Rutger Oelsen Hauer (Breukelen , 23 jannewaris 1944 - Beetstersweach , 19 july 2019 ) wie in Nederlânsk akteur dy't sûnt de jierren tachtich benammen yn de Feriene Steaten wurket. Foar syn rol yn Blade Runner waard hy nominearre foar in Academy Award . Ta de haadprizen dy't er wûn hearre in Golden Globe , twa Gouden Keallen en in Rembrandt Award .
Libben en wurk
De wenpleats fan Rutger Hauer, Poastwei 2, Beetstersweach
Hauer is in soan fan de akteurs Arend Hauer en Teunke Mellema (1906-1979). Doe't Hauer de Amsterdamske Toanielskoalle dien hie yn 1967 spile er in skoft by de Noarder Kompanjy út Drachten yn ferskate stikken, dêr wiene Shakespeare 's Richard III , John Steinbeck 's Of Mice and Men , Joost van den Vondel 's Joseph in Dothan en Max Frisch syn Biedermann und die Brandstifter by.
Yn 1969 waard Hauer yn it hiele lân bekend mei de haadrol yn de telefyzjesearje Floaris , in avontoererige dy't him yn de Midsiuwen ôfspile. Yn dy tolfdielige searje fan regisseur Paul Verhoeven spile Hauer ridder Floaris fan Rosemondt.
Yn 1973 krige er as filmakteur ynternasjonale bekendheid troch syn haadrol yn Turks Fruit , (nei it boek fan Jan Wolkers ). It levere him syn earste byrol op yn in Ingelsktalige film, The Wilby Conspiracy út 1975 , mei Sidney Poitier en Michael Caine . Yn de jierren tachtich wie er ek te sjen yn Ingelân yn in rige reklamespots foar Guinness .
Nei 1990 begûn Hauer hieltyd mear yn B-films en tf-searjes te spyljen. Hy wie foaral te sjen yn aksje -, horror - en sciencefictionfilms mei in relatyf leech budget, trochstrings yn de rol fan in minnen-ien.
Yn it nije millennium begon Hauer oan in comeback nei de A-film.
Hauer boaske yn 1985 syn twadde frou Ineke ten Cate, dochter fan sjoernalist Laurens ten Cate (sy wiene al by elkoar sûnt 1968). Hauer hat ien dochter, aktrise Aysha Hauer , berne yn 1966 en hy is pake wurden yn 1988 .
Hauer stoar nei in koart siikbêd yn de âlderdom fan 75 jier thús yn Beetstersweach . Der stie fan him in rou-advertinsje yn 'e Ljouwerter Krante . De útfeart mei kremaasje wie yn besletten rûnte op 24 july 2019.
Filmografy
Rutger Hauer as Floris
Rutger Hauer en Monique van de Ven (1972)
Hantekening fan Rutger Hauer
Monsieur Hawarden (1969) - rol ûnbekend, sênes fuortknipt
Floris (telefyzjesearje, 12 ôf., 1969) - Floris van Rosemond
The Pathfinders (telefyzjesearje ôfl. Sitting Ducks , 1972) - Pieter van Paersen
Waaldrecht (telefyzjesearje, ôfl. Taxi Meneer? , 1973) - Rogier de Jonge
Repelsteeltje (1973) - kening
Turks Fruit (1973) - Erik Vonk
Pusteblume (1974) - Rick
Floris van Rosemond (telefyzjesearje, 1975) - Floris fan Rosemond
La donneuse (1975) - ...
The Wilby Conspiracy (1975) - Blane van Niekirk
Keetje Tippel (1975) - Hugo
Das Amulett des Todes (1975) - Cris
Het Jaar van de Kreeft (1975) - Pierre
Max Havelaar (1976) - Duclari
Soldaat van Oranje (1977) - Erik Lanshof
Mysteries (1978) - Johan Nagel
Pastorale 1943 (1978) - August Schultz
Es begann bei Tiffany (telefyzjefilm, 1979) - Ryder
Een Vrouw tussen Hond en Wolf (1979) - Adriaan
Grijpstra en de Gier (1979) - Rinus de Gier
Duel in de diepte (telefyzjesearje, 1979) - John van der Velde
Spetters (1980) - Gerrit Witkamp
Nighthawks (1981) - Reinhardt Heimar Wulfgar
Chanel Solitaire (1981) - Etienne de Balsan
Inside the Third Reich (telefyzjefilm, 1982) - Albert Speer
Blade Runner (1982) - Roy Batty
The Osterman Weekend (1983) - John Tanner
A Breed Apart (1984) - Jim Malden
Eureka (1984) - Claude Malliot van Horn
Ladyhawke (1985) - kaptein Etienne Navarre
Flesh & Blood (1985) - Martin
The Hitcher (1986) - John Ryder
Wanted: Dead or Alive (1987) - Nick Randall
Escape from Sobibor (telefyzjefilm, 1987) - Aleksander 'Sasha' Petsjersky
Salute Of The Jugger (1988)
The Legend of the Holy Drinker (1988) - Andreas Kartak
The Law of the Desert (minysearje, 1989) - Tom Burton
The Edge (telefyzjefilm, 1989) - ...
Blind Fury (1989) - Nick Parker
As Long as It's Love (1989) - John Knott
The Blood of Heroes (1989) - Sallow
Bloodhounds of Broadway (1989) - The Brain
Wedlock (telefyzjefilm, 1991) - Frank Warren
Beyond Justice (1992) - Tom Burton
Past Midnight (1992) - Ben Jordan
Split Second (1992) - Harley Stone
Buffy the Vampire Slayer (1992) - Lothos
Arctic Blue (1993) - Ben Corbett
Blind Side (telefyzjefilm, 1993) - Jake Shell
Voyage (telefyzjefilm, 1993) - Morgan Norvell
Surviving the Game (1994) - Thomas Burns
Amelia Earhart: The Final Flight (telefyzjefilm, 1994) - Fred Noonan
Nostradamus (1994) - mystike mûnts
The Beans of Egypt, Maine (1994) - Reuben Bean
Fatherland (telefyzjefilm, 1994) - SS -Sturmbannführer Xavier March
Blood of the Innocent (1995) - dr. Lem
Crossworlds (1996) - A.T.
Mariette in Ecstasy (1996) - kapelaan
Mr. Stitch (telefyzjefilm, 1996) - dr. Rue Wakeman
Precious Find (1996) - Armond Crille
Knockin' on Heaven's Door (1997) - Curtiz
Blast (1997) - Leo
Omega Doom (1997) - Omega Doom
Lexx: The Dark Zone (minysearje, 1997) - Bog
The Call of the Wild: Dog of the Yukon (telefyzjefilm, 1997) - John Thornton
Hostile Waters (telefyzjefilm, 1997) - kaptein Britanov
Bleeders (1997) - dr. Marlowe
Lexx: The Dark Zone (telefyzjesearje, ôf. Eating Pattern, 1997) - Bog
Deathline (1997) - John Anderson Wade
The Ruby Ring (telefyzjefilm, 1997) - Patrick Collins
Tactical Assault (1998) - kaptein John 'Doc' Holiday
Merlin (telefyzjefilm, 1998) - kening Vortigern
Bone Daddy (1998) - William H. Palmer
Simon Magus (1999) - greve Albrecht
New World Disorder (1999) - David Marx
Lying in Wait (2000) - Keith Miller
Partners in Crime (2000) - Gene Reardon
The 10th Kingdom (minysearje, 2000) - Huntsman
Wilder (2000) - dr. Sam Dennis Charney
The Room (2001) - Harry
The Last Words of Dutch Schultz (2001) - Arthur 'Dutch Schultz' Flegenheimer (stim)
Jungle Juice (2001) - Jean-Luc
Turbulence 3: Heavy Metal (2001) - ko-piloat MacIntosh
Flying Virus (2001) - Ezekial
The God's Bankers (2002) - kardinaal Marcinkus
Scorcher (2002) - presidint Nelson
Warrior Angels (2002) - Grekkor
Confessions of a Dangerous Mind (2002) - Keeler
Alias (telefyzjesearje, ôfl. Phase One , 2003) - Anthony Geiger
Smallville (telefyzjesearje, ôfl. Phoenix & Exile , 2003) - Morgan Edge
In the Shadow of the Cobra (2004) - Gallo
Tempesta (2004) - Van Beuningen
'Salem's Lot (telefyzjefilm, 2004) - Kurt Barlow
Never Enough (2004) - Sebastian
Sin City (2005) - kardinaal Roark
Batman Begins (2005) - Earle
Dracula III: Legacy (2005) - greve Dracula
Mirror Wars: Reflection One (2005) - de baas
The Poseidon Adventure (telefyzjefilm, 2005) - biskop August Schmitt
The Hunt for Eagle One (2006) - generaal Frank Lewis
Crusade of Vengeance (2006) - Grekkor
Minotaur (2006) - Cyrnan
Mentor (2006) - Sanford Pollard
The Hunt for Eagle One: Crash Point (2006) - generaal Frank Lewis
Goal II: Living the Dream (2007) - Rudi van der Merwe
7eventy 5ive (2007) - Detective Criton
Moving McAllister (2007) - McAllister
Starting Over (Telefyzjefilm, 2007) - Peter Rossen
Magic Flute Diaries (2008) - Dr. Richard Nagel
Spoon (2008) - Victor Spoon
Bride Flight (2008) - Frank
The Rhapsody (2008) - ...
The Prince of Motor City (telefyzjefilm, 2008) - ...
Oogverblindend (2009) - Cyrus Frisch
Barbarossa (2009) - keizer Freark Barbarossa
Happiness Runs (2010) - Insley
The 5th Execution (2010) - Hunt
Life's a Beach (2010) - Jean-Luc
The Mill and the Cross (2011) - Pieter Bruegel
Hobo with a Shotgun (2011) - swalker
The Rite (2011) - Istvan Kovak
Black Butterflies (2011) - Abraham Jonker
De Heineken Ontvoering (2011) - Freddie Heineken
Alle for én (2011) - Niemeyer (Deenske film)
True Blood (2013-2014) - Niall Brigant
Francesco (2014, telefyzjefilm) - heit fan Francesco
The Scorpion King 4: Quest for Power (2015) - kening Zakkour
Michiel de Ruyter (2015) - admiraal Maarten Tromp
WAX: We Are The X (2015) - Aaron Mulder
Valerian and the City of a Thousand Planets (2017) - presidint fan 'e Wrâldsteatfederaasje
24 Hours to Live (2017) - Frank
The Sisters Brothers (2018) - de kommandeur
Ferskaat
Yn 2004 einige er op nr. 92 by de ferkiezing fan de Grutste Nederlânner .
Mei de The Rutger Hauer Starfish Association krewearret Hauer him foar it lot fan mei Hiv besmette bern en swiere froulju.[ 1] Teffens stipet Hauer Sea Shepherd en sit er yn de "Board of Advisors" fan dy organisaasje.
Hauer wennet offisjeel yn Hollywood (FS), mar hat ek altyd in went yn Fryslân oanholden, nammentlik in eardere pleats yn Beetstersweach .
Yn april 2007 ferskynde syn autobiografy All Those Moments: Stories of Heroes, Villains, Replicants, and Blade Runners (co-skriuwer Patrick Quinlan) dêr't er in protte syn filmrollen yn besprekt.[ 2] Alles wat boek opsmyt giet nei Hauer's Starfish Foundation .
Septimber 2009 krige Hauer 'de Gratama', de nei Rients Gratama neamde kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân . De priis wurdt útrikt oan minsken dy't harren 'bûtengewoan fertsjinstlik makke hawwe op kultureel-maatskiplik mêd yn Fryslân'.[ 3]
Rutger Hauer Award
Filmfestival Shortcutz Amsterdam rikt fan 2020 ôf de Rutger Hauer Award út oan in persoan of ynstelling dy't troch jonge filmmakkers as ynspiraasjeboarne sjoen wurdt. De earste Rutger Hauer Award is takend oan regisseur Paul Verhoeven .
Keppelingen om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
↑ Rutger Hauer Starfish Association . Accessed 2008-05-30.
↑ Rutger Hauer and Patrick Quinlan. All those moments: stories of heroes, villains, replicants, and Blade Runners , New York, NY: HarperEntertainment, 2007. ISBN 0061133892 .
↑ Wykblêd Áctief', 23 septimber 2009. Foarside.
Wikipedia nl, Rutger Hauer .