It Cheyenne River Yndianereservaat (Ingelsk: Cheyenne River Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Cheyenne River Sû Stamme (Cheyenne River Sioux Tribe), yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.
Geografy
It reservaat leit oan 'e westigge fan 'e rivier de Missoury en de noardigge fan 'e rivier Cheyenne (dêr't it nei ferneamd is), wylst de rivier de Moreau der dwers trochhinne streamt. Yn it noarden grinzget it oan it Standing Rock Yndianereservaat. It Cheyenne River Reservaat omfiemet Dewey County en Ziebach County suver folslein, wylst bûtenreservaatsk beheargebiet sitewearre is yn 'e oanswettende countys Stanley, Haakon en Meade. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe krapoan 8.500 minsken yn it reservaat, dat in oerflak fan mear as 11.000 km² hat en dêrmei yn grutte it fjirde fan 'e Feriene Steaten is. It haadplak is Eagle Butte, mar North Eagle Butte, dat fuort benoarden dêrfan leit, hat mear ynwenners.
Skiednis
It Cheyenne River Reservaat makke oarspronklik diel út fan it Grutte Sû-reservaat yn westlik Súd-Dakota, dat yn 1868 stifte waard. Nei de nederlaach fan 'e Lakota yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan lykwols troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Cheyenne River ien is. It oarspronklike Cheyenne River Reservaat hie in oerflak fan krapoan 13.000 km². Dêrby rûn de noardlike grins mei it Standing Rock Reservaat by de Grand River lâns. Mar yn 1909 waard troch de Amerikaanske oerheid in stripe lân besuden dy rivier oerhevele fan Cheyenne River nei Standing Rock. Yn 1910 waarden de dielen fan it Cheyenne River Reservaat dy't mienskiplik eigendom fan 'e stamme wiene, frijjûn foar kolonisaasje troch blanken.
Hjoed de dei
Hjoed oan 'e dei binne de libbensomstannichheden yn Cheyenne River tige dreech. Der binne alve lytse wenkearnen yn it reservaat, wêrfan't de measten sels noch net iens oansletten binne op 'e wetterlieding. Mei't der net in protte wurk te finen is yn it reservaat sels, noch yn 'e plakken deromhinne, is in grut part fan 'e befolking wurkleas. Selsmoard, benammen ûnder de jongerein, komt rûnom foar. Neffens sifers dy't publisearre binne yn it tydskrift Indian Country Today hat ien op 'e fiif famkes yn Cheyenne River it yn har omgean litten om harsels tekoart te dwaan, wylst ien op 'e tsien it ek wier-wier besocht hat.
Boarnen, noaten en referinsjes