It Sault Ste. Marie Yndianereservaat (Ingelsk: Sault Ste. Marie Indian Reservation; útspr.: [su: se:nt mə'ɹi:], likernôch: "sûû seent m'rii") is it reservaat fan 'e federaal erkende Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan (Sault Ste. Marie Tribe of Chippewa Indians of Michigan). It reservaat leit yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan, en bestiet út ferskate perselen grûn. It haadkertier is fêstige yn 'e stêd Sault Ste. Marie.
Geografy
It Sault Ste. Marie Reservaat leit yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan. It bestiet út ferskate, net opinoar oanslutende perselen lân, ferspraat oer sân ferskillende countys yn it eastlike part fan it skiereilân Opper-Michigan. Sadwaande is it reservaat opdield yn fiif bestjoerlike parten of units, dy't fan ien oant en mei fiif nûmere binne. It meastepart fan it reservaat, 510,7 ha, leit yn Chippewa County, wêrfan 32,4 ha binnen de beboude kom fan 'e stêd Sault Ste. Marie (oan 'e grins mei de Kanadeeske provinsje Ontario), dêr't ek it haadkertier fan 'e stamme fêstige is. De oare 478,3 ha yn Chippewa County leit foar it meastepart yn it plattelânsdistrikt Sugar Island Township, eastlik fan 'e Sault Ste. Marie.
Fan restearjende grûn leit 131,1 ha yn Mackinac County; 31,6 ha yn Schoolcraft County; 15,0 ha yn Alger County; 8,9 ha yn Delta County; 6,9 ha yn Luce County; en 2,2 ha yn Marquette County. De Sault Ste. Marie Stamme hat ek in perseel fan 2,8 ha yn besit yn Wayne County, en 0,2 ha yn 'e stêd Lansing, yn Ingham County, beide yn Neder-Michigan, mar dy beide perselen hearre net ta it Sault Ste. Marie Reservaat.
Demografy
Neffens gegevens út 2013 wennen doe likernôch 20.000 leden fan 'e Sault Ste. Marie Stamme binnen de grinzen fan it reservaat. Dêrmei hat it reservaat in befolkingstichtens fan mar leafst 2.831,3 minsken de km², wat feroarsake wurdt trochdat ferskate perselen lân binnen de beboude kom fan stêden lizze. By de mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings fan it stammebestjoer stimme de leden fan 'e Sault Ste. Marie Stamme dy't bûten it reservaat wenje ornaris yn 'e unit dêr't hja foarâlderlike bannen mei ûnderhâlde.
Skiednis
It grûngebiet fan 'e Sault Ste. Marie Reservaat waard yn 1973 yn behear nommen troch it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fan it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken, nei't de Sault Ste. Marie Stamme it jiers dêrfoar federale erkenning krigen hie. Nei goedkarring fan it BIA kaam it reservaat formeel ta wêzen op 20 febrewaris 1975.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.
|