Laren is in plak en gemeente yn de NederlânskeprovinsjeNoard-Hollân. (Van Larelcarspell, Laoren, Laaren nei de namme Laren, in 'Laar' is in iepen plak yn de bosk.) De gemeente, dy't oprjochte waard yn 1817, telt ynwenners (11.342 ynwenners (1 jannewaris 2010, boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 12,37 km² (wêrfan 0,19 km² wetter). Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. Fanâlds is it in brink- of esdoarp.
Skiednis
Laren is ien fan de âldst beboude plakken yn it Goai. It alderearste folk dat der wenne wie it trachter-bekerfolk. (Omtrint 2500 f.Kr.) Letter kamen der minsken fan Frysk-Saksyske oarsprong te wenjen. Yn 1085 stifte de biskop fan Utert it kapittel Sint Jan op de heuvel dy't no bekend is as Sint Janstsjerkhôf. Nei it stee fan dizze kapel en begraafplak rinne fan âlds Goaiske lykwegen út alle rjochtingen.
Laren hat in boeredoarp west, mar ek de weefyndustry naam in wichtich plak yn. Nei it oanlizzen fan de tramline fan Hilfertsom nei Amsterdam (de Gooise Moordenaar) yn 1892 is Laren ek in keunstners- en forinsedoarp wurden.
Sûnt ein jierren 1980 is Laren fral in forinsedoarp wurden foar de 'nije riken' (nouveau riche). Yn de doarpskearn binne noch ferskate pleatsen dêr't lykwols net mear buorke wurdt.
Yn 1911 festige de Amerikaanske skilder en keunstsamler William H. Singer him yn it hûs De Wilde Zwanen. Syn filla, fan arsjitekt Jan Rebel, en keunstsamling wienen it begjin fan it Singer Museum, anneks teaterseal (dêr't de tv-talkshows fan Willem Duys makke waarden).