De namme Mearum komt fan Mar (wetter) en Hiem (stee), dus plak oan it wetter.
Mearum hat in stik of wat buorskippen: Linde, De Haar, en Malijk, de streek tusken Krúswei en Nuis. By de pleatsen yn it buorskip Malijk lâns rûn in âlde dyk oan de Krúswei ta. Dy sleat oan op de dyk troch it âlde sintrum (Mearum-West) en rûn oer De Haar nei Fryslân ta. Krekt as yn de measte oare plakken fan de gemeente Mearum is der in soad lintbebouwing.
Teffens wurdt der noch wol Frysk praat yn dit part fan Grinslân. Dat komt omdat der in protte minsken fan Frysk komôf wenje. Yn de tiid fan de ferfeanting, oant de iere 20e iuw ta, hawwe in protte Fryske arbeiders harren yn it Westerkertier nei wenjen setten. Yn it oare part fan Grinslân is it Frysk al iuwen lyn ferkrongen troch it Nedersaksysk.
Tsjerken
De Herfoarme tsjerke yn Mearum-West is ien fan de âldste bakstiennen bouwurken yn Grinslân en is boud yn 'e 12e iuw. Yn de 13e iuw waard de toer fernijd en yn de 18e iuw ferlege. De tsjerke wurdt net mear in soad brûkt sûnt de grifformearde tsjerke de PKN-tsjerke fan it doarp is. Hosiana is de namme fan de oan it begjin fan de jierren 1990 boude tsjerke fan de Molukse mienskip. Oan de Langestrjitte stiet de frijmakke Immanueltsjerke.
↑Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven