Joadske mienskip fan Harns en Skylge
De grientesaak fan 'e famylje Pais yn Harns , omtrint 1920 .
De Joadske mienskip fan Harns en Skylge wie de mienskip fan Joaden dy't foarhinne yn 'e Fryske stêd Harns wennen en har dêrwei ek ferspraten nei it Waadeilân Skylge , dêr't hja har yn it doarp West fêstigen.
Skiednis
De earste Joaden setten har oan 'e ein fan 'e santjinde iuw yn Harns nei wenjen. Dy lju wiene foar it meastepart ôfkomstich út 'e stêden fan Hollân en út Emden , yn it Dútske East-Fryslân . Fan teminsten de midden fan 'e achttjinde iuw ôf hie Harns syn eigen Joadsk begraafplak oan 'e Willemskade, en yn 1812 waard der oan 'e Raamstrjitte in synagoge iepene, dy't letter noch útwreide waard. Fierders krige de stêd ek in eigen Joadske skoalle . Troch dy foarsjennings koe de Joadske mienskip ta bloei komme. Der waarden ferskate Joadske ferienings en genoatskippen oprjochte, en guon Joaden namen diel oan it iepenbiere libben yn Harns, hoewol't se gjin funksjes yn it gemeentlik bestjoer beklaaiden. Omtrint 1870 wie de Joadske mienskip yn Harns mei 356 leden op syn hichtepunt.
It begraafplak oan 'e Willemkade waard yn 1870 sletten, en dêrnei waard in part fan it algmiene begraafplak foar de ferstoarne leden fan 'e Joadske mienskip yn gebrûk nommen. Fan 'e Joaden dy't om 1900 hinne noch yn Harns wennen, fertsjinnen de measten de kost as keapman of winkelman (slachter , grienteboer , ensfh.) Nettsjinsteande de relative wolfeart fan 'e Joaden yn Harns belune harren oantal yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw fluch, mei't in protte Joadske Harnzers, krekt as Joaden út oare Fryske stêden, ferfearen nei plakken yn 'e Rânestêd , lykas Amsterdam en Utert . Likegoed waard yn dy tiid foar en troch de Joaden fan Harns noch in nije frouljusferiening en in nije toanielferiening oprjochte.
Ut Harns wei ferspraten de Joaden har yn 'e njoggentjinde iuw ek nei it Waadeilân Skylge , dêr't in lytse Joadske mienskip ûntstie yn it doarp West . Tsjin 1900 hiene lykwols de measte Joaden it eilân alwer ferlitten. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden ûnder de Dútske besetting fan Nederlân frijwol alle Harnzer Joaden deportearre nei de ferneatigingskampen , dêr't se as ûnderdiel fan 'e Holokaust fermoarde waarden. Itselde lot trof de famylje Pais, de iennichst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, dy't oant yn augustus 1942 op it eilân wenne. Nei de ôfrin fan 'e oarloch waard de Joadske gemeente fan Harns gearfoege mei dy fan Ljouwert . Sa kaam der in ein oan 'e Joadske mienskip fan Harns en Skylge.
Oarlochsdeaden
De leden fan 'e Joadske mienskip fan Harns en Skylge dy't omkamen yn 'e Holokaust , wiene:
Harns
adres
namme
berte
ferstjerren
âldens
berop
opmerkings
Grutte Oksemerk 16
Gabriël Boas
Harns , 9 apr. 1899
Auschwitz , 19 nov. 1942
43 jier
havenarbeider
man fan Dina Boas-Pais, heit fan Joseph Boas
Dina Boas-Pais
Harns , 24 febr. 1882
Auschwitz , 19 nov. 1942
60 jier
húsfrou
frou fan Gabriël Boas, mem fan Joseph Boas
Joseph Boas
Harns , 8 sept. 1922
Ottmuth , 30 juny 1943
20 jier
n.f.t.
soan fan Gabriël Boas en Dina Boas-Pais
Havenplein 24
Lieba Steil-Aftergut
Limanowa , 1 july 1892
Auschwitz , 1 okt. 1942
50 jier
húsfrou
frou fan Moizesz Aron Steil, berne yn súdlik Poalen , mem fan Nechemia en Berel Steil
Berel Steil
Mszana Dolna , 25 sept. 1923
Auschwitz , 30 sept. 1942
19 jier
n.f.t.
berne yn súdlik Poalen , soan fan Lieba Steil-Aftergut en Moizesz Steil
Nechemia Steil
Mszana Dolna , 10 nov. 1925
Auschwitz , 31 jann. 1943
17 jier
skroar
berne yn súdlik Poalen , soan fan Lieba Steil Aftergut en Moizesz Steil
Heechstrjitte 15
Benjamin Raphaël Pais
Harns , 29 juny 1861
Auschwitz , 23 nov. 1942
81 jier
keapman
man fan Jantje Pais-De Vries, heit fan Racheltje Pais
Jantje Pais-De Vries
Harns , 14 july 1868
Auschwitz , 23 nov. 1942
74 jier
húsfrou
frou fan Benjamin Raphaël Pais, mem fan Racheltje Pais
Racheltje Pais
West-Skylge , 4 aug. 1891
Auschwitz , 23 nov. 1942
51 jier
amtner
dochter fan Benjamin Raphaël en Jantje Pais
Hilligewei 19 (letter omneamd ta: Grutte Tsjerkstrjitte 24)
Michiel Speijer
Harns , 18 des. 1902
Sobibor , 26 mrt. 1943
40 jier
tekstylwinkelman
man fan Hanna Speijer-Schulenklopper, heit fan Elkan Aron en Cäcil David Speijer
Hanna Speijer-Schulenklopper
Harns , 17 des. 1902
Sobibor , 26 mrt. 1943
40 jier
húsfrou
frou fan Michiel Speijer, mem fan Elkan Aron en Cäcil David Speijer
Elkan Aron Speijer
Harns , 18 sept. 1930
Sobibor , 26 mrt. 1943
12 jier
n.f.t.
soan fan Michiel en Hanna Speijer
Cäcil David Speijer
Harns , 22 juny 1933
Sobibor , 26 mrt. 1943
9 jier
n.f.t.
soan fan Michiel en Hanna Speijer
Hilligewei 28A
Aron de Vries
Harns , 16 nov. 1865
Auschwitz , 23 nov. 1942
77 jier
keapman
man fan Grietje de Vries-De Wilde, heit fan Klara en Benjamin de Vries
Grietje de Vries-De Wilde
Snits , 7 juny 1867
Auschwitz , 23 nov. 1942
75 jier
húsfrou
frou fan Aron de Vries, mem fan Klara en Benjamin de Vries
Klara de Vries
Harns , 25 aug. 1901
Sobibor , 20 mrt. 1943
41 jier
húsfrou
dochter fan Aron en Grietje de Vries
Benjamin de Vries
Harns , 2 juny 1909
Auschwitz , 30 sept. 1942
33 jier
keapman
soan fan Aron en Grietje de Vries
Lytse Bredepleats 16
Abraham Pais
Harns , 22 juny 1872
Auschwitz , 23 nov. 1942
70 jier
grienteboer
broer fan Esther en Salomon Pais
Esther Pais
Harns , 31 aug. 1874
Auschwitz , 23 nov. 1942
68 jier
húsfrou
suster fan Abraham en Salomon Pais
Salomon Pais
Harns , 14 aug. 1885
plak ûnbekend, 30 sept. 1942
57 jier
grienteboer
broer fan Abraham en Esther Pais
Lytse Bredepleats 18
Levie Pais
Harns , 19 janne. 1977
Auschwitz , 23 nov. 1942
65 jier
grienteboer
man fan Adriana Pais-Rood
Adriana Pais-Rood
De Haach , 13 maaie 1881
Auschwitz , 23 nov. 1942
61 jier
húsfrou
frou fan Levie Pais
Midlumerwei 5
Leonard Leijdesdorff
Frjentsjer , 16 des. 1880
Sobibor , 30 apr. 1943
62 jier
goudsmid
man fan Rosalie Leijdesdorff-Vos
Rosalie Leijdesdorff-Vos
Coevorden , 18 maaie 1892
Sobibor , 30 apr. 1943
50 jier
húsfrou
frou fan Leonard Leijdesdorff
Noarderhaven 18
Raphaël Pais
Harns , 9 mrt. 1893
Auschwitz , 28 febr. 1943
49 jier
ûnbekend
man fan Rosa Pais-Heymann, heit fan Aäron Pais
Rosa Pais-Heymann
Norden , 7 apr. 1901
Auschwitz , 29 okt. 1942
41 jier
húsfrou
frou fan Raphaël Pais, mem fan Aäron Pais
Aäron Pais
Harns , 7 okt. 1921
Auschwitz , 30 sept. 1942
20 jier
kantoarbetsjinde
soan fan Raphaël en Rosa Pais
Noarderhaven 32
Raphaël Pais
West-Skylge , 29 sept. 1893
Auschwitz , 28 febr. 1943
49 jier
keapman
man fan Roosje Pais-Minco, heit fan Jantsje en Benjamin Raphaël Pais
Roosje Pais-Minco
Oldenseal , 26 apr. 1901
Auschwitz , 23 nov. 1942
41 jier
húsfrou
man fan Raphaël Pais, mem fan Jantsje en Benjamin Raphaël Pais
Jantsje Pais
Harns , 31 mrt. 1933
Auschwitz , 23 nov. 1942
9 jier
n.f.t.
dochter fan Raphaël en Roosje Pais
Benjamin Raphaël
Harns , 8 nov. 1934
Auschwitz , 23 nov. 1942
8 jier
n.f.t.
soan fan Raphaël en Roosje Pais
Raamstrjitte 3 (letter omneamd ta: Skritsen 10)
Sally Hes
Bocholt , 31 okt. 1908
Auschwitz , 31 des. 1943
34 jier
rabbyn
man fan Anna Rosa Hes-Van Gelder, heit fan Mathilde Henriëtte Hes
Anna Rosa Hes-Van Gelder
Borne , 1 apr. 1909
Auschwitz , 2 nov. 1942
33 jier
húsfrou
frou fan Sally Hes, mem fan Mathilde Henriëtte Hes
Mathilde Henriëtte Hes
Hingelo , 3 juny 1939
Auschwitz , 2 nov. 1942
3 jier
n.f.t.
dochter fan Sally en Anna Rosa Hes
Roazegrêft 15
Levi Messcher
Haskerlân , 17 juny 1898
Sobibor , 21 maaie 1943
44 jier
fee keapman
man fan Catharina Messcher-Gans, heit fan Hanna Klara en Klara Leonora Messcher
Catharina Messcher-Gans
Aduard , 6 nov. 1898
Sobibor , 21 maaie 1943
44 jier
húsfrou
frou fan Levi Messcher, mem fan Hanna Klara en Klara Leonora Messcher
Hanna Klara Messcher
Harns , 5 febr. 1938
Sobibor , 21 maaie 1943
5 jier
n.f.t.
dochter fan Levie en Catharina Messcher
Klara Leonora Messcher
Harns , 24 juny 1939
Sobibor , 21 maaie 1943
3 jier
n.f.t.
dochter fan Levie en Catharina Messcher
Rommelhaven 26B
Elize de Vries-Odewald
Slochteren , 24 mrt. 1873
Sobibor , 20 mrt. 1943
69 jier
húsfrou
widdo , mem fan Izaäk de Vries
Izaäk de Vries
Harns , 29 apr. 1898
Auschwitz , 28 febr. 1943
44 jier
tekstylkeapman
soan fan Elize de Vries-Odewald
Sâltsleat 135
Nathan Polak
Harns , 29 nov. 1903
Sobibor , 23 apr. 1943
39 jier
keapman
man fan Betsij Polak-Frank, heit fan Izak Nathan Israël Polak
Betsij Polak-Frank
Grins , 30 juny 1902
Sobibor , 23 apr. 1943
40 jier
húsfrou
frou fan Nathan Polak, mem fan Izak Nathan Israël Polak
Izak Nathan Israël Polak
Harns , 17 febr. 1937
Sobibor , 23 apr. 1943
6 jier
n.f.t.
soan fan Nathan en Betsij Polak
Simon Stijlstrjitte 4
Pietje Polak-De Vries
Harns , 15 maaie 1872
Sobibor , 20 mrt. 1943
70 jier
húsfrou
widdo
Stasjonswei 1
Leonard Goldsmid
Sutfen , 30 jann. 1886
Auschwitz , 12 febr. 1943
57 jier
ûnbekend
Sara Goedhart
Roermond , 9 okt. 1884
Auschwitz , 12 febr. 1943
58 jier
húshâldster
West-Skylge
adres
namme
berte
ferstjerren
âldens
berop
opmerkings
Boomstrjitte 1 en 2
Benjamin Jacob Krönstein
West-Skylge , 16 apr. 1922
Auschwitz , 31 mrt. 1944
21 jier
ûnbekend
Judik Pais-Spijer
Harns , 8 nov. 1866
Sobibor , 21 maaie 1943
76 jier
húsfrou
widdo , mem fan Jetje en Sara Pais
Jetje Pais
Harns , 21 july 1882
Auschwitz , 21 july 1943
50 jier
húsfrou
dochter fan Judik Pais-Spijer
Sara Pais
Harns , 2 july 1891
Amsterdam , 28 mrt. 1943
41 jier
húsfrou
dochter fan Judik Pais-Spijer
Neitins Joadske slachtoffers
Hjertmis 2011 besletten Vereniging Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945 de 45 weifierde Joadske oarlochsslachtoffers mei 'stroffelstiennen ' te betinken.[ 1] Troch crowdfunding adoptearren belutsen famyljes en partikulieren stiennen foar in persoan of in hiele húshâlding.
Fanwegen de grutte belangstelling foar it projekt waard besletten om in lytse útstalling yn it Hannemahûs yn te rjochtsjen.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Dijkstra, Tsjomme , De verdwenen Joden van Harlingen en Terschelling , yn: de Ljouwerter Krante , 27 april 2019, s. 40-41.