De Wylde Jacht is in jachtstaasje fan 'e op hynders geande skimen fan 'e ferstoarnen, beselskippe fan in lûde en âljende kloft grutte, gefaarlike, boppenatuerlikejachthûnen. It ferskynsel komt oarspronklik út 'e mytology fan it Germaanske heidendom, hoewol't yn 'e Keltyske mytology in selde motyf bestiet. De lieder fan 'e Wylde Jacht wie fan oarsprong de godWeda (ek bekend as Woadan of Odin). Dyselde stoarme oan it haad fan in razende en jammerjende kloft fan sneuvelekrigers oer de wrâld, bewuolle yn wolkensflarden, syn antlit mei it iene each beduten troch in fier foaroerlutsen sloppe hoed, en yn 'e rjochterhân syn nea-missende spearGungnir. Yn guon fan 'e âlde myten siet de Wylde Jacht de wolfFenrir nei, dy't de sinneopsnaske hie (mei as gefolch dat it nacht wurden wie). Der bestiene regionale ferskillen yn 'e ferhalen; sa waard yn beskate dielen fan Sweden sein dat Odin, fanwegen syn status fan ealman (as kening fan 'e goaden) net op in hynder, mar yn in karre ride soe.
Yn lettere tiden waarden de leden fan 'e Wylde Jacht manlju, froulju en bern ornearre te wêzen dy't troch geweld oan har ein kommen wiene. Neffens guon ferhalen koene lju dy't harsels op it paad fan 'e Wylde Jacht fûnen, harren geast of siel kwytreitsje trochdat dy út harren skuord waard om by it jachtselskip foege te wurden. Ek leaude men wol dat de Wylde Jacht bestie út in kloft elven of oarsoartige ierdgeasten, en dat lju dy't de Wylde Jacht tsjinkamen, ûntfierd waarden nei de elvewrâld.
As ferskynsel iepenbiere de Wylde Jacht him oarspronklik benammen mei jûl. Dat is it Germaanskesinnekearfeest om 'e koartste dei fan it jier hinne (dêr't letter it kristlikekrystfeest út ûntstien is). Mooglik wiene der ek noch ferskinings letter yn 'e winter, oan 'e Germaanske maitydsevening ta (dy't rûchwei oerienkomt mei it kristlike peaskefeest). Yn lettere, kristlike tiden waard de Wylde Jacht sterk assosjearre mei alderheljen (en dêrom tsjintwurdich mei Halloween), as de ôffredings tusken de wrâlden fan 'e libbenen en de deaden op syn tinst binne. Minsken bearden it lûd fan de Wylde Jacht wol nei troch bygelyks op in oksehoarn te blazen. Sa koe de jagers fan 'e Wylde Jacht help bean wurde yn har efterfolging fan Fenrir. Mar meastal waard ynstee beskûl socht, mei't it sjen fan 'e Wylde Jacht ûngelok bringe soe foar de taskôgers. It spûkgûlen fan hûnen en wolven wurdt wol yn ferbân brocht mei de Wylde Jacht.
Oarsprong
As folkloristysk motyf waard de Wylde Jacht foar it earst beskreaun troch de DútskefolkloristJacob Grimm, yn syn boekDeutsche Mythologie, út 1835. It wie Grimm dy't de oantsjutting Wilde Jagd optocht en popularisearre, dy't neitiid yn withoefolle oare talen oernommen waard (Wylde Jacht, Wilde Jacht, Wild Hunt, Vilde Jagt, Cacería Salvaje, ensfh.). De metodologyske oanpak fan Grimm hie syn woartels yn 'e opfetting (yn 'e njoggentjinde iuw frij algemien oannommen) dat de doetiidske folkloare sjoen wurde koe as it 'fossilisearre' (dus ûnferoarlik werjûn) oerlibjen fan ideeën en leauwenseleminten út it fiere ferline. Sadwaande smiet er yn syn behanneling fan 'e Wylde Jacht resinte folkloristyske boarnen op ien bulte mei tektueel bewiismateriaal út 'e Midsiuwen en de Renêssânse. Op dy oanpak waard yn 'e tweintichste iuw in protte krityk utere, doe't men foar it ferstân krige dat folkloare in dynamysk ferskynsel is dat him oanhâldend fierder ûntwikkelet.
Grimm ynterpretearre de Wylde Jacht as in ferskynsel mei in pre-kristlike oansprong. Fierders riddenearre er dat de manlike oanfierder fan it jachtselskip, dy't yn 'e folkloare in protte ferskillende, faak regionaal bepaalde nammen hie, in oerlibjen yn it folksleauwe fertsjintwurdige fan 'e god Weda, dy't "syn sympatike karakter en syn hast bekende trekken ferlern hie en de skaaimerken fan in tsjustere en skriklike macht oannommen hie […], in geast en in duvel." Grimm wie fan tinken dat de manlike lieder fan 'e Wylde Jacht soms ferfongen waard troch in froulike wjergader, dy't er oantsjutte as Holda, Berchta of frau Graude. Hy skreau: "Net inkeld Wuotan en oare goaden, mar ek heidenskegoadinnen kinne de razene kliber oanfiere: de wylde jager giet oer yn it wâldwyfke, Wôden yn frau Graude." Dêr heakke er oan ta dat nei syn miening dat froulike figuer de oarehelte fan Weda wie, wat betsjutte soe dat it in ferzje fan 'e goadinne Frigga is.
Yn oare talen is der in grut ferskaat oan ferwizings nei de Wylde Jacht. Sa wurdt yn it Nederlânsk ek wol spruten fan it Wilde Heer. Yn it Dútsk brûkt men dy oantsjutting ek wol, mar wurdt ek wol sein fan Wuotanes Heer ("Weda's Leger"). Yn Skandinaavje wurdt de Wylde Jacht wol Odens Jakt, Odens Hundar, Oskorei, Jolareidi of Åsgårdsrei neamd.
De Wylde Jacht en Sinteklaas
Der bestiet in teory dat eleminten út 'e Wylde Jacht letter oernaam binne yn 'e Sinteklaasleginde. De sek fan Sinteklaas foar de stoute bern hat in protte oerienkomsten mei it saneamde skrobearringsrjocht fan 'e Germaanske krigersferbannen, dy't in foarmjende en korrizjearjende taak yn 'e mienskip hiene. It deadeleger fan swarte krigers soe model stien hawwe foar de Swarte Piten fan tsjintwurdich. It soe ek dúdlik meitsje wêrom Sinteklaas oer de dakken riidt en pakjes yn 'e skoarstiennen goait, wat yn 'e winter mei it fjoer oan dochs net it beste plak wêze kin foar sokke presinten. Tankoffers, oan 'e oare kant, waarden fan âlds al yn it fjoer smiten, en dat fjoer soe letter ferfongen wêze troch de iepen hurd. De Krystman riidt in syn fleanende slide, lutsen troch rindieren, op krystjûn troch de loft om kadootsjes te bringen. Ek dat hat oerienkomsten mei de Wylde Jacht.