It Santy Yndianereservaat (Ingelsk: Santee Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Santy Sû Naasje (Santee Sioux Nation) yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska.
Algemien
Om persiis te wêzen leit it reservaat yn Knox County, oan 'e súdigge fan 'e rivier de Missoury, dy't dêr de grins mei Súd-Dakota foarmet. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 878 minsken yn it reservaat, wêrfan't 64,1% Yndianen wiene, en 33,7% blanken. It Santy Reservaat hat in oerflak fan krapoan 450 km². It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Niobrara, dat feitliken bûten it reservaat leit; it grutste plak ýn it reservaat is it doarp Santee, fuort oan 'e noardgrins.
Skiednis
De namme fan it reservaat, Santy (Santee), is in alternative (no grutdiels ferâldere) beneaming foar de Eastlike Dakota, foar wa't it reservaat bedoeld wie. It waard yn maart 1863 oprjochte troch it Amerikaanske Kongres, al liet de formele erkenning troch de Amerikaanske presidint noch op him wachtsje oant febrewaris 1866.
De grûn waard sa ferdield: 133 km² foar de bou fan wenten (homesteads), 157½ km² foar yndividueel tawiisd weidlân, 4,6 km² foar it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken, in skoalle en in missy, en de rest as mienskiplik eigendom fan 'e stamme.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes