Gysbert Japiks

Gysbert Japiks
skriuwer
Gysbert Japiks (1937), skildere troch Matthijs Harings.
Gysbert Japiks (1937), skildere troch Matthijs Harings.
persoanlike bysûnderheden
berne 1603
berteplak Boalsert
stoarn 1666
stjerplak Boalsert
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Moralisearjende twaspraken, brulloftsfersen, kristlike lyryk, Neolatynsk dichtwurk, klassistyske proaza, psalberimingen
perioade renêssânse, barok
bekendste
  wurk(en)
Fryske tsjerne (1640)
Fryske Rymlerye (1668)
útjouwer Samuel fen Haringhouk, Boalsert
jierren aktyf 16391666
offisjele webside
www.gysbertjapicx.frl

Gysbert Japiks (Boalsert, 1603 - dêre, 1666) wie in Frysk skriuwer, dichter, taalgelearde, skoalmaster en foarsjonger. Hy is ferneamd wurden troch syn dichtwurk.

Japiks libbe op 'e grins fan renêssânse en barok en dy oergong is ek yn syn wurk te merkbiten. Hy ûntwikkele nei it ferfal fan 'e Aldfryske taaltradysje in nije Fryske kultuertaal. Dêryn skoep er sawol proaza as poëzij. Syn fersen skreau er – lykas yn dy perioade gebrûklik – foaral om sjonge te kinnen. By syn libben waard de Fryske tsjerne útjûn, twa jier nei syn dea ferskynt syn samle wurk yn de Fryske Rymlerye.

Nei him is de wichtichste Fryske literatuerpriis, de Gysbert Japicxpriis, beneamd. Gysbert Japiks is opnommen yn 'e kanon fan de Fryske skiednis. De talrike werprintingen fan syn wurk meitsje Japicx ta ien fan de meast lêzen skriuwers yn 'e skiednis fan 'e Fryske literatuer.

Namme

De famyljenamme fan Gysbert Japiks wie Hol(c)kema. Gysbert brûkte syn famyljenamme net sa faak, oaren nei him likemin. It gefolch is dat it patronymikum (famyljenamme wurdt ôflaat fan de namme fan de heit) Japiks meastentiids as famyljenamme brûkt wurdt. Dêrtroch binne der yn ‘e rin fan de skiednis trije gongbere farianten ûntstien. De skriuwwize ‘Japicx’ komt fan de ûndertekening dy’t Gysbert brûkte yn de brieven oan syn freon Symen Abbes Gabbema. Dy brieven binne opnommen yn de Rymlerye-edysjes fan 1681 en 1684. Om’t de ‘x’ neffens de Fryske staveringsregels net of amper brûkt wurdt (ek net altyd by nammen), is de skriuwwize ‘Japiks’ ûntstien. Dy skriuwwize is ek brûkt op it titelblêd fan 'e Friesche Rymlerye.

Oant 1989 wienen de farianten ‘Jacobs’ en ‘Japiks’ gongber, mar nei’t Philippus Breuker mei de publikaasje fan syn proefskrift de tredde fariant wer ynfierde, waard oan ‘Japicx’ opnij de foarkar jûn. Foar de ‘Gysbert Japicxpriis’ hat de provinsje Fryslân konsekwint de –cx skriuwwize brûkt. Deselde offisjele skriuwwize is ek oernommen troch it Gysbert Japicxhûs.[1]

Libben

It hjoeddeistige museum Gysbert Japicxhûs wie it bertehûs fan Gysbert Japiks.

Jonge jierren

Gysbert Japicx waard berne yn 1603 oan de Wipstrjitte yn Boalsert as soan fan Ancke Willems en Jacob Gysberts. Syn âlden trouden yn 1602 en Gysbert is nei alle gedachten de âldste fan 'e fiif bern dy't se krigen. De famylje makke diel út fan de foarname Boalserter boargerij. Syn heit Jacob Gysberts is bekend as de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal fan it ferneamde stedhûs fan Boalsert. Foaral troch al syn funksjes yn de tsjerke en de polityk wie hy yn syn tiid ferneamd yn Boalsert. Yn de tritiger jierren kaam er yn it stedsbestjoer en waard yn 1640 foar twa jier boargemaster fan Boalsert.

Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de Latynske skoalle en learde ta skoalmaster. Gysbert kaam nei de Latynske skoalle by syn heit op kantoar. Syn leafde gong doe al út nei letterkunde.[2] Oan de titels is te sjen dat er grut wurden is mei de rederikersliteratuer.[3]

De emosjonele skoalmaster

Doe't in jongere broer yn Wommels skoalmaster wurden wie, folge Gysbert yn 1625 syn foarbyld en waard skoalmaster yn Wytmarsum, dêr’t er tsien jier bliuwe soe. It karakter fan Japiks yn dizze tiid wurdt ornaris as emosjoneel of sels swiersettich omskreaun. Yn 1635 krige heit Jacob in brief fan in soan dy't sei dat er sa wanhopich wie, dat er foar syn libben freze. Gysbert Japiks hat doe miskien in skoft út it wurk west en yn Ljouwert taholden. In omke fan syn faam Sijke Salves út Ljouwert, Mathijs Harings, skildere yn 1636 syn potret.[4] Dêrnei hat er nei alle gedachten koart yn Bitgum oan it wurk west.[5] Japiks trout yn 1637 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai. Sy hat altyd in sidewinkel hân. Yn 1637 waard Japiks, wierskynlik troch de politike ynfloed fan syn heit, oan de stedsskoalle foar jonges beneamd. Neffens de oerlevering hie Gysbert de holle net altyd by it wurk. De bern seinen dan: "master is wer gek".[6]

Skriuwer en dichter

Gysbert Japiks hie al jong niget oan literatuer. Syn earste Fryske wurk is datearre op 1639, mar hy hie doe ek al stikken yn it Nederlânsk en Latyn skreaun. Gysbert Japiks wie sels meartalich en ek yn syn omjouwing wienen ferskate talen lykas it Frysk, Latyn, Nederlânsk en Frânsk yn gebrûk. Wêrom’t er nei 1639 krekt begûn is yn it Frysk te dichtsjen, is net wis. Mooglik waard hy stimulearre troch freonen of hy rekke ynspirearre troch it wurk fan de Fryske skriuwer Johan fan Hichtum.[5]

De Martinytsjerke dêr't Japiks foarsjonger wie.

Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de Friesche Tjerne. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste iuw noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.[7]

Yn de jierren 1646 oant 1648 hold Franciscus Junius mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de Bodleian Library yn Oxford telâne. Sa krige Gysbert Japiks ynternasjonale belangstelling foar syn wurk. Tusken 1651 en 1655 sette Japiks fyftich psalmen oer nei it Frysk.[8] Japiks krige ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer Symen Abbes Gabbema, dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.

De pest

Gysbert Japiks en Sijke Nicolai krigen seis bern. Fiif fan syn seis bern binne jong stoarn. Suver tagelyk mei Gysbert Japiks, stjert ek syn frou yn 1666 oan de pest. Koart nei de dea fan Gysbert Japiks en Sijke Nicolai kaam ek harren âldste en iennichst oerbleaune bern Salves te ferstjerren.[9]

Wurk

Japiks libbe op ‘e grins fan twa tiidrekken, Renêsssânse en Barok. Beide stilen krigen har beslach yn it wurk fan Japiks.[10] Fierwei it grutste part fan it wurk bestiet út oersettingen (fan proazateksten), berimingen (fan psalmen) en bewurkingen.

Under oaren Philippus Breuker hat in dissertaasje oer Gysbert Japiks skreaun. Yn syn boek Fryslân yn de Gouden Iuw beskriuwt er it wurk fan Japiks:

In berch yn leechlân is er neamd en dat byld kloppet, as men oan it bytsje Frysk fan syn tiid tinkt. Mar de ferliking is misliedend, want Gysbert dichte yn it Frysk as wie it in klassike taal. Syn wurk moat ferlike wurde mei wurk yn it Nederlânsk of Latyn. It is troch-ende-troch makke nei de regels fan de keunst en ek nei it foarbyld fan dichters as Huygens, Vondel, Cats, Vergilius en Ovidius. Hy wie benammen fernimstich yn it finen fan farianten op besteande motiven. Dat heart allegearre ta de knepen fan it fak. Wat dat wurk ta wat persoanliks stimpelet, is de grutte hertstocht dy't der fan begjin oant ein ta yn de taal en foarmjouwing út sprekt. Soms is it dêrtroch wat drok en oerémis.[11]

It hertstochtlike en drokke karakater stie ek ûnder ynfloed fan de twa stylperioaden yn Japiks syn libben: de renêssânse en barok. Yn jonge teksten lit Gysbert in wiidweidige skildering sjen fan de Fryske werklikheid, faak mei ferskynsels as oerdiedige alliteraasje en gearkeppeling. Under ynfloed fan de Barok waard it taalgebrûk fan Gysbert Japix letter drokker en keunstmjittiger en syn wurk dêrtroch minder tagonklik, mar in grut part fan syn poëzy bleau tige lêsber en benammen sjongsum, lykas it liet Wolkom freugde fan de wrâld.[5]

It Frysktalige debút fan Gysbert wie de Friessche Tjerne (1640). It brulloftsfers Friessche Tjerne is it iennichste boek dat by syn libben printe waard. Twa jier nei syn dea waard syn sammele wurk útjûn as de Friesche Rymlerye. Yn syn eigen iuw waard it werprinte yn 1681 (troch Symen Abbes Gabbema) en 1684. Sa't yn dy tiid wizânsje wie, wie de ‘rymlerye’ yn trije sjenres (lirysk, didaktysk, religieus) ferdield: ‘ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes’ (leafdespoëzij, ynklusyf de Friessche Tjerne), ‘gemiene æf huwzmanne petear’ (moralistyske twaspraken) en it ‘hymmelsch harp-luwd’ (religieuze poëzij, wêrûnder psalmoersettings), sa’t op it titelblêd fan de Rymlerye oanjûn stiet.

Japiks syn libben en wurk waard ek tekene troch in grut godsbesef. Fan 1637 ôf wurke hy as skoalmaster yn Boalsert en wie foarsjonger yn de Martinytsjerke. Yn it tredde part fan de Fryske rymlerye steane mear as fyftich psalmberimings. Dêrmei is syn wurk ek fan grut belang foar it Frysk as tsjerketaal.

Priuwke

Friesche Rymlerye (1668)

Hjirûnder stiet it earste fan de fjouwer kûpletten fan Gysbert Japiks syn liet 'Wolkom freugde fan 'e wrâld':

Wol-komm' freugde fenne Wrâd,
Haed-ljeacht oerre Stierren,
Griente, Kruwd in Blomme-Fâd,
Mietter fen uwz jieren,
Hijmmel-eag dy 't al oer-sjocht
Dy uwz Dauwe in Miste' ontjocht
Dy uwz 't fjild bemiellet,
Ja mey goud oer-striellet.
Wolkom freugde fan 'e wrâld,
haadljocht oer de stjirren,
griente, krûd blommefâd,
mjitter fan ús jierren,
himeleach, dy't al oersjocht
dy ús dauwe en mist ûntsjocht
dy ús 't fjild bemielet.
Ja, mei goud oerstrielet.
  • De tekst út de linkerrige is it orizjineel fan Japiks.
  • De tekst út de rjochterrige is yn de moderne stavering skreaun.[12]

Ynspiraasje

J.J. Starter

Japiks liet him yn hiel wat teksten ynspirearje troch it wurk fan oare skriuwers. Hy seach nei skriuwers út de klassike Aldheid, mar ek nei oare Fryske en Hollânske skriuwers. Binnen dy kontekst groeide hy út ta in bysûnder en eigensinnich dichter.[13]

Fan de Fryske skriuwers kin hast mei wissichheid steld wurde dat Jan Jans Starter (1593-1626), dy't by syn libben al grutte bekendheid hie, ta ynspiraasje tsjinne hat. Doe't Starter syn Friesche Lust-hof ferskynde, wie Japiks 18 jier. Gysbert syn Boartlicke Mingeldeuntjes hawwe frijwat oerienkomsten mei Starter syn Stichlelyche Minneliedekens. Boppedat hie Starter yn syn wurk sjen litten dat it mooglik wie om yn it Frysk te dichtsjen.[14] Dat de Friesche Lust-hof dúdlik as boarne foar Gysbert Japiks tsjinne hat is wis: hy hie in eksimplaar. Syn eksimplaar wie fan 1623 of letter (de lêste edysje út syn tiid wie fan 1634). Japiks ûntliende ferskate wizen út it boek.[15]

In oare Midfryske skriuwer dy't faak yn ien sike mei Gysbert Japiks neamd wurdt is Johan van Hichtum. Van Hichtum hat twa brulloftsfersen skreaun, beide yn it Frysk. Doe't it fers Wouter en Tjalle yn 1609 ferskynde, wie Japiks 6 jier. Hoewol't se beide yn 'e omkriten fan Boalsert wennen, is it net wis oft se inoar koenen. It is opmerklik dat Van Hichtum as predikant brulloftsfersen skreau. Hy die dat anonym, oars hie de tsjerke him út syn funksje sette kind.[16] Yn 1640 ferskynde, ynspirearre op in Fryske gearspraak fan Van Hichtum, de Friessche Tjerne.[17]

Net allinnich fanwegen de ynhâld, mar ek troch de moderne wurdkar is it ûnwierskynlik dat Van Hichtum Japiks ynspirearre hat. Gysbert Japiks brûkt letter noch wol gauris argayske foarmen, dy't oars benammen út de Burmania-sprekwurden en 16e iuwske teksten bekend binne.[18] It manuskript fan Carel Georg fan Burmania ferskynde yn 1614, doe't Japiks 11 jier wie.

Ynfloed

Stânbyld fan Gysbert Japiks neist de Martinytsjerke fan Boalsert.

Gysbert Japicx moat al by syn libben nasjonaal en ynternasjonaal bekend west hawwe. Hy stie yn kontakt mei Hollânske en Ingelske skriuwers en gelearden. De Ingelske gelearde fan Dútske komôf Franciscus Junius hat yn 1646 in skoft yn Boalsert wenne om fan Gysbert Japicx it Frysk te learen. De bysûndere betsjutting fan Japicx’ wurk leit yn it feit, dat hy foar it earst sûnt it ferdwinen fan it Frysk as rjochts- en bestjoerstaal, om 1580 hinne, de taal wer foar serieus wurk brûkt. Syn skriuwerij slút kwa styl oan by dy fan 17de iuwske renêssânse skriuwers.

De hearskjende opfetting yn de literêre wittenskip is dat Japicx dêrmei it Frysk wer in plak tusken de Europeeske kultuertalen besoargje woe. Oft Gysbert Japicx ek de maatskiplike emansipaasje fan it Frysk beynfloedzje woe, wurdt lykwols net dúdlik út syn wurk. De taal en stavering fan Japicx syn wurk foarmen de basis fan de hjoeddeistige Fryske skriuwtaal, sa’t dy him yn de 19de en 20ste iuw ûntjûn hat.[19] Gysbert Japiks waard opnommen yn de Kanon fan de Fryske skiednis en sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de Gysbert Japicxpriis takend.

Boalsert Wytmarsum
Links: Ynmitsele stien, Gysbert Japiksbrêge, Boalsert.
Rjochts: Boarstbyld yn Wytmarsum.

Mei troch Everwinus Wassenbergh fan de Frjentsjerter universiteit kaam der om 1800 hinne mear omtinken foar it wurk fan Japiks. It Gysbert Japiksfeest dat yn 1823 yn Boalsert holden waard kin sjoen wurde as it begjin fan de Romantyk yn de Fryske literatuerskiednis.[20] Nei twa wurken oer Gysbert Japiks dy't troch Joast Hiddes Halbertsma skreaun waarden yn de 1820er jierren groeit sawol de taalkundige as literêre ynteresse. Ein 18e/begjin 19e iuw is der benammen in soad omtinken foar Gysbert Japiks syn dichtstik Tjesck-Moars see ængste.[21] Yn 1828 reizget John Bowring nei Fryslân en beskriuwt it gedicht yn syn Language and Literature of Friesland (1829) as "his best composition".[22] Yn de 20e iuw waard it wurk fan Gysbert Japiks foar fiif ferskillende (taalkundige) proefskriften brûkt.[23]

It jier 2003, fjouwerhûndert jier nei de bertedei fan Gysbert Japiks, waard troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it Nederlânsk. De titel wie "Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk". Yn it ramt fan it Gysbert Japiksjier ferskynde ek de Gysbert Japiks trilogy. De trilogy is in bondeling fan trije romans oer Gysbert Japiks, dy't skriuwer Pieter Terpstra by syn libben skreaun hat.

Troch de provinsje Fryslân hinne hawwe suver alle (gruttere) plakken in Gysbert Japiksstrjitte (ek skreaun as Gysbert Japicxstrjitte).[24] Yn Wytmarsum stiet in boarstbyld fan Gysbert Japiks, makke troch Jentsje Popma. By de Martinytsjerke yn Boalsert is in stânbyld op sokkel delset, dat yn 1966 troch keninginne Juliana ûntbleate waard.[25] Yn Boalsert is in brêge nei him neamd, de Gysbert Japiksbrêge, dêr't in tinkstien ynmitsele wurden is. By Tresoar is der in Gysbert Japicxseal. Yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte 6 yn Boalsert sit sûnt 1997 it museum Gysbert Japicxhûs (mei tekstwinkel).

Yn 2020 en 2021 makke Hiske Oosterwijk nije komposysjes fan Japiks syn wurk. Nei't Oosterwijk de liettekst Jûnbea op it konservatoarium op 'e nij ynsongen hie, kaam de Gysbert Japicx/Holkema-stichting mei it fersyk om mear wurk op muzyk te setten.[26] Yn juny 2021 ferskynde de dûbel-cd Wurden, yn deselde moanne waard it tillefyzjekonsert Wurden troch Omrop Fryslân útstjoerd. Yn septimber 2021 waard it teaterkonsert Tiidgenoaten yn de Boalster Broeretsjerke opfierd.

Bibliografy

  • 1640 Friesche Tjerne, ofte bortlijcke rijmlerye, trogh ien, ijnfierd, aad, sljoecht, ien-faadigh huws-man, di on-forsjoens ijn de gear-jefte fen sijn laan-here koom.

Postúm útjûn

  • 1668 Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet: d’ eerste binne ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes: ‘t oorde sinte gemiene æf huwzmanne petear, in ore katerye: ‘t efterste iz hymmelsch harp-luwd. Dat iz to sizzen, ytlycke fen Davids psalmen.
  • 1681 Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet […] Dy oorde druwck, mei ien twaede diel forgreat (uitwreide ferzje, besoarge fan Gabbema).
  • 1684 Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet […] Dy oorde druwck, mei ien twaede diel forgreat. (nije titelútjefte fan de 2e printinge).
  • 1821 Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet […] De tredde druwck op nijz trognoaze in forbettere troch E. Epkema. (3de printinge, besoarge fan Ecco Epkema)
  • 1853 Utjefte Rymlerye (net alhiel kompleet) yn stavering Halbertsma, besoarge fan Waling Dykstra (2e pr. 1880).
  • 1936 Wirken [I] (besoarge fan J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma)
  • 1966 Gysbert Japicx I. Wurken. (2e printinge) en II. Oantekeningen op Gysbert Japicx wurken. (besoarge fan J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma).

Wittenskiplike bewurkingen & oersettingen

Literatuer

Monumint foar Japiks yn 'e Martinytsjerke, ûntbleate yn 1823.
  • Woordenboek op de gedichten en verdere geschriften van Gysbert Japicx, Ecco Epkema, Ljouwert, 1824
  • Hulde aan Gysbert Japiks bewezen in de Sint Martini Kerk te Bolsward, op den 7 Jul 1823, Joast Hiddes Halbertsma, Boalsert, 1824
  • Gysbert Japicx, Fries dichter in de zeventiende eeuw (dissertaasje), Jacob Haantjes, Utrecht/Amsterdam, 1929
  • Het werkwoord bij Gysbert Japicx (dissertaasje), W.L. Brandsma, Grins/Assen, 1936
  • Gysbert Japiks, in stúdzje yn dichterskip (dissertaasje), Douwe Kalma, Grins/Dokkum, 1938
  • Gysbert Japicx as oersetter en biwirker, C. Kramer, Assen, 1943
  • De Christen Gysbert Japiks, Eeltsje Boates Folkertsma, Snits, 1946
  • Eat oer de Gysbert-stúdzje yn It Beaken (siden 147-154), Anne Wadman, 1956
  • Gysbert Japicx' Lieten, J. Jansen, Drachten, 1956
  • Bibliografy Gysbert Japiks, J.J. Kalma, Ljouwert, 1956
  • Skriuwers yn byld 1: Gysbert Japicx 1603-1666, Amsterdam, 1966 (werprinte yn 2003)
  • De autografemen in het werk van Gysbert Japicx (dissertaasje), Tony Feitsma, Ljouwert, 1974
  • It wurk fan Gysbert Japix (dissertaasje), Ph.H. Breuker, Ljouwert, 1989
  • Blauwe rige nr. 1 en nr. 2. Sekundêre literatuer Gysbert Japicx, samle troch Trinus Riemersma, útjefte NHL, 1991 en 1989.
  • Hoe moat dat no mei Gysbert Japixcxks?, Anne Wadman, Ljouwerter Krante, 8 july 1994
  • Gysbert Japix nei fjouwerhûndert jier (betinkingsrede yn Boalsert), Ph.H. Breuker, yn Fryslân (tydskrift) nûmer 2, 2003
  • In alternative fizy op Gysbert Japix, Tony Feitsma en Feitsma fan replyk tsjinne oer Gysbert Japix, Ph.H. Breuker; diskusje oer Gysbert Japiks, yn Fryslân (tydskrift) nûmer 3, 2003

Sjoch ek

Keppeling om utens

Commons Commons: Gysbert Japicx – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside Gysbert Japicxhûs: Skriuwwize famyljenamme (lêst sjoen op 8 okt. 2020)
  2. Mear Nederlânsktalige letterkunde ûnder syn boeken as him hienen yn Fryslân tusken 1625 en 1680 mar in stik of fjouwer fan de mear as njoggenhûndert lju fan wa't it boekebesit bekend is.
  3. Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022) 494-495
  4. Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022) 495
  5. 5,0 5,1 5,2 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks
  6. Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022) 495
  7. Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis
  8. Corporaal, J. (2018). Salang't de beam bloeit - koarte skiedns fan de Fryske literatuer. Ljouwert: Tresoar/De Gordyk:Bornmeer
  9. Artikel oer Japiks yn it tydskrift 'Oude Muziek'
  10. Webside fan dichter Tsead Bruinja oer de skiednis fan de Fryske letteren
  11. Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022) 494
  12. De tekst yn de moderne stavering komt út it Frysk Lieteboek, Afûk, Ljouwert, 2000 (s. 42)
  13. Jabik Veenbaas, Gysbert Japix, vader en voorzanger, yn "Literatuur. Jaargang 20", 2003 (siden 14-16)
  14. J. Hepkema, Alde fryske skriften fen starter, gysbert japix en oaren, 1899
  15. Breuker, Philippus, It wurk fan Gysbert Japix (1989) 216.
  16. Eric Hoekstra, Midfrysk goud, 2015 (siden 34, 48-49)
  17. Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022) 492
  18. Arjen Versloot, It auteurskip en de datearring fan 'Ansck in Houck': in reaksje, yn: Us Wurk, 2006
  19. Webside Gysbert Japicxhûs: Ynfloed Gysbert Japicx (lêst sjoen op 8 okt. 2020)
  20. Neerlands Tweede Rijkstaal: het Fries fan Drs. José Goris
  21. Tekst: Tjesck-Moars see ængste
  22. Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022) 521
  23. Webside Tresoar: De proefskriften/dissertaasjes binne ôfkoarte as diss.
  24. * Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 182 ISBN 9789001779047
  25. YouTube: Gysbert Japicxbeeld onthulling
  26. Omrop Fryslân: Sjongeres Hiske Oosterwijk set teksten fan Gysbert Japicx op moderne muzyk (lêst sjoen op 21 jan. 2022)

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!