De Tall Ships' Races binne in ynternasjonale sylwedstryd yn Jeropa foar saneamde tallships (grutte sylskippen), dy't elts jier yn july en/of augustus holden wurdt. It start- en finishplak en de ôf te lizzen rûte binne elts jier oars, mar it trajekt bestiet (tsjintwurdich) ornaris út twa wedstrydetappes fan ferskate hûnderten seemilen, mei dêrtuskenyn in 'freonskipsfeart' dy't de skippen mei-inoar farre. Guon jierren wurde der twa wedstriden holden yn ferskillende dielen fan 'e wrâld. De Tall Ships' Races, dy't foar it earst yn 1956 organisearre waarden, binne bedoeld om ynternasjonale freonskip oan te fiterjen en om jongerein ûnder de 25 jier yn 'e kunde komme te litten mei de see en mei it silen. It is dêrom ferplichte dat de helte fan 'e bemanning tusken de 15 en 25 jier âld is.
Dielnimmende skippen
Elts sylskip of jacht mei in lingte boppe de wetterline fan 9,14 m of mear mei oan 'e Tall Ships' Races dielnimme salang't it oan 'e feilichheidseasken foldocht. Tsjintwurdich giet it dêrby faak om mear as hûndert skippen, mei dêrûnder yn 'e regel de grutste sylskippen fan 'e wrâld.
De beide mannen begûnen yn 1953 serieus te oerlizzen hoe't se harren plannen ferwurklikje koene, en sa waard yn 1956 de earste edysje fan 'e Tall Ships' Races organisearre. De wedstryd gie fan Torquay, oan 'e súdkust fan it IngelskeDevon, nei de Portegeeske haadstêdLissabon, en der diene tweintich fan 'e oerbleaune tallships oan mei. De publike belangstelling wie sa grut, dat Morgan en Pereira besleaten en rjochtsje de ferieningSail Training International op om folgjende edysjes te organisearjen. Neitiid waarden de Tall Ships' Races yn ferskate dielen fan 'e wrâld holden, en hawwe se opteld miljoenen belangstellenden lutsen.