De namme Beets is de assimileare Fryske foarm foar "beek", itjinge in natoerlike wetterrin betsjut. Ferlykje hjirmei de nammen Ald- en Nij Beets De namme kaam foar yn 1435 foar as van der Beetze, yn 1480-1481 as Beets, yn 1514 as Beetsch, yn 1575 as Ter Beeks, en yn 1680 (werprintinge yn 1745) as Beets.[2]
It plak lei yndie oan in wetter, de Korsloot, in âlde natoerlike ferbining fan de Beemster mei de Sudersee. Dy iepen ferbining waard yn de 14e iuw tichtmakke troch it oanlizzen fan in daam op it plak fan it hjoeddeistige doarp Schardam, dy't it wetter fan de Sudersee bûtendoar hâlde moast. Sûnt it drûchmeitsjen fan de Beemster yn de 17e iuw tsjinnet de Korsloot foar in part as ringfeart fan dy polder. De Beetser doarpswei, dy't winliken in dyk is, beskerme de dêr benefter lizzende polder Beetskoog tsjin it wetter fan de Beemster en Korsloot. De earste dyk om de Beetskoog waard yn 1304 oanlein.
Om 1360 hinne waard de earste stiennen tsjerke boud. De hjoeddeistige krústsjerke komt fan de 15e iuw en hat in lytse toer op tek. De toerklok, in Hemony is fan 1650. It doarp waard sûnt de Reformaasjeprotestantsk.
It eardere gemeentewapen hat trije inoar krusende hammers. Dat soe mooglik ferbân hâlde kinne mei de oanwêzigens fan skipstimmerbedriuwen yn it ferline, dochs is net alhiel wis.