Yn guon talen, lykas Sineesk, Tai, Japansk en Fjetnameesk, bestiene oarspronklik gjin ferskillende wurden foar grien en blau. Oars sein: grien en blau waarden yn kultueren dy't dy talen brûkten as ien-en-deselde kleur beskôge. It Sineeske karakter 青 (yn it Mandarynsktransliterearre yn pinyin as qīng, útspr. likernôch "tsjyng"), it Japanske ao en it Fjetnameeske xanh hawwe fan âlds nammentlik in betsjutting dy't werjûn wurde kin as "grien en/of blau". Yn it Japansk wurdt tsjintwurdich it wurd guriin faak brûkt om 'e spesifike kleur grien oan te tsjutten (in lienwurd op basis fan it Ingelskgreen), wylst ao no ferwiist nei blau. Mar yn guon kontektsten brûke Japanners noch altyd it wurdt ao as se "grien" bedoele, lykas by it griene ljocht fan ferkearsljochten.
De kleur grien wurdt it meast assosjearre mei de natoer. Dat komt om't planten de gemyske stof glorofyl yn har sellen hawwe, wêrmei't se fia fotosyntezesinneljocht omsette yn glukoaze (plantesûker). Om't glorofyl fan ljocht de lange weachlingten (read) en de koarte weachlingten (blau) folle effisjinter absorbearret as de middellange weachlingten (grien), wjerkeatse planten grien ljocht, mei as gefolch dat se der foar it minsklikeach grien útsjogge. Glorofyl absorbearret grien ljocht sa min om't it oarspronklik ûntstien is yn organismen dy't yn 'e oseaan libben, dêr't pearsehalobaktearjes al oan fotosynteze diene. Harren pearse kleur waard feroarsake troch it feit dat se enerzjy ûntlienden oan it griene diel fan it spektrum troch it gebrûk fan bakteriorodopsine. De nije organismen dy't har letter troch evolúsje ûntwikkelen en de ljochtekstraksje op lân kamen te behearskjen, makken fanwegen natuerlike konkurrinsje gebrûk fan die dielen fan it spektrum (read en blau) dy't net al brûkt waarden troch de halobaktearjes.
Behalven troch de oanwêzigens fan glorofyl yn planten komt de kleur grien yn 'e natoer ek in protte foar as kamûflaazjekleur foar bisten dy't yn in grien, want planteryk, biotoop libje. De measte amfibyen, in soad reptilen en guon fisken, fûgels, ynsekten en oare lidpoatigen binne dêrom ek grien. Dêrby kin it gean om proaidieren dy't opgean wolle yn harren om-en-by om oan predaasje te ûntkommen, lykas by kikkerts en guon lytse soartenhagedissen, mar it kin ek gean om rôfdieren dy't troch har kamûflaazjekleur ûngemurken har proaien beslûpe kinne, lykas de griene jachtspin en de griene beampyton. De minske hat dy natuerlike klamûflaazjestrategy neibeard troch soldaten, benammen dy fan 'e lânmacht, griene unifoarmen drage te litten, dêr't se minder troch opfalle. De waarnimming fan kleur kin ek beynfloede wurde troch jins fermidden. Sa hat it ljocht yn leafwâlden dy't yn 't blêd steane, in giel-griene gloed om't it ljocht dat de wâldboaiem berikt, filtere wurdt troch de griene blêden fan 'e beammen. Jonge planten of planten dy't nij yn it blêd steane, hawwe ornaris in ljochtere kleur grien as âldere planten of planten dy't al langer yn it blêd steane.
Jonkheid en ûnbeleardheid
De kleur grien wurdt faak assosjearre mei nij libben, jonkheid en dêrfandinne ek mei ûnbeleardheid en naïviteit. Yn 'e Aldheid waard grien dêrom faak brûkt om werberte en fernijing wer te jaan, of sels ûnstjerlikens. Sa waard yn it Alde Egypte de godOsiris, de hearsker oer de ûnderwrâld, ôfbylde mei in griene hûdskleur. Tsjintwurdich wurde nijynkommelingen yn in organisaasje of oar maatskiplik fermidden wol oantsjut as 'grientsjes', of wurdt sein dat sa'nent "sa grien as gers" is. Studinteferienings en legerienheden hâlde faak 'ûntgrienings', dy't sokke persoanen fan har nijheid en ûnbeleardheid ôfhelpe moatte soene.
Grien wurdt ek sterk yn ferbân brocht mei feilichheid en tastimming om troch te gean, lykas by ferkearsljochten. Dêr betsjut read dat men stilhâlde moat; oranje dat men begjinne moat stil te hâlden; en grien dat men trochride mei. Yn it ferlingde fan dat soarte gebrûk hat in grien ljocht(sje) tsjintwurdich algemien de betsjutting dat in systeem oan stiet en wurket sa't it heart; as men lykwols in read ljocht(sje) sjocht, begrypt men dat der wat mis is. Soks is sels sprekwurdlik wurden, lykas yn 'e útdrukking "immen it griene ljocht jaan." Foar de measte lju is grien in neutrale, rêstjaande kleur, yn tsjinstelling ta it 'agressive' read en it 'kâlde' blau. Dêrom wurde buorden mei wite letters op in griene eftergrûn in protte brûkt foar de oantsjutting fan needútgongen; it idee is dat soks lju yn in needsitewaasje in bytsje kalmte biedt, of op syn minst de eventuële panyk net fierder oanfiteret.
Fergif
Hoewol't grien troch Jeropeänen en Amerikanen almeast mei goede sûnens (want: nij libben) assosjearre wurdt, is it ek de kleur dy't it meast mei fergif yn ferbân brocht wurdt. Dêr is in goede reden foar: yn 'e njoggentjinde iuw wiene ferskate populêre griene ferven en pigminten (te witten: kopergrien, Schweinfurtgrien en Parysgrien) tige giftich, mei't se koper en arsenikum befetten. Yn it ferlingde dêrfan wurdt ek wol sein dat men "grien útslacht" as men tige mislik is. Bûten de Westerske wrâld bestiet de assosjaasje fan grien mei fergif net.
Oan 'e oare kant wie grien yn 'e Midsiuwen foar de trûbadoers en minstreels de kleur fan 'e leafde, dy't se as symboal dêrfoar yn harren lieten brûkten. Ljochtgriene klean waarden yn 'e Midsiuwen droegen troch jonge froulju dy't noch net troud wiene. Yn it Frysk besteane noch ferskate útdrukkings dy't dêrmei besibbe binne. Sa betsjut "grien wêze" of "in griene rite hawwe" dat men fereale is. En "net grien wêze op immen" of "it net grien hawwe op immen/eat" wol sizze dat men it der net op stean hat.
Polityk
Troch de bân tusken grien en de natoer is grien ek de kleur fan 'e miljeubeweging en fan duorsumens en duorsume ûntwikkeling. In bekende miljeubeskermingsorganisaasje is sadwaande Greenpeace, wêrfan't de namme letterlik "griene frede" betsjut. Om deselde reden wurdt it miljeufreonliker meitsjen fan 'e minsklikemaatskippij wurdt ek wol fergriening neamd. Produkten en prosessen wurde yn dat ferbân wol grien neamd as se geunstich binne (of wêze soene) foar it miljeu, lykas griene stroom of grien gas.
Op religieus mêd is grien de kleur fan 'e islaam, mei't it de wielderige plantegroei yn it paradys symbolisearje soe. Grien wie dêrom de kleur fan it klaad en de banier fan 'e profeetMohammed, en neffens de Koraan (XVIII:31 en LXXVI:21) sille dejingen dy't lokkigernôch binne om it paradys te berikken, dêre griene kladen fan side drage. Sadwaande is de kleur grien oanwêzich yn 'e flaggen fan frijwol alle islamityske lannen.
Yn Sina wurdt grien assosjearre mei it easten, (en dêrom) mei sinne-opgong, en ek mei libben en groei. It wie fan âlds lykwols ek de kleur fan prostitúsje, mei't prostituees yn it âlde Sina bekendstiene as "de famylje fan 'e griene lantearne". De bern fan prostituees droegen doedestiden griene holbannen of holdoeken. Sadwaande wurdt tsjintwurdich oer in man dy't troch syn froubedroegen wurdt, wol sein dat dy "in griene mûtse op hat."