993 fûn der in lytse oanpassing plak. Njonken it tafoege en fuorthelje fan symboalen, hawwe de symboalen faak ek oare nammen krigen.
It hjoeddeiske alfabet is grûnfêste op it Latynske alfebet, en makke sa min mooglik gebrûk fan net-Latynske symboalen. Alhoewol’t it alfabet mear as 100 symboalen befettet foar klanken, hoege se net allegear tagelyk brûkt te wurden.
Letters
De letters fan it alfabet binne rûchwei ûnderferdield yn trije groepen: Pulmonyske bylûden, net-pulmonyske bylûden en lûden.
Pulmonyske bylûden
In pulmonyske bylûd is in bylûd dy’t foarme wurdt troch de loft út de longen te stjitte ynstee fan de glottis of mûle. Binne dizze groep wurde lûden ûnderferdield nei artikulaasjepunt en manear fan artikulaasje:
It Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet dielt de bylûden neffens de posysje fan de tong by it úsprekken.
Lûden sûnder symboalen
Noch net alle lûden hawwe yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet in symboal krigen.
De lege fjilden kinne sûnder in soad muoite ynfolt wurde bywannear’t dat ea nedich is. De symboalen foar nije bylûden wurde faak foarme troch de symboalen foar al besteande bylûden eat oan te passe.
Toansoarten
De “e” kin ferfong wurde.
toanletter yn YFA
Fryske toan
útlis
e˥
éé
ekstra heech
e˦
ée
heech
e˧
ee
midden
e˨
èe
leech
e˩
èè
ekstra leech
eː
ee-
lange toan
eˑ
?
heallange toan
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!