It Westerlauwersk Frysk ûntwikkele him ta it Midfrysk, dat tusken 1550 en 1820 sprutsen waard. Ut dat tiidrek binne net in soad teksten bewarre bleaun, om't it Frysk doedestiden mar kwealk skreaun waard. Wol datearret it wurk fan 'e grutte skriuwerGysbert Japiks (1603-1666) út dy snuorje. Fan 1820 ôf wurdt it Nijfrysk sprutsen, wêrfan't de ûntjouwing gearfalt mei it nije brûken fan it Frysk as skriuwtaal, lykas troch de bruorren Halbertsma mei harren Rimen en Teltsjes. Troch in proses fan oanhâldende standerdisaasje is yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw in Westerlauwersk Fryske standerttaal ûntwikkele, it saneamde Standertfrysk, dat op 'e skoallen ûnderwiisd wurdt. Ferskate ôfwikende Westerlauwerske rânedialekten, lykas it Hylpersk en it Skiermûntseagersk, hawwe oan dy standerttaal part noch diel hân.
Klassifikaasje
De Fryske talen hearre ta de Noardwestgermaanske taalkloft, dy't ek de nau besibbe Angelsaksyske talen omfettet, mei dêrûnder it Ingelsk. Men wol wol hawwe dat it (Westerlauwersk) Frysk de taal is dy't it naust oan it Ingelsk besibbe is, mar noch ôfsjoen fan it feit dat men dêrby foarbygiet oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, is dat al lang net mear wier. Yn 'e Midsiuwen wiene it Aldfrysk en it Aldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid.
Neffens gegevens út 2004 sprieken doe yn Nederlân likernôch 500.000 minsken it Westerlauwersk Frysk as memmetaal, wêrfan 347.000 yn 'e provinsje Fryslân, 3.000 yn it GrinslannerWesterkertier en de rest om utens yn oare dielen fan it lân. Dêr kamen noch 80.000 oant 100.000 Fryske lânferhuzers yn oare dielen fan 'e wrâld by, wat it totaal op sa'n 600.000 brocht. Yn in Ingelsktalige publikaasje út 1976 wurdt it tal sprekkers fan it Westerlauwersk Frysk yn Nederlân op 700.000 rûze,[1] mar dêrby is nei alle gedachten gjin ûnderskie makke tusken memmetaalsprekkers en lju dy't it Frysk letter as twadde of trêde taal oanleard hawwe.
Ferlykje de folgjende wurden yn it Westerlauwersk Frysk, it Sealterfrysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it Mooring-dialekt) en it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it Fering-dialekt).
↑Stephens, Meic, Linguistic Minorities in Western Europe, Llandysul, 1976 (Gomer Press), s. 567.
↑Fort, Marron C., Das Saterfriesische, yn: Haider Munske, Horst, en Århammar, Nils, Handbuch des Friesischen – Handbook of Frisian Studies, Tübingen, 2001 (Niemayer): "Gegenwärtige Schätzungen schwanken zwischen 1.500 und 2.500."