Savareen sa't de planeet te sjen is yn Solo: A Star Wars Story (2018 ).
Savareen (Ingelske útspr. : [sævəˈriːn], likernôch: "seh-vuh-riin ") is in fiktive planeet út 'e Star Wars -franchise , dy't yntrodusearre waard yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018 ). De sênes op Savareen waarden opnommen op 'e Kanaryske Eilannen . It lânskip fan Savareen waard ynspirearre troch de njoggentjinde-iuwske skilderijen fan it Westen fan 'e Feriene Steaten troch Frederic Edwin Church en Albert Bierstadt . De fertutearze gebouwen waarden ynspirearre troch in stik konseptkeunst mei de titel Bespin : Floating City Ruins , dat troch Ralph McQuarrie makke wie foar de film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980 ), en dat yn 1995 publisearre waard yn it companionboek The Illustrated Star Wars Universe .
Yn it Star Wars -hielal makket Savareen diel út fan it planetestelsel mei deselde namme yn 'e sektor dy't ek Savareen hjit fan 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel . It is in terrestryske planeet mei in tige drûch klimaat , dy't foar it meastepart oerdutsen wurdt troch oseänen en woastinen . De befolking fan 'e planeet bestiet fierhinne út minsken , dy't harsels Savarianen neame. It wichtichste eksportprodukt is Savariaanske brandewyn .
Yn Solo: A Star Wars Story wurdt ferteld hoe't Savareen yn it ferline oerhearske waard troch it ûnmeilydsume misdiesyndikaat Karmozinen Dage. Doe't de Savarianen tsjin dat skrikbewâld yn opstân kamen, waard by de hiele befolking de tonge útsnien. Yn 'e film sels is op Savareen in raffinaderij fêstige foar coäxium, in djoere brânstof foar romteskippen . As in team besteande út 'e deserteur Han Solo , de kriminelen Tobias Beckett en Qi'ra , de gokker Lando Calrissian en de Wookiee Chewbacca in lading rou coäxium út in myn op Kessel stelt , bringe se dat nei Savareen ta om it raffinearje te litten.
By de raffinaderij wurde se oerfallen troch de Wolkeriders, de binde fan Enfys Nest . Dat binne rebellen dy't har tsjin 'e Karmozinen Dage en it diktatoriale Galaktysk Keizerryk keard hawwe, en dy't ferlet hawwe fan 'e coäxium om harren rebûlje te finansieren . Han hat sympaty foar harren saak en betinkt in yngewikkeld plan dat liedt ta de dea fan Beckett en harren opdrachtjouwer Dryden Vos , wêrnei't er it coäxium oan 'e Wolkeriders oerdrage kin.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: