It kanaal is groeven yn de fjirtjinde iuw, nei't sein wurdt troch mûntsen fan it kleaster fan Aduard. Yn 2013 waard lykwols fêststeld dat in fundearringspeal fan in foargonger fan de Steentil komt, fan in wylgebeam dy't al om 1285 hinne kapt waard. Dit soe betsjutte kinne dat it djip al mear as iuw earder groeven waard.[1]