De loft, soms ek wol it himelferwulft neamd, is it ûnbehindere útsjoch nei boppen ta fan it oerflak fan 'e Ierde ôf. It omfettet de atmosfear fan 'e Ierde en teffens de romte. It kin ek beskôge wurde as alles wat tusken de grûn en it begjin fan 'e romte yn sit, mar meastal wurdt dat ûnderskie mei de romte net makke, mei't men ornaris fan himellichems seit dat se "oan 'e loft" of "yn 'e loft" steane, wylst se har eins dúdlik yn 'e romte befine.
Yn 'e astronomy wurdt de loft ek wol de himelbol neamd. Dat is in abstrakte bolfoarm om 'e Ierde hinne, dêr't de sinne, de moanne, de stjerren en planeten fan it Sinnestelsel by observaasje fan it Ierdoerflak ôf troch hinne en wer lykje te swalkjen. De himelbol wurdt tradisjoneel ferparte yn gebieten dy't byinoar lykje te hearren en dy't stjerrebylden neamd wurde.
Yn 'e regel wurdt mei de term "loft" ynformeel ferwiisd nei in perspektyf fan it Ierdoerflak ôf, mar de betsjutting en it gebrûk fan 'e term kin ferskille. In waarnimmer op it oerflak fan 'e Ierde kin altyd mar in lyts diel fan 'e loft sjen om't de kromming fan it Ierdoerflak de rest foar him of har ferberget. It diel dat men sjen kin, liket oerdeis, as de sinne de loft ferljochtet, platter te wêzen as yn it nachtliktsjuster. Yn guon gefallen, bygelyks as men it oer it waar hat, bedoelt men mei "de loft" inkeld de legere, tichtere lagen fan 'e atmosfear fan 'e Ierde.
Oerdeis liket de loft blau te wêzen. Dat komt trochdat Rayleigh-ferstruiïng, wêrby't guon kleuren út 'e sinnestriel wei ferstruid wurde troch luchtdieltsjes, dan swak is. By sinne-opgong en sinne-ûndergong is de ôfstân dy't it ljocht ôflizze moat it langst en is Rayleigh-ferstruiïng it sterkst, mei as gefolch dat blau en grien ljocht dan folle sterker ferstruid wurde en read ljocht oerbliuwt. Dat bestjut dat it minsklik each dan in reade loft sjocht. Nachts liket de loft foar it minsklik each frijwol swart te wêzen, of oars swart mei fersille ljochtpuntsjes dy't de stjerren binne. Oerdeis binne de sinne en soms ek de moanne (ôfhinklik fan syn stân yn ferhâlding ta de Ierde) sichtber, as se net beskûl geane efter wolkens. Nachts kin men by ûnbewolke waar oan 'e loft de stjerren, planeten en de moanne (útsein by tsjustermoanne) stean sjen.