It Standing Rock Yndianereservaat (Ingelsk: Standing Rock Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Standing Rock Sû Stamme (Standing Rock Sioux Tribe) op 'e grins fan 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota.
Geografy
It reservaat leit oan 'e westigge fan 'e rivier de Missoury en de súdigge fan 'e rivieren de Cedar Creek en de Cannonball, wylst de Grand River der dwers trochhinne streamt. Yn it suden grinzget it oan it Cheyenne River Yndianereservaat. It Standing Rock Reservaat omfiemet Sioux County, yn Noard-Dakota, en Corson, yn Súd-Dakota, hielendal, en dêropta noch grutte dielen fan 'e oanswettende countys Dewey en Ziebach, beide yn Súd-Dakota.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe krapoan 8.300 minsken yn it reservaat, dat in oerflak fan goed 9.250 km² hat. It haadplak is Fort Yates, yn it Noarddakotaanske diel fan it reservaat leit, tichteby de Missoury, mar Cannon Ball, yn Noard-Dakota, en McLaughlin, yn Súd-Dakota, hawwe beide mear ynwenners.
De reservaatbefolking bestiet út etnyske Sû (Sioux), foar it meastepart Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai substamme fan 'e Janktonai, mei in lytsere groep Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. De Westlike Dakota libje foar it grutste part yn it Noarddakotaanske diel fan it reservaat, en de Lakota wenje frijwol allegear yn it Súddakotaanske diel.
Skiednis
It Standing Rock Reservaat makke oarspronklik diel út fan it Grutte Sû-reservaat yn westlik Súd-Dakota, dat yn 1868 stifte waard. Nei de nederlaach fan 'e Lakota yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan lykwols troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Standing Rock ien is. It oarspronklike Standing Rock Agintskip binnen it Grutte Sû Reservaat hie in oerflak fan mear as 16.000 km², mar by de opdieling fan 1889 ferlear it mear as de helte dêrfan. Dêr stie foaroer dat it Noarddakotaanske part fan it reservaat, dat nea diel útmakke hie fan it Grutte Sû Reservaat, der doe oan tafoege waard.
De súdgrins fan it Standing Rock Reservaat, mei it Cheyenne River Reservaat, rûn oarspronklik by de Grand River lâns, mar yn 1909 waard troch de Amerikaanske oerheid in stripe lân besuden dy rivier oerhevele fan Cheyenne River nei Standing Rock. Yn 1910 waarden de dielen fan it Standing Rock Reservaat dy't mienskiplik eigendom fan 'e stamme wiene, frijjûn foar kolonisaasje troch blanken.
Boarnen, noaten en referinsjes