It Grutte Folkeferfarren is de beneaming foar de folksmigraasjes fan de 4e oant de 6e iuw. Oan dat ferfarren diene fral Germaanske folken mei, mar ek oare folken. It ferfarren fan de folken gie út it easten en suden fan Jeropa nei it westen ta en soe de ûndergong fan it Romeinske Ryk as gefolch hawwe.
Oanlieding en betsjutting
It grutte folkeferfarren wie yn de neidagen fan it West-Romeinske Rijk, in tiidrek dat tradisjoneel as it begjin fan de Midsiuwen sjoen wurdt. De 'ynfallen' fan de 'barbaarske' folken waarden feroarsake troch de oplûkende Hunnen dy't mei harren komst oare folken bûten de grinzen fan it Romeinske ryk opjagen. Oanlutsen troch de rykdommen fan it polityk ferswakke West-Romeinske Ryk lutsen fan de 4e iuw ôf meastentiids Germaanske stammen (troch de Romeinen barbaren neamd) West-Romeinsk gebiet binnen.
Dy ynfallen hienen net altyd in gewelddiedich karakter. Al yn de 3e iuw sleaten de Romeinen ferdraggen mei de barbaren oan de oare kant fan de grins. Yn dy ferdraggen waard bepaald dat de barbaren yn it ryk wenje mochten at se de Romeinske wetten respektearren. Troch de Romeinen waarden dy barbaarske folken brûkt as buffersône tsjin oare ynkringers. Sa kamen ûnder mear de Salyske Franken yn Taksandrje (de Kempen) it ryk yn. Letter soenen sy har útwreidzje oant Doarnik. Rillegau koenen dy barbaren opklimme yn de maatskippij troch it Romeinske leger. Yn it earstoan waarden se yndield yn aparte helptroepen, de auxilia, mar letter ek by de reguliere troepen. Ein 4e iuw ferdigene Stilicho, soan fan de kening fan de Fandalen, as generaal it Ryk tsjin de binnenfallende Fisigoaten.
De lêste West-Romeinske keizer waard yn 476 troch de Germaanske kriichshear Odoaker, foarmiel in 'generaal' yn it Romeinske leger, ôfsetten. De keninkriken dy't de Germanen stiften hawwen op de oerbliuwsels fan it West-Romeinske Ryk de grûn foarmen foar de maatskiplike oarde fan it Midsiuwsk Europa. Hoewol't de Germanen de politike macht oernamen waarden sy binnen inkele generaasjes yn taal en gewoanten folslein assimileare mei de Romeinske befolking.
De Hunnen wienen Aziatyskenomaden dy't raar ferneamd wienen om harren wreedheid. Yn 450 foelen se ûnder lieding fan AttilaGalje binnen. Yn 451 waarden se ferslein op de Katalaunyske Fjlden tsjin in leger dat bestie út Germanen en Romeinen en dat oanfierd waard troch ien fan de lêste 'Romeinske' generaals fan betsjutting: Aetius.
Ynvaazje fan Galje, Hispanje en Afrika
De Eastlike Germanen (de Fandalen, Sueven en Allemannen) stutsen yn de nacht fan 31 desimber406 de Ryn oer en rukten op nei it suden. De Fandalen lutsen plonderjend troch Galje en stutsen yn 409 de Pyreneeën oer. Ûnder de druk fan de Fisigoaten lutsen se hieltyd fierder nei it suden. Yn 429 stutsen se oer nei Marokko, úteinlik stiften se in keninkryk (it Fandaalske ryk) yn Noard-Afrika mei as sintrum Kartago. Hjir bouden se gau in fleat op en spesjalisearren harren yn piraterij. Hast in iuw lang wienen de Fandalen de skrik fan de Middellânske See. Yn 455 plonderen se sels Rome. Uteinlik yn 533 waarden se ferslein troch de East-Romeinske fjildhear Belisarius. De Sueven lutsen in stik mei de Fandalen op en fêstigen harren yn Noard Spanje en Portegal, wêr't se letter ferslein waarden troch de Fisigoaten.
De Salyske Franken by einbeslút, kamen it Romeinske Ryk binnen yn Taksandrje yn 358. Yn 440 stiften se in keninkryk mei as sintrum Doornik. Se wreiden harren ryk hieltyd fierder út nei it suden, ûnder Gilderik oant de Somme, letter ûnder Klovis oan de Loire ta. By it ferstjerren fan Klovis yn 511 hienen se hast de hiele provinsje Galje ûnder kontrole dat tenei 'Frankryk' hjitte soe, it Ryk fan de Franken. Klovis hearde ta de earste dynasty fan dit Ryk fan de Franken: de Merovingyske dynasty.