De fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (wittenskiplike namme: Pteromyini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae). Ta dizze tûke hearre 48 soarten, wêrfan't trije noch mar koartby ûntdutsen binne, ferdield oer fyftjin skaaien yn 2 ûndertûken.
De fleanende iikhoarntsjes binne nachtdieren, dy't benammen yn Súd-, Súdeast- en East-Aazje libje, mei twa soarten yn Noard-Amearika en ien dy't oant yn noardeastlik Jeropa foarkomt. Dizze bisten kinne, oars as dat de namme hawwe wol, net echt fleane, mar se hawwe in losse hûdflap tusken de foar- en efterpoaten dy't se strak lûke kinne troch de poaten te sprieden. Dy hûdflap stelt har by steat om in beskate ôfstân te sweven.
Tûke-opbou
- tûke fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (Pteromyini)
|
Boarnen, noaten en referinsjes