De ierste organismen dy't foar fisken oanmurken wurde kinne, wiene weakhûdige wringedieren dy't foar it earst yn it Kambrium ferskynden. Hoewol't dy noch gjin wiere wringe hiene, beskikten se al oer in wringe-eftige struktuer dy't har fleksibelder yn har bewegings makke as de bisten dêr't se út fuortkamen. De fisken evoluëarren stadichoan fierder, en de earste fisk mei kaken ferskynde yn it Siluer. Dêrnei ûntjoegen guon fisken (lykas de haaien) har ta formidabele rôfdieren, dy't oant hjoed de dei ta oan 'e top fan de itenskeatling yn 'e seeën steane. Tsjintwurdich binne der sa'n 32.000 ûnderskate soarten fisken, dy't in gruttere biodiversiteit toane as lykfol hokker oare groep wringedieren ek. Yn grutte fariëarje se fan 'e 16 m lange walfiskhaai (Rhincodon typus) oant it dwerchgrintsje (Schindleria brevipinguis), dat mar 8 mm grut is. Fisken komme no rûnom foar yn hast alle oerflaktewetters, fan lytse swietwetterstreamkes heech yn 'e bergen, oant yn 'e djipste trôgen yn wrâlds oseanen.
Relaasje mei de minske
Fisken foarmje oer hast de hiele wrâld in wichtige itensboarne foar de minske. Troch kommersjele en tradisjonele fiskerij wurde fisken bejage, en guon soarten wurde dêrnjonken tsjintwurdich ek kweekt yn fiskkwekerijen. Angeljen wurdt troch in protte lju beskôge as in aardich tiidferdriuw of in moaie leafhawwerij, wylst oaren it sjogge as bistemishanneling en besykje om der it near op te lizzen. Guon soarten fisken, lykas goudfisken, koarpers en gupkes, wurde holden as húsdier, binnendoar yn akwaria of bûtendoar yn fivers, wylst der ek akwaria besteane dy't de foarm fan in dieretún hawwe, en dêr't it publyk hinne gean kin om 'e (faak eksoatyske) fisken te besichtigjen. Ek yn 'e minsklike kultuer hawwe fisken troch de iuwen hinne in wichtige rol ferfolle, bygelyks as godheden en as religieuzesymboalen, mar ek as it ûnderwerp fan keunst, boeken en films.
Taksonomy
Ta de fisken hearre ferskate groepen wringedieren, wêrûnder de kaakleaze fisken (Agnatha) en fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) de kreakbienfisken (Chondrichthyes), pânserfisken (Placodermi), stikelhaaien (Acanthodii) en bienfiskeftigen (Osteichthyes), mar net de fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Om't de oantsjutting "fisken" negatyf útlein wurde moat ("dy en dy, mar net dy"), wurdt dizze term tsjintwurdich troch de biology as parafyletysk, d.w.s. net mear as in jildige namme beskôge, en kin er allinnich noch ynformeel brûkt wurde. Foar it deistich spraakgebrûk makket soks fansels gjin inkeld ferskil, mar foar de wittenskip besteane "de fisken" eins net, útsein as morfologyske omskriuwing. Hjirûnder de taksonomyske opbou fan 'e ûnderstamme fan 'e wringedieren, wêrby't de fet skreaune groepen ta de fisken hearre: