Sault Ste. Marie is (útspr.: [su: se:nt mə'ɹi:], likernôch: "sûû seent m'rii"; Odjibwe: Bahweting) is in stêd yn it noarden fan 'e AmerikaanskesteatMichigan, dy't tsjin 'e grins mei Kanada oan leit. It is it haadplak fan it omlizzende Chippewa County. De stêd waard yn 1668 stifte en is dêrmei de âldste permanint bewenne delsetting fan Michigan en de op twa nei âldste stêd fan Noard-Amearika bewesten de Appalachen. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Sault Ste. Marie doe rom 14.000 ynwenners, wêrmei't it de twadde stêd fan it tinbefolke skiereilânOpper-Michigan is. Sault Ste. Marie yn Michigan moat net betize wurde mei de oanswettende (en gruttere) susterstêd Sault Ste. Marie yn 'e Kanadeeske provinsjeOntario.
Etymology
De namme Sault Ste. Marie komt fan it FrânskSault Ste.-Marie, folút Sault Sainte-Marie, dat letterlik "de streamfersnellings fan 'e Hillige Marije" betsjut, mar ferwiist nei de streamfersnellings yn 'e rivier de St. Marys. (It Frânske wurd sault is besibbe oan "salto".) Yn it Frânsk wurdt de namme útsprutsen as [so sɛ̃ ma'ʀi] (likernôch "so sêng m'ry"), mar yn it Amerikaansk-Ingelsk is de útspraak ferbastere ta [su: se:nt mə'ɹi:] (likernôch: "sûû seent m'rii"). Yn it gewoane spraakgebrûk steane stêd en direkte omkriten ek wol bekend as The Sault, of mei fonetyskerestaveringThe Soo. Yn it Odjibwe, de taal fan 'e Odjibwe-Yndianen, dy't yn 'e krite lânseigen binne, hjit Sault Ste. Marie fan Bahweting (gauris stavere as Bawating), dat "it Plak fan Gearkomste" betsjut.
Nei in nije Britske nederlaach yn 'e Oarloch fan 1812 kaam Opper-Michigan yn 1817 úteinlik dochs foargoed yn Amerikaanske hannen. De Amerikanen ferbeaen Kanadeeske pelskeaplju om noch op harren gerjochtichheid te kommen, wat de hannel slim beneidiele en de koheezje fan 'e ekonomy fan 'e krite ferbriek. De grins kaam boppedat midden yn 'e rivier de St. Marys te lizzen, sadat de delsetting Sault Ste. Marie midstwa snien waard, mei't de iene helte yn Kanada en de oare helte yn 'e Feriene Steaten kaam te lizzen.
Doe't yn 1825 it Earykanaal yn 'e steat New York reekaam, sadat der in direkte skipfeartferbining tusken de stêd New York en de Grutte Marren ûntstie, hie dat dramatyske gefolgen foar Sault Ste. Marie. De delsetting waard suver oerspield troch blanke kolonisten út it Easten, dy't troch har nûmerike oermacht de kosmopolityske kultuer fan 'e iere kolonisten al rillegau tesmoarden. De nijynkommelingen stiene boppedat oer it algemien in stik rasistysker foar de Yndianen en de Mety oer. Fanwegen de streamfersnellings yn 'e St. Marys wie Sault Ste. Marie lange tiid in knelpunt foar de skipfeart oer de Grutte Marren, dêr't fracht oer lân om 'e streamfersnellings hinne droegen (of mei boat en al deromhinne sleept) wurde moast. Yn 1855 waarden de earste slûzen oanlein, dy't fan grut belang foar de pleatslike ekonomy wiene.
Yn 1887 krige Sault Ste. Marie stedsrjochten. Yn 1900 iepene de Northwestern Leather Company der in leartouwerij, dêr't lear makke waard foar de fabrikaazje fan fuotark. Oant dat fabryk yn 1958 tichtgie, soarge it foar in protte wurkgelegenheid yn 'e stêd. Under de Grutte Depresje liet Sophia Nolte Pullar yn 1938 $70.000 nei foar de bou fan it Pullar Community Building, dat yn 1939 iepengie. Dat publyk tagonklike gebou omfieme û.m. binnendoariisbaan mei keunstiis, dat doedestiden in revolúsjonêr konsept wie. De iisbaan bestiet noch altyd, en is no eigendom fan 'e gemeente.
It besjen wurdich
De skipfeart oer de Grutte Marren omsylt de streamfersnellings yn 'e rivier de St. Marys, dêr't Sault Ste. Marie syn namme oan tanket, troch in stelsel fan grutte slûzen, dat de Soo Locks hjit. Dat is it drokste kanaal fan 'e wrâld as men neffens tonnaazje rekkenet. De grutste skippen dy't troch de slûzen passe, binne 300 m lang by 32 m breed. Lytsere skippen en de plezierfeart brûke it fierhinne ferâldere Kanadeeske Sault Ste. Mariekanaal. De wurking fan 'e Soo Locks lûkt in protte toeristen.
Sault Ste. Marie is fierders it plak dêr't op jierlikse basis de International 500-race mei sniescooters holden wurdt. De namme fan dy wedstryd wurdt faak ferkoarte ta de I-500 (útspr. "Aai"-five hundred). Dit evenemint, dat ynspirearre is troch Indianapolis 500-autorace, bestiet sûnt 1969 en lûkt belangstellenden út 'e hiele Feriene Steaten en Kanada.
Demografy
Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Sault Ste. Marie yn 2012 in befolking fan 14.194 minsken. De Kanadeeske susterstêd Sault Ste. Marie is folle grutter en hat goed 75.000 ynwenners. Mei-inoar foarmje de beide plakken in lytse stêdekloft mei yn totaal in befolking fan krapoan 90.000 minsken. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Sault Ste. Marie (Michigan) 13,9% âlder as 65 jier en 21,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 17,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 19,6% fan 'e minsken yn 'e leeftydskategory ûnder de 18.
Sault Ste. Marie hat in fochtich lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde, snieïgewinters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –5 °C. Rekôrtemperatueren dy't yn Sault Ste. Marie fêstlein waarden, wiene 37 °C en –38 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 836,8 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 305,8 sm snie.