Yn 'e iere skiednis fan Kashyyyk waard de planeet oerweldige troch de Czerka Korporaasje, dy't de Wookiees mei heger ûntwikkele technology ta slaven wist te meitsjen oant de ynfallers by in opstân ferdreaun waarden. Yn 'e tweintich jier foarôfgeande oan 'e perioade dy't yn 'e Skywalker Saga yn byld brocht wurdt, moasten de Wookiees, omreden fan 'e strategyske lizzing fan Kashyyyk, ferskate kearen in ynvaazje fan 'e androïdelegers fan 'e Hannelsfederaasje ôfslaan. Yn 'e Kloane-oarloggen fochten de Wookiees oan 'e kant fan 'e Galaktyske Republyk tsjin 'e separatistyskeKonfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dêr't de Hannelsfederaasje him by oansletten hie. De Konfederaasje begûn in nije ynvaazje, mar (sa't te sjen is yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith) waarden de fijannige troepen troch de Wookiees ferdreaun mei de help fan Jedi-mastersYoda en Luminara Unduli.
De Wookiees hiene mear as oare rassen fan bûtenierdske wêzens te lijen ûnder it skrikbewâld fan it Keizerryk, mei't se folsein ta slaven makke waarden. Ferskate fersetssellen wiene yn dy tiid aktyf op Kashyyyk, net inkeld dy fan 'e Wookiees, mar ek de partisanen fan Saw Gerrera. Nei teminsten ien mislearre opstân slagge it de Wookiees koart nei de Keizerlike nederlaach yn 'e Slach by Endor om it Keizerlik jok ôf te smiten en Kashyyyk te befrijen. Tritich jier letter, by de opkomst fan 'e Earste Oarder, waard Kashyyyk fannijs it toaniel fan in ynvaazje, mar nei de nederlaach en it definityf ferskieden fan 'e út 'e dea opstiene keizer Palpatine yn 'e Slach by Exegol slagge it de Wookiees mei de help fan it Ferset om mei de Earste Oarder ôf te weven.