Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan

Sault Ste. Marie Stamme fan
Tsjippewa Yndianen fan Michigan
Ingelsk Sault Ste. Marie Tribe of
   Chippewa Indians of Michigan
lânseigen Baawiting Anishinaabeg
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Michigan
haadkertier Sault Ste. Marie (Michigan)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 44.000 (2015)
oprjochting 1953 (erkend 1972)
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Sault Ste. Marie Yndianereservaat
lokaasje eastlik Opper-Michigan
oerflak 7,1 km²
ynwennertal ±20.000 (2013)
offisjele webside
www.saulttribe.com
kaart
Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan (Michigan)
Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.

De Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan (Ingelsk: Sault Ste. Marie Tribe of Chippewa Indians of Michigan; Odjibwe: Baawiting Anishinaabeg) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Michigan. De namme fan 'e stamme is ûntliend oan 'e stêd Sault Ste. Marie, dêr't it haadkertier fêstige is, en moat útsprutsen wurde as [su: se:nt mə'ɹi:], likernôch: "sûû seent m'rii". De lânseigen namme foar de stamme (en de stêd) is yn it Odjibwe Bahweting (ek wol stavere as Bawating), dat "it Plak fan Gearkomste" betsjut. De Sault Ste. Marie Stamme is de grutste Yndiaanske stamme fan Michigan. De stamme moat net betize wurde mei de Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa, dat in hiel oare organisaasje is.

Skiednis

De foarâlden fan 'e hjoeddeistige Sault Ste. Marie Stamme hawwe al teminsten tûzen jier yn it gebiet fan 'e Grutte Marren taholden. De Sault Ste. Marie Stamme sels bestiet út mear as tweintich tradisjonele Odjibwe-troepen, dy't in skiednis fan hûnderten jierren hawwe en al bestiene doe't de earste Jeropeänen it gebiet fan 'e Grutte Marren berikten. It earste ferdrach tusken dy troepen en it regear fan 'e Feriene Steaten wie it Ferdrach fan Sault Ste. Marie fan 1820, wêrby't de Odjibwe 41,4 km² grûn oan 'e rivier de St. Marys oan 'e Amerikanen ôfstiene foar de bou fan Fort Brady.

By it Ferdrach fan Washington, út 1836, stiene de Odjibwe it noardlike part fan Neder-Michigan en it eastlike part fan Opper-Michigan oan 'e Feriene Steaten ôf yn ruil foar kontante betelling en it eigendomsrjocht fan 250.000 acres (1.012 km²) lân. Lykwols moasten hja tasjen hoe't blanke kolonisten harren yn 'e jierren dêrnei op dat lân nei wenjen setten sûnder har om 'e oerienkomsten mei de Yndianen te bekroadzjen. Yn 1855 sleaten de Odjibwe it Ferdrach fan Detroit mei de Amerikanen, wêrby't it oerbleaune lân ferdield waard ûnder Yndiaanske gesinnen, om te bewissigjen dat it yn Yndiaanske hannen bleau. Dêrmei gie harren erkenning as stamme lykwols ferlern.

Nei't yn 1934 ûnder it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje oannommen wie, wêryn't de lânseigen befolking fan 'e Feriene Steaten oanfitere waard om it eigen bestjoer te herfoarmjen en modernisearjen, kamen yn 'e 1940-er jierren guon Odjibwe fan 'e Suger Island-troep fan 'e Sault Ste. Marie Stamme gear en besleaten om te besykjen om harren federale erkenning werom te winnen. Dat wie net maklik, want dy lju wiene earm en leech-oplaat en hiene gjin politike stipe of ferstân fan 'e wurkwizen fan 'e Amerikaanske burokrasy. Likegoed krigen se foar it ferstân dat hoewol't harren foarâlden yn 'e njoggentjinde iuw harren formele stammestruktuer opjûn hiene, dat net betsjutte dat de stamme foar de Amerikaanske wet opholden hie te bestean. As se bewize koene dat sy de wetlike erfgenamten fan 'e oarspronklike Odjibwe-troepen wiene, koene se harren federale erkenning weromwinne, wat njonken selsbestjoer ek in protte rjochten, subsydzjes en belestingfoardielen opsmite soe.

Op 24 desimber 1953 waarden de Oarspronklike Troepen fan Tsjippewa Yndianen en Harren Erfgenamten (Original Bands of Chippewa Indians and Their Heirs) oprjochte, de foarrinder fan 'e Sault Ste. Marie Stamme. De leden wiene tweintich jier lang op 'e sneup yn argiven om histoaryske dokuminten en ynformaasje út folkstellings byinoar te bringen, foar't se begjin jierren santich einlings en te'n lêsten in petysje oanbiede koene oan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fan it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. Fan gefolgen waarden de Oarspronklike Troepen fan Tsjippewa Yndianen en Harren Erfgenamten op 7 septimber 1972 wer federaal erkend, wêrnei't de namme fan 'e organisaasje feroare waard yn 'e Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan. Op 17 maaie 1973 waard it lân fan 'e Sault Ste. Marie Stamme yn behear nommen troch it BIA, wêrnei't it op 20 febrewaris 1975 de status fan in Yndianereservaat krige.

Demografy

De leden fan 'e Sault Ste. Marie Stamme binne etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De Sault Ste. Marie Stamme is ien fan 22 stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't de Odjibwe yn 'e Feriene Steaten fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2015 hie de Sault Ste. Marie Stamme doe rom 44.000 leden, wêrmei't it ien fan 'e gruttere Yndiaanske stamme-organisaasjes fan 'e Feriene Steaten is en de grutste Yndianestamme fan 'e steat Michigan.

Yn 1972, doe't de stamme syn federale erkenning weromwûn, wie it ledetal folle leger, mar yn 1979 waard troch it stammebestjoer in resolúsje oannommen dy't it ek mooglik makke foar de leden fan 'e tradisjonele Mackinac-troep fan Odjibwe om lid te wurden fan 'e Sault Ste. Marie Stamme. Dêrmei waard doe it ledetal yn ien klap ferdûbele. In diel fan 'e Mackinac-Odjibwe (besteande út lju dy't net lid binne fan 'e Sault Ste. Marie Stamme) foarmet tsjintwurdich de Mackinac Troepen fan Tsjippewa en Ottawa Yndianen, dy't erkenning fan 'e steat Michigan genietet. Mear as 14.000 leden fan 'e Sault Ste. Marie Stamme wenje yn Neder-Michigan, en 11.000 dêrfan wenje binnen in omtrek fan 160 km (of 100 myl) fan Lansing, de haadstêd fan Michigan.

Reservaat

It reservaat fan 'e Sault Ste. Marie Stamme is it Sault Ste. Marie Yndianereservaat, dat yn noardlik Michigan op 'e eastlike punt fan it skiereilân Opper-Michigan leit, deun by de grins mei de Kanadeeske provinsje Ontario. It bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende perselen ferspraat oer Opper-Michigan, dy't opdield binne yn fiif dielen (units). It hat in totaal oerflak fan 7,1 km² (706,4 ha). In diel fan it reservaatlân leit binnen de beboude kom fan 'e stêd Sault Ste. Marie, dêr't ek it haadkertier fan 'e stamme fêstige is. Twatrêde part fan it reservaat leit yn Chippewa County (dêr't Sault Ste. Marie it haadplak fan is), benammen yn it plattelânsdistrikt Sugar Island Township, eastlik fan 'e stêd.

Bestjoer en foarsjennings

De Sault Ste. Marie Stamme hat in bestjoer dat bestiet út in stammeried en in foarsitter dy't beide mei geregelde tuskenskoften by demokratyske ferkiezings troch de stimberjochtige leden fan 'e stamme keazen wurde. De grûnwet fan 'e stamme datearret fan 'e hjerst fan 1975. De Sault Ste. Marie Stamme hat in eigen rjochtbank en in eigen plysjekorps, en jout in eigen krante út, Win Awenen Nisitotung, dat safolle betsjut as "dy't it goed foar it ferstân hat". Behalven dat it haadkertier yn 'e stêd Sault Ste. Marie fêstige is, runt de stamme dêr ek in klinyk foar syn leden. Soartgelikense kliniken wurde ûnderholden yn St. Ignace, Manistique, Munising, Newberry en Hessel.

Fierders wurdt troch it stammebestjoer sterk de klam lein op 'e beskikberheid fan ûnderwiis foar de Yndiaanske jongerein, en rikt de stamme stúdzjebeurzen út oan talintearre studinten (ûnder de eigen leden). De stamme hat ek meiholpen om 'e Joseph K. Lumsden Bahweting Anishnabe Public School Academy yn Sault Ste. Marie op te rjochtsjen, dy't yn 1998 omneamd waard ta eare fan Joseph K. Lumsden, in stammelieder fan 'e Sault Ste. Marie Stamme dy't de earste programma's op it mêd fan húsfêsting, ûnderwiis en sûnenssoarch foar de stammeleden opstelde. In oare ûndernimming fan 'e stamme is it Chi Mukwa ("Grutte Bear") Rekreaasjesintrum yn Sault Ste. Marie, dat twa iishokkybanen, in basketbalseal, in follybalseal, in aerobicskeamer en in fitness-sintrum omfettet. Fierders runt de stamme twa Midjim-supermerken, ien yn Sault Ste. Marie en ien yn St. Ignace, dêr't stammeleden koarting op benzine en sigaretten krije.

Kasino's

Ek hat de Sault Ste. Marie Stamme yn Opper-Michigan ûnder de merknamme 'Kewadin' fiif kasino's yn bedriuw, yn Sault Ste. Marie, St. Ignace, Manistique, Christmas en Hessel. Foarhinne runde de stamme ek it Greektown Casino yn Detroit, oant de Michigan Gaming Control Board, in oerheidsynstânje dy't yn Michigan tafersjoch hâldt op iepenbiere gelegenheden dêr't kânsspullen oanbean wurde, yn 2010 besleat om it útbaten fan dat kasino oan oare ynvestearders oer te dragen. Sûnt dy tiid siket de Sault Ste. Marie Stamme nei nije mooglikheden foar kasino's yn Neder-Michigan, wêrby't men yn 't bysûnder lokaasjes yn Romulus en Lansing op it each hat.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!