De oarspronklike namme fan 'e gemeente wie Edam. Edam is in stêd dy't yn 1357stedsrjochten krige, in barren dat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Om't it doarp Volendam lykwols meitiid folle grutter groeide as it stedsje Edam, besleat de gemeenteried fan Edam yn 1974 en feroarje de gemeentenamme yn 'Edam-Volendam'. Dat waard yn 1975 goedkard troch de Kroan.
Yn 2012 die de doetiidske gemeente Seefang in formeel fersyk om opnommen te wurden yn Edam-Volendam. Sadwaande begûnen de beide gemeenten yn oktober2013 in fúzjeproseduere. De anneksaasje fan Seefang troch Edam-Volendam waard op 1 jannewaris2016 in feit.
Topografyske kaart fan de gemeente Edam-Volendam, yn 2016
Ferkear en ferfier
De gemeente is te berikken oer de N247 (eardere E10) (Amsterdam-Hoarn) en de N244 (Alkmar-Edam). De provinsjale dyk N517 leit alhiel yn de gemeente. Yn de gemeente leit in part fan it spoar fan Amsterdam nei Inhuzen
Flagge en wapen
De flagge fan Edam-Volendam waard as gemeentlike flagge oannommen nei de fúzje mei de gemeente Seefang, It is in wite flagge mei in stlearre skyld dêr't de wurden "Gemeente Edam-Volendam" yn steane. De flagge symbolisearret de fúzje tusken de twa gemeenten. De flagge fan Edam-Volendam fan foar de fúzje stiet hjirnjonken ôfbylde.
It wapen fan Edam wurdt beskreaun as: In kiel, in bolle fan Sabel dy't op in losse grûn fan sinopel stiet. Boppe de bolle binne trije seispuntige gouden stjerren njokeninoar. It skyld oan 'e boppekant wurdt troch in bear yn syn natuerlike kleur fêstholden.It is lykwols it skyld fan de stêd Edam. De gemeente brûkt in logo dêr't in dûbeldskyld mei de skylden fan Edam en Volendam njonkeninoar yn pleatst binne.