Feanstersk

Feanstersk
algemien
oare namme(n) Haachjefrysk
eigen namme Feensters
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers († 20e iuw)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Feanstersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status n.f.t. (útstoarn)
erkenning as
minderheidstaal
n.f.t. (útstoarn)

It Feanstersk (Feanstersk: Feensters) is in dialekt fan it Stedsk dat foarhinne op It Hearrenfean sprutsen waard. Dizze taalfoarm ûntstie oarspronklik yn 'e rin fan 'e achttjinde iuw om It Oranjewâld hinne, dêr't de Fryske steedhâlders in bûtenpleats ûnderholden. Mei't Oranjewâld sadwaande ek wol "it Fryske Haachje" neamd waard, stie it Feanstersk lang bekend as "Haachjefrysk" of "Haachjesfrysk".

Gebrûk

It "echte" Feanstersk waard yn elts gefal oant yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw op it Hearrenfean sprutsen. Oer it hjoeddeiske sprekkerstal binne gjin sifers bekend, mar neffens alle wierskyn wurdt it net mear aktyf brûkt. Wol liket der op 't heden in regiolekt fan it Nederlânsk mei wat lokale eleminten op it Hearrenfean yn gebrûk te kommen, mar dat is net it oarspronklike Feanstersk. By in enkête foar de saneamde Spreektaalatlas die yn 2023 bliken dat krapoan 40% fan 'e ynwenners fan It Hearrenfean "faak" de moderne Feanster sprektaal brûkt.[1]

It Posthûsteäter op it Hearrenfean.

Undersyk

Neffens guon saakkundigen liek it Feanstersk hiel bot op it Nederlânsk, wat it foar taalwittenskippers dreger (en nei't men oannimme mei ek minder ynteressant) makke en doch der ûndersyk nei. Yn 1879 waard op it Hearrenfean in enkête holden, wêrby't de lju twahûndert wurden nei it Feanstersk oersette moasten. De resultaten lieten fanút it eachpunt fan 'e taalûndersikers te winskjen oer, mei't in protte wurden ferskillend oerset waarden. Yn 1975 waard der nochris in lyts ûndersyk holden wêrby't diskear 153 jongere minsken befrege waarden.

Oerlevering

Der binne mar in pear teksten oerlevere dy't mooglik as Feanstersk kategorisearre wurde kinne. In foarbyld is it boek De Enige Weg, út 1935, dat skreaun is troch Cissy van Marxveldt. Dêrby giet it, krekt as by alle Feansterske teksten, om in tige fragmintaryske oerlevering, dy't mar in pear sintsjes omfettet.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Streektaal libbet, jong en âld praat Amelands en Stavers, op: Omrop Fryslân, 22 septimber 2023.

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!