Ezinge is it haaddoarp fan it eardere skiereilân Middag. Dat ûntstie yn de achtste iuw yn de mûning fan de Hunze (no: Reitdjip) troch ynbrekken fan de Lauwerssee. Ezinge is bekend fan de opgravings dy't de archeoloochAlbert van Giffen (1884-1973) dêr yn de jierren tweintich en tritich fan de tweintichste iuw dien hat. Dêrby binne de oerbliuwsels fûn fan 85 pleatsen en 60 bygebouwen út de perioade 600 f.Kr. oant de fyfde iuw n.Kr. In bysûndere fynst wie de gouden "swurdknop fan Ezinge", dy't út de sande iuw datearret en dy't te fergelykjen is mei dy út it keningsgrêf fan Sutton Hoo yn Ingelân.[3]
Yn it doarp is it museum Wierdenland, Centrum voor wierden en landschap (foarhinne: Museum Wierdenland) festige, dat terpen en it terplânskip ta ûnderwerp hat.
Noardeastlik fan Ezinge stiet de Allersmaboarch, wêrfan it âldste part yn 1400 boud waard.