Skylge (Nederlânsk en offisjeel:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is in gemeente mei 4.900 ynwenners (1 jannewaris2024, boarne: CBS). De gemeente beslacht 674 km² (wêrfan 587,83 km² wetter), mei in kustline fan 89 km. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge, mar ek It Gryn. Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.
Plakken
Op Skylge lizze 15 offisjele plakken. It haadplak fan it eilân is West-Skylge.
Offisjele plakken
De 15 offisjele plakken (doarpen) op it eilân binne:
Skylge is ûntstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden ,binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.
Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. Yn 1814 waard Skylge as in gemeente (sûnt 1813) opnommen yn 'e Provinsje Hollân (nei 1840 fan 'e Noard-Hollân).
Skylge hat twa Fryske dialekten: it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk.