It Kleastersk wurdt omskreaun as "net sa sjongerich as it Frysk, mar ek net sa hurd as it Grinslânsk." Friezen beskôgje it as in foarm in Grinslânsk, wylst it Grinslanners it gauris foar Frysk oansjogge. De Kleasterske taalstriidster Wietske Poelman sei dêroer: "We hem'n 'n soort identiteitscrisis. Allinnig ien Gerskeskloaster-Stroobos bin'n we thuus." Taalkundich sjoen liket it Kleastersk lykwols tichter by it Grinslânsk as by it Frysk te stean.
It is ûndúdlik hoe't it Kleastersk yn it fan oarsprong Frysktalige Gerkeskleaster-Strobos belâne is. It is ferliedlik om 'e sitewaasje yn it twillingdoarp te ferlykjen mei dy yn Kollumerpomp, in doarp yn 'e midden fan 'e oanbuorjende gemeente Kollumerlân, dat ek in eigen Nedersaksysk oergongsdialekt hat, it Pompstersk. Ek kin in ferliking makke wurde mei it KollumerlânskeWesterkertiersk dat yn Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum, yn eastlik Kollumerlân, sprutsen wurdt. It ferskil is lykwols dat Kollumerpomp en eastlik Kollumerlân op ynpoldere lân lizze dat eartiids ta de Lauwerssee hearde, wylst Gerkeskleaster-Strobos op sângrûn leit. Poelman: "’t Kloasters is 'n vremd fenomeen. We bin'n echt 'n eiland hier. Je kin'n 't min verklaar'n."
Hjoeddeiske sitewaasje
It is ûnbekend hoefolle sprekkers oft it Kleastersk noch hat. It dialekt wurdt hjoed de dei yn Gerkeskleaster-Strobos op 'e dyk noch by 't folop sprutsen, mar yn iepenbiere gearkomsten ferbrekke de lju har eins fuortendaliks en geane se oer op it Nederlânsk. Poelman wie ien fan 'e earsten dy't dat net die. En doe't se yn 2014 foar de FNP yn 'e gemeenteried fan Achtkarspelen keazen waard, wie se de earste dy't yn 'e riedsseal Kleastersk spriek. By de gemeenteriedsferkiezings fan maart2018 waard se net werkeazen, en dêrnei besleat se om har fierder yn te setten foar har memmetaal. Poelman hat it plan opfet om in offisjele stavering foar it Kleastersk te meitsjen, en hat dêroer kontakt opnommen mei de Fryske Akademy, dêr't men entûsjast reägearre. Op it stuit wurdt besocht de finansiering fan in formeel taalkundich ûndersyk nei it Kleastersk ûnder tafersjoch fan 'e Akademy rûn te krijen. Neffens Poelman is dat neat te betiid: "As gieneen 't vastleit, dan verdwient 't. Veur 't Kloasters is 't vijf veur twaalf."