Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Vancouver doe goed 600.000 ynwenners. Dêrmei is it de op sân nei grutste stêd fan Kanada en de grutste stêd yn 'e regio Westlik Kanada. As alle foarstêden meiteld wurde, hat Vancouver as stêdekloft in befolking fan 2,3 miljoen minsken, wêrmei't it yn Kanada allinnich de stêdekoften fan Toronto en Montreal foargean hoecht te litten. Vancouver stiet yn it bûtenlân benammen bekend om 'e Olympyske Winterspullen dy't der yn 2010 holden waarden. Dêropta is it ien fan 'e grutste havenstêden oan 'e westkust fan Noard-Amearika en teffens it sintrum fan 'e Kanadeeske filmyndustry.
Geografy
Vancouver leit yn it uterste súdwesten fan 'e KanadeeskeprovinsjeBritsk-Kolumbia, op it Legere Fêstelân, deunby de grins mei de Feriene Steaten. De stêd is sitewearre op it Burrard-skiereilân, dat oan 'e noardkant begrinzge wurdt troch de Burrard-ynham, en oan 'e súdkant troch de rivier de Fraser. Oan 'e westkant stiet de Strjitte fan Georgia yn ferbining mei de iepen Stille Oseaan, dêr't it fan skaat wurdt troch it grutte Vancouvereilân. It is in wiidferspraat misferstân dat de stêd Vancouver op dat eilân leit; stêd en eilân hawwe neat mei-inoar te krijen, behalven dat se yn deselde krite lizze en nei deselde man ferneamd binne.
De krite fan Vancouver bleau in gebiet dat fierhinne troch Yndianen befolke waard, oant yn 1858 de Goudkoarts fan de Fraser mear as 25.000 blankegoudsikers dêrhinne lokke. Dat wiene meast lju út Kalifornje, dy't tsien jier earder dielnommen hiene oan 'e bekendere Kalifornyske Goudkoarts. De goudsikers moasten yn 'e Fraser Canyon wêze, en lieten sadwaande it plak dêr't letter Vancouver ûntstean soe, links lizze. Fjouwer jier letter, lykwols, yn 1862, setten de earste blanken har dêre nei wenjen op in boerespultsje dat McLeery's Farm hiet, oan 'e igge fan 'e rivier de Fraser. In jier letter waard yn wat no de stêd North Vancouver is, ek in houtseagerij fêstige, mar fanwegen de drege berikberheid fan dat plak oer it wetter, waard dy yn 1867 ferpleatst nei wat no de ûnderein fan Dunlevy Street is. Dêr ûntjoegen de houtseagerij en de kroech dy't der itselde jiers njonken boud waard, har neitiid ta de kearn fan in nije delsetting.
Op 13 juny1886 lei de Grutte Brân fan Vancouver hast de hiele stêd yn 'e jiske. De weropbou waard lykwols mei faasje úteinset. De befolking fan 'e stêd woeks oan fan 1.000 minsken yn 1881 ta mear as 20.000 yn 1901, en rom 100.000 yn 1911. Yn 1898 krige de ekonomy fan Vancouver in sterke ympuls trochdat de keaplju yn 'e stêd profitearren fan 'e Goudkoarts fan Klondike. In grut part fan 'e goudsikers makke ûnderweis nei Alaska en de Yukon nammentlik in tuskenstop yn Vancouver, dêr't allerhande ark en reau oanskaft waard dêr't men yn it hege noarden ferlet fan hawwe soe.
Oant fier yn 'e tweintichste iuw waard Vancouver ekonomysk en maatskiplik dominearre troch grutte bedriuwen lykas de Canada Pacific Railroad en de British Columbia Sugar Refinery. Dat late ta de opkomst fan in militante arbeidersbeweging. Yn 1903 waard by de earste grutte staking fan spoararbeiders fakbûnsliederFrank Rogersfermoarde troch spoarplysjes. Yn 1918 fûn de earste algemiene staking yn Britsk-Kolumbia plak, en nei in wat kalmere perioade yn 'e 1920-er jierren wiene der ûnder de Grutte Depresje yn 'e 1930-er jierren wer tal fan gewelddiedige botsings tusken stakers en stakingsbrekkers, dy't yn 1935 kulminearren yn 'e saneamde On-to-Ottawa Trek fan stakers dy't nei de federale haadstêd Ottawa optsjen woene, mar by Mission oppakt waarden en de rest fan 'e Krisisjierren yn ynternearringskampen trochbringe moasten.
Ek ferskate oare maatskiplike bewegings, lykas it feminisme en de gehielûnthâlders, wiene fan grutte ynfloed op 'e ûntwikkeling fan Vancouver. Mary Ellen Smith, in suffrazjette en prohibysjoniste út Vancouver, wie yn 1918 de earste frou dy't yn Kandada yn in provinsjeel parlemint keazen waard. Yn Britsk-Kolumbia duorre de drûchlizzing fan healwei de Earste Wrâldoarloch oant 1921, doe't it provinsjale regear it monopoalje op 'e ferkeap fan alkohol krige (in sitewaasje dy't hjoed oan 'e dei noch bestiet). Under de Twadde Wrâldoarloch waarden de etnyskJapanske ynwenners fan Vancouver en hiel Britsk-Kolumbia nei de oanfal op Pearl Harbor by de kust wei deportearre en nei ynternearringskampen yn it binnenlân ta stjoerd. Nei de oarloch waard it de Japanners net tastien om nei Vancouver en oare grutte stêden werom te kearen, wat de ein betsjutte foar de Japanske wyk Japantown.
Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Vancouver doe in befolking fan 603.502 minsken. De befolkingstichtens bedroech 5.249 minsken de km², wêrmei't it ien fan 'e tichtstbefolke stêden fan westlik Noard-Amearika is. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2011 sa: 47,9% Aziaten; 46,2% blanken; 1,9% Yndianen; 1,6% Latino's; 1,0% swarten; 0,5% Arabieren; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Vancouver hat in seeklimaat, mei oangenaam waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22,2 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 6,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 35,0 °C op sawol 31 july1965, 8 augustus1981 as 29 maaie1983, en –17,8 °C (de boarne jout dêrfoar gjin datum of jier). Vancouver kriget jiers trochinoar 1,189 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 38,1 sm snie.