Sadwaande geane se yn houliksterapy by in dokter Wexler, dy't harren befreget oer hoe't se eins mei-inoar yn 'e kunde kommen binne. Dat wie yn Bogotá, de haadstêd fan Kolombia, dêr't se allebeide allinne wiene doe't der in heechpleatste pommerantfermoarde waard troch in bûtenlanner. De Kolombiaanske plysje gie dêrnei alle hotels ôf om bûtenlanners dy't allinne wiene te ûnderfreegjen, en om dêroan te ûntkommen, bearden John en Jane dat se byinoar hearden. Se brochten tegearre de jûn troch, slaggen dy nachts mei-inoar op bêd, rekken fereale en krigen in relaasje, dy't net folle letter útmûne yn in trouwerij.
Nei it earste besyk oan dokter Wexler besluten John en Jane dat se it mar in nuvere kwant fûnen mei syn fragen oer seks, en dat syn kantoar ek fiersten te fier riden is. Dêrom litte se it mar by ien konsult. Los faninoar geane se lykwols allebeide, sûnder dat se it faninoar witte, werom nei Wexler om help te krijen foar harren rynkranke houlik. Wexler bewissiget sawol John as Jane derfan dat de swierrichheden yn harren relaasje hiel gewoan binne en folslein itselde as wat miljoenen oare troude pearen meimeitsje. Dêr is er lykwols raar mis mei, want hy wit net dat sawol John as Jane, op 'e nij sûnder dat se it faninoar witte, eins hiermoardner fan berop is. De houliksproblemen binne fierhinne te witen oan it feit dat se inoar allegeduerigen foarlige moatte en wol fernimme dat de oare ek net alhiel earlik is, mar net trochfreegje wolle om't se sels tefolle te ferbergjen hawwe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
As John en Jane allebeide Benjamin "The Tank" Danz, in finzene fan 'e Amerikaanske militêreynljochtingetsjinstDIA, as folgjende doelwyt tawiisd krije, ride se inoar yn 'e tsjillen, mei as gefolch dat Danz de dûns ûntspringt en de DIA beseft dat der hiermoardners efter harren arrestant oan sitte. De bedriuwen dêr't John en Jane foar wurkje, jouwe harren beiden opdracht om 'e konkurrearjende hiermoardner te eliminearjen, mei't de kâns no bestiet dat de eigen identiteit by de tsjinpartij bekend is. Se krije 48 oeren om dy taak te folbringen.
Al rillegau ûntdekke John en Jane wa't de hiermoardner is dy't se út 'e ljochten helpe moatte, wat foar beiden in oansjenlike skok is. Lulk oer alle bedragerij fan harren houlikspartner de ôfrûne jierren en mei't harren houlik ommers inkeld in dekmantel wie, sette se útein mei it foldwaan oan 'e opdracht. Nei't se om 'e nocht eskalearjende oanslaggen op inoars libben dien hawwe, berikt harren konflikt in hichtepunt yn in lang oanhâldende sjitpartij yn har eigen hûs yn it nachtlik tsjuster, wêrby't de wente slimme skea oprint. Op 't langelêst komme se foarinoaroer te stean mei fjoerwapens op inoars holle rjochte. John komt lykwols ta it besef dat er wol deeglik fan Jane begûn is te hâlden, dat hy leit syn gewear del. Jane kin harsels der likemin ta bringe om him dea te sjitten, en de konfrontaasje mûnet út yn in hertstochtlike frijpartij.
De oare moarns sette de wjerssidige wurkjouwers fan 'e Smiths, dy't tige ûngelokkich binne mei dizze gong fan saken, in priis fan $400.000 op har hollen. Eddie, de bêste freon en teffens in kollega fan John, drukt him sadat er net efter harren oan stjoerd wurde kin, mar oare kollega's hawwe minder skrupules. It hûs fan 'e Smiths wurdt oanfallen troch in grutte kloft hiermoardners. As in hangranaat de gasoaljetank opblaast, witte John en Jane nauwerneed te ûntkommen oan in reuseftige ûntploffing dy't it dochs al skansearre hûs mei de grûn lyk makket. Se stelle de auto fan 'e buorlju (dy't harren barbecue al withoelang lyn liend en nea werombrocht hawwe) en naaie út. Dat liedt ta in wylde efterfolging op 'e autosneldyk, wêrby't John en Jane ôfweve mei in hiele kliber fijannen, wylst se oan ien wei troch kibje oer harren fjochttechniken en nij oan it ljocht kommen persoanlike bysûnderheden.
By in moeting mei Eddie rikkemandearret dy harren oan om útinoar te gean en ûnder te dûken, mei't se allinne in folle gruttere kâns hawwe om te ûntkommen. John en Jane beslute lykwols dat se byinoar bliuwe wolle en har net fuortjeie litte. Ynstee ûntfiere se Danz út in swierbefeilige tichthûs om him oan harren wurkjouwers oer te dragen yn ruil foar harren eigen libben. By ûnderfreging bekent Danz lykwols dat er eins in kollega fan Jane is dy't tsjinnet as lokies. De bedriuwen fan John en Jane hiene nammentlik al earder ûntdutsen dat harren hiermoardners mei-inoar troud wiene, en sa'n nauwe bân mei de konkurrinsje koe net tolerearre wurde. Dêrom smieten se de lapen gear om 'e Smiths inoar fermoardzje te litten. Lulk oer dat ferrie tankje John en Jane elts ûntsnappingsplan ôf en lokje se in leger fan hiermoardners fan harren beide bedriuwen, alles dat harren wurkjouwers hawwe, by nacht mei nei in warehûs, dêr't se by in spektakulêre konfrontaasje mei syn beiden al harren fijannen ôfslachtsje.
De film einiget as John en Jane wer in konsult hawwe by houliksterapeut Wexler. It docht bliken dat it poerbêst mei harren houlik giet, no't alle ferstikkende geheimen ôftanke binne. John trunet Wexler oan om nochris te freegjen hoe faak oft se de lêste wike seks hân hawwe en meneuvelet dan mei de hannen fan "tsien kear".
Foar Mr. & Mrs. Smith wie in budget beskikber fan $84 miljoen, mar dêr gied er by einsluten $26 miljoen oerhinne, sadat de úteinlike kosten $110 miljoen bedroegen. Dêrtroch wie regisseur Doug Liman twongen om syn eigen sparjild oan te sprekken om dêrfan in filmset te bouwen yn 'e garaazje fan syn mem, dy't er dêrnei ferneatige mei in hangranaat.
Fan 'e filmkritisy krige Mr. & Mrs. Smith tuskenbeiden oant positive resinsjes. Sa omskreau Simon Braund fan it BritsketydskriftEmpire de film as "in fol-gas aksjefilm, in subversive romcom en in fjoerwapengefaarlik filmstjerrefehikel trochdrinzge fan Hollywoodglitter, fan in regisseur dy't wit hoe't er syn budget yn bylden omsette moat […]." Op 'e websideDigital Spy joech Daniel Saney Mr. & Mrs. Smith 4 fan 5 stjerren. Hoewol't er fûn dat de "ideeën gauris ûntliend" wiene, en de film "bepaald net djipsinnich en betsjuttingsfol" wie, omskreau er him dochs as "in fantastysk fermaaklike film".
Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte Mr. & Mrs. Smith 3 fan 4 stjerren ta. Hy priizge de gemy tusken de haadrolspilers: "Wat de film wurkje lit, is dat Pitt en Jolie tegearre wille op it wite doek hawwe en dat it harren slagget om in ritme te finen om subtyl te spyljen en fermaaklik te wêzen sels by de meast alarmearjende ûntwikkelings." In resinsint dy't hielendal neat fan Mr. & Mrs. Smith hawwe moast, wie Mick LaSalle, dy't yn 'e San Francisco Chronicle skreau dat de film "ferskriklik" wie. Dêr heakke er oan ta: "It lytse greintsje fernimstigens dat hjir te sjen is, sit folslein yn it útgongspunt. Oan útwurking dêrfan wurdt net dien."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Mr. & Mrs. Smith in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 215 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't dizze romantyskeaksjefilm te lijen hat ûnder in swak senario en in oerdie oan eksploazjes, is de gemy dy't út 'e gearwurking tusken Pitt en Jolie fuortkomt, merkber genôch om der in tige fermaaklik simmeraksje-aventoer fan te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Mr. & Mrs. Smith in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 41 resinsjes.