Under it diktatorialerezjym fan it Galaktysk Keizerryk hearsket op 'e planeetCorellia in tastân fan anargy, wêrby't misdiesyndikaten foar master opslane. De binde fan 'e Wite Wjirmen, fan 'e aaklike frouwe Proxima, rûpelet strjitbern út troch se wurkje te litten yn in steat dy't slavernij deun benei komt. Yn dy sitewaasje groeie de weesjongeHan en syn faamQi'ra op. As se in jier as santjin binne, drukt Han in fleske 'coäxium', tige djoere romteskipbrânstof, efteroer om foar de ôfreis fan himsels en Qi'ra fan Corellia te beteljen. Efternei sitten troch de trewanten fan frouwe Proxima witte se tegearre de romtehaven te berikken, dêr't se twongen binne it fleske coäxium te brûken om in Keizerlike dûanebeämte mei om te keapjen. It frommes lit harren troch, mar Qi'ra wurdt fuort neitiid finzen nommen troch ien fan harren efterfolgers, en Han wurdt fan har skaat troch in tichtklapte feilichheidsdoar.
Han hat gjin oare kar as om sûnder Qi'ra fierder te gean, mar hy swart dat er foar har weromkomme sil. Mei't de trewanten fan frouwe Proxima him noch altyd sykje en om't er sûnder it coäxium gjin manear hat om foar passaazje op in romteskip te beteljen, beslút er him oan te melden foar militêre tsjinst de romtemacht fan 'e Keizerlike Striidkrêften. As de rekrutearringsofsier him nei syn efternamme freget, antwurdet er dat er dy net hat, likemin as famylje. De ofsier tinkt eefkes nei en skriuwt him dan yn ûnder de namme 'Han Solo'.
Trije jier letter, nei't er omreden fan oerhearrigens fuortstjoerd is fan 'e oplieding ta piloat, tsjinnet Han as in ynfanterist op 'e planeetMimban, dêr't it Galaktysk Keizerryk it ferset fan 'e lânseigen befolking de kop besiket yn te drukken. Under in fjildslach yn dridzigerinfuorgen moetet er dêre in trio kriminelen ûnder lieding fan Tobias Beckett, dy't har foardogge as Keizerlike militêren. Han, dy't besletten hat te desertearjen, besiket Beckett te sjantearjen om him mei te nimmen, mar Beckett, dy't it unifoarm fan in luitenant draacht, lit him arrestearje. Neitiid wurdt Han troch in pear sadistyskesoldaten yn in soartemint tsjerker smiten, dêr't in Wookiee finzen holden wurdt, mei as bedoeling dat de Wookiee him opfrette sil. No wol it tafal dat Han Shyriiwook, de taal fan 'e Wookiees, ferstiet en sels in bytsje sprekke kin, en dêrmei wit er de Wookiee, dy't Chewbacca hjit, te bepraten om tegearre te ûntsnappen.
Se sette nei de romtehaven ta, dêr't Beckett-en-dy dwaande binne om in militêr transportskip te stellen. Beckett beslút harren mei te nimmen om't er beseft dat de ûnbidige lichemskrêft fan 'e Wookiee noch wolris fan pas komme kin. Neitiid nimme Han en Chewbacca mei Beckett, dy syn frou Val en de fjouwerearmige Ardennyske piloat Rio diel oan 'e stellerij fan in grutte lading coäxium dat oer it spoarferfierd wurdt op 'e planeet Vandor. Beckett syn soarchfâldich úttochte plan wurdt alhiel yn 'e bulten jage as de Wolkeriders arrivearje, in binde plonderders ûnder lieding fan 'e maskereEnfys Nest, dy't deselde lading coäxium kape wolle. De resultearjende gaos liedt ta de ferneatiging fan it coäxium en de dea fan Val, Rio en ferskate Wolkeriders.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Beckett is neitiid bot oerstjoer oer de dea fan Val, mar hy sit suver noch mear mei de hannen yn it hier oer it ferlies fan 'e lading coäxium. It plan foar de dieverij wie nammentlik net syn eigen, sa bychtet er no op oan Han en Chewbacca, mar dat fan Dryden Vos, in heechpleaatst ûnderwrâldfiguer yn 'e Karmozinen Dage, in wiidferneamd en rûnom freze misdiesyndikaat. Han en Chewbacca biede oan om Beckett te helpen by it goedmeitsjen fan it ferlies fan it coäxium, sadat Vos him foar syn falen net fermoardzje sil. Se geane oan board fan it romtejacht fan Vos, dêr't Han Qi'ra weromsjocht. It docht bliken dat sy nei har skieding fan Han troch frouwe Proxima ferkocht is oan in oare binde, dy't har wer trochferkocht hat oan 'e Karmozinen Dage. Binnen dy organisaasje is hja troch har yntelliginsje opklommen ta assistinte fan Vos.
Han tinkt mei Beckett en Chewbacca in riskant plan op om rou coäxium te stellen út 'e minen op 'e planeet Kessel. Vos giet dêr akkoart mei, mar stiet derop dat Qi'ra harren beselskipje sil om foar him in eachje yn it seil te hâlden. Mei't rou coäxium ynstabyl is en mar beheind hâldber foar't it ûntploft, hawwe se ferlet fan in tige fluch romteskip om 'e lading op 'e tiid nei de raffinaderij op 'e planeet Savareen te bringen. Qi'ra liedt de oaren nei Lando Calrissian ta, in smokkelder en piloat dy't oer ien fan 'e fluchste romteskippen yn it Stjerrestelsel beskikt: de Millennium Falcon. Han daget Lando út ta in potsje sabacc, in kaartspul, wêrby't de ynset de Falcon is. Mar Lando spilet falsk trochdat er in hege spylkaart yn 'e mouwe ferburgen hat, en wint sa it spul. Nettsjinsteande dat seit er syn meiwurking oan 'e misje ta yn ruil foar in oansjenlik diel fan 'e winst.
Dat, mei Lando en syn eksintrike androïde mei feminine programmearring L3-37 set it selskip yn 'e Millennium Falcon koers nei Kessel, in planeet dy't inkeld berikber is fia it Kesselfliet, in nauwe trochgong troch de Akkadeeske Draaistream. Dat is in tichte, ûnferkende dize, dy't ûnfeilich makke wurdt troch los omfleanende asteroïden en planetoïden. Nei't se op Kessel oankommen binne, ynfiltrearje se de troch it Pyke-syndikaat behearske coäxiummyn as in fertsjintwurdiger fan in nije klant (Qi'ra) mei har robot (L3-37) en liifwacht (Beckett), dy't as bewiis fan goede wil in pear slaven (Han en Chewbacca) leveret om yn 'e myn te wurkjen. Wannear't Qi'ra en Beckett de Pykes yn 'e kontrôlekeamer útskeakele hawwe, befrijt L3-37 in robot fan syn twangklem om't er har yn it paad stiet. Op 'e fraach fan 'e robot wat er no moat, antwurdet se mei in sydlingse opmerking dat er de oare robots mar befrije moat. Min ofte mear by fersin ynstigearret L3-37 dêrmei in slave-opstân, mei't de befrijde robots ek de slaven befrije dy't yn 'e myn wurkje.
It is de bedoeling dat Chewbacca en Han, dy't harrensels yn 'e myn ûntdien hawwe fan har bewekkers, it coäxium stelle sille, mar Chewbacca wurdt ôflaat as er guon Wookiees mank de mynslaven sjocht, dat Han langet him syn wapen oer om harren te helpen. Dat betsjut dat it swiere wurk op Han delkomt. It slagget him it coäxium te stellen, en op 'e weromweis nei de Millennium Falcon jout Chewbacca him wer by him. Yn 'e gaos dy't de slave-opstân feroarsake hat, sjitte de bewekkers yn it wylde wei, wêrby't L3-37 op fatale wize skansearre rekket. Lando, fan wa't L3-37 sels earder oan Qi'ra ferteld hat dat er temûk fereale op har (L3-37) is, weaget syn libben om har te rêden, mar hy wit inkeld it boppeste part fan har lichem mei te skuorren. Hy wurdt dêrby yn it skouder sketten, sadat er sels troch Chewbacca rêden wurde moat.
It hiele selskip pykt út yn 'e Millennium Falcon en lit de slaven en de bewekkers it fierders sels útfjochtsje. Op it berjocht fan in slave-opstân op Kessel hat it Keizerryk lykwols in stjerreslachskip stjoerd om it Kesselfliet te blokkearjen, dat Han, dy't de piloat is no't L3-37 útskeakele en Lando ferwûne is, moat útwike yn 'e ûnferkende dize. Efterfolge troch Keizerlike TIE-jagers en in reuseftich wêzen mei tentakels dat yn 'e dize libbet, kinne se op it nipperke ûntkomme oan in swart gat trochdat Beckett de motors fan 'e Falcon opfiert mei in dripke coäxium. Mei help fan Qi'ra slút Lando it ûnthâld fan L3-37 oan op 'e boardkompjûter fan 'e Millennium Falcon, wêrmei't er dy beiden mei-inoar ferraant. Troch it gebrûk fan 'e navigaasjedatabase fan L3-37, dy't neffens Lando de bêste yn it Stjerrestelsel wêze soe, slagget it Han om in paad werom út 'e dize te finen en dêrby de Keizerlike blokkade alhiel te omsilen.
Slim skansearre komt de Millennium Falcon oan op Savareen, dêr't it proses om it folatile coäxium te raffinearjen, halje-trawalje úteinset. De Wolkeriders ûnder lieding fan Enfys Nest arrivearje om it coäxium te stellen, mei't se de binde fan Beckett fan Vandor ôf folge binne. Lando pykt út yn 'e Millennium Falcon en lit alle oaren oan har lot oer. Mar efter it masker fan Enfys blykt in teenagefamke beskûl te gean, dat nei eigen sizzen it masker urven hat fan har mem, in eardere Enfys Nest. Hja bringt út dat de Wolkeriders allegearre ôfkomstich binne fan planeten dy't slim te lijen hân hawwe ûnder it skrikbewâld fan 'e Karmozinen Dage, en dat se eins rebellen binne dy't weromslaan wolle tsjin it misdiesyndikaat en it Galaktysk Keizerryk, dat de opkomst fan it misdiesyndikaat mooglik makke hat. Se hawwe ferlet fan it coäxium om harren opstân mei te finansieren.
Han, dy't sympaty hat foar Enfys-en-dy, beslút om te besykjen Dryden Vos te bedragen en it coäxium oan 'e Wolkeriders ta te spyljen. Beckett fynt dat te riskant, dat hy winsket Han-en-dy it bêste en set ôf. As Han, Qi'ra en Chewbacca letter yn it jacht fan Vos arrivearje, wit dy al ôf fan Han syn plan om it coäxium oan 'e Wolkeriders te jaan en Vos ôf te konfoaien mei in substânsje dy't inkeld op coäxium liket. It docht bliken dat Beckett streekrjocht nei Vos ta gien is om Han te ferrieden. Vos hat sadwaande al syn liifwachten op twa nei stjoerd om Enfys en de Wolkeriders finzen te nimmen en, nei't se it coäxium feilichsteld hawwe, te fermoardzjen. De fetten dy't de Wolkeriders by har hawwe, blike lykwols leech te wêzen, en as it masker fan Enfys ôfgiet, blykt dêrefter in doarpeling fan Savareen beskûl te gean. Han hie nammentlik al rekkene op Beckett syn ferrie, dat hy hat it echte coäxium meinommen nei it jacht fan Vos om him te fluch ôf te wêzen.
Wylst de echte Wolkeriders de liifwachten fan Vos oer it mad komme en oermânsk wurde, lûkt Beckett, oan board fan it jacht fan Vos, syn ploffer en sjit Vos syn lêste beide liifwachten dea. Hy sjocht no nammentlik syn kâns skoan om sels as winner út 'e bus te kommen, dat hy pykt út mei it coäxium mei Chewbacca as gizelder om it guod foar him te dragen. Han en Qi'ra bliuwe efter mei Vos, dy't Han besiket te fermoardzjen. Qi'ra grypt de sabel fan ien fan 'e beide liifwachten dy't Beckett om hals brocht hat en beart dat se har trou oan Vos bewize sil troch Han foar him te deadzjen. Ynstee deadet se Vos sels. Han en Qi'ra tútsje inoar. Hy moat efter Beckett en Chewbacca oan, en sy seit dat se him folgje sil sadree't se Vos syn rykdommen byinoar fandele hat.
Op in klif by see wachtet Han Beckett en Chewbacca op. Beckett, dy't himsels as in soarte fan mentor foar Han opwurpen hat, seit dat er Han no noch ien lêste les leare sil, wylst er temûk risselwearret om Han dea te sjitten. Mar Han bewiist dat er in flugge learder is: ear't Beckett útsprutsen is, sjit Han hìm ynstee del. Oan board fan it jacht makket Qi'ra ûnderwilens gjin risselwaasje om har by Han te jaan, mei't se wit dat as se útnaait, de Karmozinen Dage nea rêste sil foar't sy opspoard en deade is. Om Han te beskermjen, nimt se dêrom fia holografyskekommunikaasje kontakt op mei de heechste baas fan 'e Karmozinen Dage, de eardere Sith-ridderDarth Maul. Se ynformearret him dat Vos fermoarde is troch Beckett, dy't neitiid útpykt is mei it coäxium. Maul oarderet har om har by him te jaan op 'e planeet Dathomir, sadat se tenei nauwer gearwurkje kinne. Qi'ra set mei it jacht fan Vos ôf fan Savareen. Han sjocht har gean.
Neitiid jouwe Han en Chewbacca it coäxium oan Enfys, dy't harren freget om har by de rebûlje te jaan. Han betanket foar de ear. By wize fan tank jout Enfys him in lyts fleske coäxium, dat genôch wurdich is om in eigen romteskip te keapjen. Ynstee spoare Han en Chewbacca Lando op. By harren weriening krûpt Han him oan en set syn âlde feardichheiden as bûsehifker yn om Lando te ûntdwaan fan 'e spylkaart yn syn mouwe. Dêrnei brûkt er it fleske coäxium as ynset foar in nij spultsje sabacc om it besit fan 'e Millennium Falcon. Diskear ferslacht er Lando, dy't op it moment suprème ta ûntdekking komt wat Han dien hat. Neitiid sette Han en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon ôf nei Tatooine, dêr't, sa hat Beckett har earder ferteld, in machtige maffiabaas in grutte winstjaande operaasje gearstalt.
Dêrnjonken fûnen de produsinten dat de regisseurs tefolle ymprovisaasje oanfiteren by de akteurs, mei as gefolch dat "it ferhaal fan 'e koers ôf skode". Lord en Miller besochten Kasdan, dy't woe dat syn skript wurd foar wurd ferfilme waard, tefreden te stellen troch hieltyd earst in take te dwaan wêrby't de akteurs har dialooch wurd foar wurd útsprieken, om dêrnei ferskate takes mei ymprovisaasje op te nimmen. Se wegeren fierder wetter by de wyn te dwaan, wêrnei't Lucasfilm Kasdan nei de filmset ta stjoerde om persoanlik tafersjoch te hâlden. Dat late ta oanboazjende spannings, mei't Lord en Miller Kasdan wat langer wat mear as in 'regisseur yn it skaad' begûnen te sjen, dy't oer harren skouders hinne de úteinlike film makke. Op 't langelêst besleat de studio om Lord en Miller oan 'e dyk te setten, yn 'e mande mei filmeditorChris Dickens, dy't ferfongen waard troch Pietro Scalia.
De rol fan it personaazjeDryden Vos wie oarspronklike ferjûn oan Michael K. Williams, mar doe't der nei it ûntslach fan Lord en Miller reshoots fan 'e sênes nedich wiene dy't troch Lord en Miller opnommen wiene, wie hy dêrfoar net beskikber om't er op dat stuit de film The Red Sea Diving Resort opnaam. De opnamen fan dy film duorren oant novimber2017, en sa lang koe Howard net wachtsje. Dat, de rol fan Vos waard wercast, en Williams waard ferfongen troch Paul Bettany, dy't earder mei Ron Howard gearwurke hie oan A Beautiful Mind en The Da Vinci Code. Dyselde siet op dat stuit sûnder wurk, en doe't er hearde dat Howard de rezjy fan Solo: A Star Wars Story oernommen hie, hied er him in tekstberjocht stjoerd mei de fraach oft er ek in lyts roltsje foar him hie. Fjirtjin dagen letter siet er yn it fleantúch nei Ingelân.
A.O. Scott fan The New York Times skreau dat Solo: A Star Wars Story "himsels net al te serieus nimt, mar ek eltse ûnearbiedige, anargistyskeympuls dy't er besitte mei soarchfâldich yn betwang hâldt." Hy kwalifisearre de film as "in nuveraardich op feilich spyljende kaskreaker, eins in ferfilme Wikipedia-artikel." Yn it tydskriftRolling Stone joech Peter Travers de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy priizge de cast, mar hie krityk op it gebrek oan kreätiviteit: "Han Solo, dy skelmeftige duvel út Star Wars dy't der berucht om is dat er alle regels brekt, fynt himsels no werom yn in film dy't de sjoggers in goed gefoel jaan wol en him dêrom krekt sekuer oan 'e regels hâldt."
Michael Rechtshaffen fan The Hollywood Reporter hie ek lof foar de cast en it produksje-ûntwerp fan Solo: A Star Wars Story, mar hy wie fan miening dat de film oer it gehiel te feilich holden wie. Hy skreau: "Hoewol't de Solo fan Ehrenreich de Millennium Falcon behindich út 'e problemen manûvrearret, folget de film sels in feilich foarsisbere koers. Wat ik hjir mis binne it soarte plotrelatearre of fisuele ferrassings dy't The Last Jedi fan Rian Johnsoon en Rogue One fan Gareth Edwards ús joegen."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Solo: A Star Wars Story in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 482 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is, hoewol't er swakke plakken hat, in fermaaklik romte-aventoer mei in heech tempo, en is sadwaande befredigjend foar lju dy't net mei de franchise bekend binne, likegoed as foar langjierrige fans, salang't dyselden har ferwachtings mar ôfjouwe by de doar." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Solo: A Star Wars Story in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 54 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Solo: A Star Wars Story brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$213,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $179,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $392,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $275 miljoen betsjut dat in winst fan $117,9 miljoen. Dat is foar in protte films in resultaat om fan te dreamen, mar omreden fan 'e mânske marketingkosten, dy't dêr noch ôf moatte, kaam Solo: A Star Wars Story by lange nei út 'e kosten en draaide er eins in ferlies fan (neffens Deadline Hollywood) $76,9 miljoen. De film wurdt dêrom beskôge as in flop.