Kollega

In kollega is immen mei wa't men gearwurket om in beskaat doel te berikken, ornaris tsjin betelling en yn in fêste wurksitewaasje. It wurd kollega komt fan it Latynske collega, dat ôflaat is fan it tiidwurd colligere, mei as betsjutting "gearbringe"; men wurdt dus mei jins kollega's gearbrocht op it wurk. Yn 'e oantsjutting 'kollega' leit winliken besletten dat men fierders net folle mei-inoar te krijen hat. As men famylje faninoar is, of mei-inoar befreone is, sil men nammentlik yn 'e regel net fan 'kollega' sprekke, mar de oare persoan in broer of soan (of hokfoar famyljerelaasje oft it dan ek mar is) of in freon neame. Kollega's wurde yn 'e omgong op in legere triem pleatst, mank de kunde. Yn guon beropsgroepen (yn 't bysûnder by abbekaten en notarissen) neame amtgenoaten inoar fan konfrater (fan it Latynske confrater, letterlik: "mei-broer"), as se net foar deselde organisaasje wurkje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!