De kyl fan 'e Wylde Swan waard yn 1920 yn Dútslân lein. It wie oarspronklik in steamskip, en makke jierrenlang ûnderdiel út fan 'e Dútske hjerringfloat. It wie bedoeld om 'e fongen hjerring by de float op te heljen en dan mei alle faasje nei de fêste wâl te ferfieren. Sa koe de fisk sa farsk mooglik ôflevere wurde, sadat de fiskers der de bêst mooglike priis foar baarden.
Yn 2013 wie dat ek it gefal, doe't de Wylde Swan belutsen rekke by in ynsidint mei in oar tallship. Dat wie de NoarskeWyvern, dy't op 11 july fan dat jier op 'e Eastsee tusken de SweedskeeilannenGotlân en Ölân wetter begûn te meitsjen. De bemanning fan 'e Wyvern alarmearre de Sweedske kustwacht om 5.21 oeremoarns. De kustwacht besocht dêrop yn gearwurking mei oare sylskippen, dy't te help skeaten, wêrûnder de Wylde Swan, om mei pompen it sinken fan 'e Wyvern foar te kommen.
Doe't dat krewearjen om 'e nocht bliek, waard de bemanning om 8.00 oere moarns mei in helikopterevakuëarre. Om 9.22 oere krige de kustwacht lykwols berjocht dat trije bemanningsleden fan 'e Wylde Swan wer by de Wyvern oan board gien wiene om nochris te besykjen en hâld it skip boppe wetter. Dat slagge net, en doe't it skip om 9.37 oere sonk, bedarren twa fan 'e trije seelju yn see, wylst de trêde fermist rekke. De beide oerlibbenen waarden mei in helikopter nei it sikehûs brocht. De fermiste, dy't neffens de berjochten bestrûpt rekke wie yn it touwurk, kaam te ferdrinken. It waar wie op dat stuit rûch, mei weagen fan tusken de 3 en 4 meter heech en in hurde wyn. It lichem fan 'e man waard in pear dagen letter troch de Sweedske kustwacht burgen.
Beskriuwing
Om it skip sa fluch mooglik te meitsjen, waard de Wylde Swan oarspronklik lang en smel boud. It is in skoender mei in tonnaazje fan 269 registerton en in bemanning fan 12 koppen. De Wylde Swan hat in lingte fan 63 m, in breedte fan 7,5 m, in djipgong fan 4 m, en in hichte fan 43 m, rekkene fan 'e kyl oant de top fan 'e heechste mêst. It skip beskikt oer 7 seilen, en teffens oer in motor fan 480 pk. De maksimale faasje dy't de Wylde Swan berikke kin, bedraacht 14 knopen (26 km/h). It IMO-nûmer fan 'e Wylde Swan is 5126718, it MMSI-nûmer is 244074000, en de maritime ropletters binne PIWS.