Nijefurd (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Nieuweferd of Nijeferd) is in eardere gemeente yn it súdwesten fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris2010 mei 10.957 ynwenners , en besloech in oerflak fan 289,17 km², wêrfan 192,49 km² wetter.
Skiednis
De gemeente Nijefurd waard yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 gearstald út it grutste part fan de eardere gemeente Himmelumer Aldefurd, feriene mei de gemeenten Warkum, Hylpen en Starum en it doarpNijhuzum dat earder ta de âlde gemeente Wymbritseradiel heard hie. Om't 'Aldefurd' safolle sizze wol as "âld rjochtsgebiet", waard de nije gemeente 'Nijefurd' doe neamd.