Gerald Ford

Gerald Ford
politikus
echte namme Gerald Ruldolph Ford jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 14 july 1913
berteplak Omaha (Nebraska)
stjerdatum 26 desimber 2006
stjerplak Rancho Mirage (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
Ulstersk
partij Republikeinske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1999
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19741977
foargonger Richard Nixon
opfolger Jimmy Carter
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19731974
foargonger Spiro Agnew
opfolger Nelson Rockefeller
Foarsitter fan de Republikeinske fraksje
yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
amtsperioade 19651973
foargonger Charles Halleck
opfolger John Jacob Rhodes
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 5de Distrikt fan Michigan)
amtsperioade 19491973
foargonger Bartel J. Jonkman
opfolger Richard Vander Veen

Gerald Ford (folút: Gerald Rudolph Ford jr.; ropnamme: Jerry), berne as: Leslie Lynch King jr. (Omaha (Nebraska), 14 july 1913Rancho Mirage (Kalifornje), 26 desimber 2006), wie in Amerikaansk jurist en politikus fan 'e Republikeinske Partij. Hy wie fan 1974 oant 1977 de 38ste presidint fan 'e Feriene Steaten, nei't syn foargonger Richard Nixon fanwegen it Watergate-skandaal ôftrede moatten hie. Foartiid wied er fan 1973 oant 1974 fise-presidint ûnder Nixon, nei't syn foargonger yn dat amt, Spiro Agnew, ôftrede moatten hie op beskuldigings fan belestingfraude en omkeaping. Sadwaande is Ford oant no ta de iennichste Amerikaanske presidint dy't noch as presidintskandidaat, noch as fise-presidintskandidaat keazen is troch it Electoral College (kolleezje fan kiesmannen).

Libben

Komôf, jonkheid en oplieding

Gerald Ford waard yn july 1913 berne yn Omaha, yn 'e steat Nebraska, as Leslie Lynch King jr. Syn mem, Dorothy Ayer Gardner, ferliet syn heit, wolkeapman Leslie Lynch King sr., sechstjin dagen nei't Ford te wrâld kommen wie, neffens Ford syn biograaf James M. Cannon om't King sr. harsels, Ford en de bernefaam mei in slachtersmês bedrige hie. Ford sels sei letter dat syn heit in syklik jaloerske man west hie, dy't syn mem al op harren houliksreis begûn wie te mishanneljen om't se nei in oare man glimke hie. Ford syn âldelju skieden formeel yn desimber 1913, en dêrby waard syn fâdij oan syn mem tawiisd. Syn pake oan heitekant, de foaroansteande bankier Charles Henry King, betelle har oant koart foar syn ferstjerren yn 1930 alimintaasje. Dorothy Gardner ferfear mei de lytse Ford nei Grand Rapids, yn 'e steat Michigan, dêr't se by har âldelju ynloek. Op 1 febrewaris 1916 wertroude se mei Gerald Rudolff Ford, dy't ferkeaper wie by it ferve- en fernisfabryk fan syn famylje. Hoewol't syn styfheit him nea formeel oannaam, waard it jonkje dêrnei troch syn âlden Gerald Rudolff Ford jr. neamd. Ford feroare syn namme lykwols pas offisjeel yn desimber 1935, doe't er 22 jier wie; dêrby hold er trouwens foar syn middelnamme de gongberder stavering oan mei "ph" oan 'e ein.

Ford groeide op yn Grand Rapids, yn in gesin mei trije jongere healbruorren út syn memme twadde houlik. Hy hie ek twa jongere healsusters en in healbroer út syn heite twadde houlik, mar fan harren bestean krige er pas weet as folwoeksene. Yn syn bernetiid siet Ford by de paadfinerij. Op 'e middelbere skoalle yn Grand Rapids wied er oanfierder fan it Amerikaansk footballtiim. Doe't er neitiid studearre oan 'e Universiteit fan Michigan, te Ann Arbor, spile er yn 'e posysjes fan center en linebacker yn it universiteitsfootballtiim de Michigan Wolverines, dat yn dy tiid twaris (yn 1932 en 1933) it nasjonaal Amerikaansk kampioenskip (foar universiteitstiims) wûn. Yn 1935, nei't er in bachelorstitel yn ekonomy behelle hie, sloech Ford kontrakten by twa profesjonele Amerikaansk footballploegen, de Detroit Lions en de Green Bay Packers, ôf en naam ynstee in baan oan as football- en bokscoach oan 'e Universiteit fan Yale, yn New Haven (Konnetikut), sadat er dêr rjochten studearje koe. Dêrby smiet syn fulltime-baan him swierrichheden op, en pas yn 1938 waard er ta de rjochte-oplieding fan Yale talitten. Yn 1941 behelle er in bachelorstitel, dy't er letter om wist te setten ta in masterskip yn 'e rjochten.

Gerald Ford yn it Oval Office (1974).

Militêre tsjinst en trouwen

Yn maaie 1941 sette er mei in maat fan him yn Grand Rapids in abbekatepraktyk op, mar nei de Oanfal op Pearl Harbor, fan desimber dat jiers, naam er tsjinst by de Amerikaanske Marine. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne er earst as ynstrukteur oan in marine-opliedingssintrum yn Noard-Karolina, mar yn maaie 1943 waard er op eigen fersyk oerpleatst nei in nij fleandekskip, de USS Monterey, dêr't er ien fan 'e skipsofsieren wie. Yn dy hoedanichheid wie Ford behelle yn ferskate lânings op en feroverings fan eilannen yn 'e Marshalleilannen, de Gilberteilannen (it hjoeddeiske Kiribaty), Papoea Nij-Guineä, de Filipinen en de Rjûkjû-eilannen (wêrfan't it haadeilân Okinawa wierskynlik bekender is).

Nei de oarloch troude Ford op 15 oktober 1948 te Grand Rapids mei Elizabeth Bloomer (better bekend wurden as Betty Ford), in âld-model, âld-dûnseresse en moade-adviseur yn in warehûs, dy't skieden wie fan har earste man, in William G. Warren. Mei har krige er fjouwer bern: Michael Gerald Ford (1950), John Gardner Ford (1952), Steven Meigs Ford (1956) en Susan Elizabeth Ford (1957). Yn 1949 waard Ford fierders inisjearre as frijmitselder, yn 'e mande mei syn trije jongere healbruorren.

Iere politike karriêre

Ford hie syn earste stappen op it paad fan 'e polityk al yn syn studintetiid nommen, doe't er him yn 'e simmer fan 1940 as frijwilliger ynset hie foar de kampanje fan 'e Republikeinske presidintskandidaat Wendell Wilkie (dy't it doe om 'e nocht tsjin Franklin D. Roosevelt opnaam). Nei de oarloch besleat er mei te dwaan oan 'e ferkiezings fan 1948 foar it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (syn houlik waard dêrfoar úttsteld, mei't er yn noed siet oer wat de kiezers derfan fine soene as er mei in skieden eks-dûnseresse troude). Earst fersloech er by de Republikeinske foarferkiezings it sittende kongreslid Bartel J. Jonkman, dat in oertsjûge isolasjonist wie, wylst Ford troch syn oarlochsûnderfinings in ynternasjonalist wurden wie. Dêrnei wie it foar him in kâld keunstke om by de eigentlike ferkiezings mei syn Demokratyske tsjinstanner ôf te weven. Ford siet in fearnsiuw lang, fan 1949 oant 1973, foar it Grand Rapids-distrikt fan 'e steat Michigan yn it Hûs fan Offurdigen. As kongreslid wie Ford "moderearre yn binnenlânske saken, ynternasjonalist yn bûtenlânske saken en in konservatyf op it mêd fan belestingsbelied," sa't er it sels omskreau. Hy wegere en stel him ferkiesber foar it prestizjeuzere amt fan senator, en sloech it oanbod ôf om gûverneur fan Michigan te wurden. Ynstee hied er syn sinnen set op it foarsitterskip fan it Hûs fan Offurdigen.

Yn novimber 1963 waard Ford troch presidint Lyndon B. Johnson beneamd ta lid fan 'e Kommisje Warren, dy't de moard op John F. Kennedy ûndersykje moast. Yn dy hoedanichheid wie it Ford syn spesifike taak om in libbensbeskriuwing gear te stallen fan 'e fermoedlike dieder, Lee Harvey Oswald. It úteinlike rapport fan 'e Kommisje Warren, dêr't ek Ford syn namme oan ferbûn, is noch altiten ien fan 'e meast omstriden politike dokuminten út 'e Amerikaanske skiednis. Yn it foaropwurd fan syn boek A Presidential Legacy and the Warren Commission (2007) brocht Ford letter út dat de geheime tsjinst CIA kritike geheimen dy't yn ferbân stiene mei de moard op Kennedy foar de kommisje ferburgen hold en beskaat dokumintêr bewiismateriaal ferneatige, "wat maklik misynterpretearre wurde kin as mandéligens oan 'e moard op JFK" (aldus Ford). Mar neffens in yn 2008 frijjûn memo fan 'e federale resjerzje FBI spile Ford doedestiden ûnderwilens ynformant foar de FBI oangeande guon oare kommisjeleden, wylst er de FBI teffens op 'e hichte hold fan it geheime, ynterne berie fan 'e kommisje. Ford wie in útsprutsen foarstanner fan 'e Iene-kûgelteory (troch kritisy mispriizgjend de "Wûnderkûgelteory" neamd), ien fan 'e swakste punten fan 'e offisjele lêzing fan 'e barrens omtrint de moard op Kennedy.

Gerald en Betty Ford mei Richard Nixon en dy syn frou Pat.

Fan 1965 oant 1973 wie Ford foarsitter fan 'e Republikeinske fraksje yn it Hûs fan Offurdigen. Dat wie yn in tiid dat de Republikeinen dêr fier yn 'e minderheid wiene, en Ford sette him allegeduerigen ôf tsjin 'e regearing-Johnson. Doe't Richard Nixon yn 1969 presidint wurden wie, feroare er yn in stânheft ferdigener fan it belied fan it Wite Hûs.

Fise-presidintskip

Nei't fise-presidint Spiro Agnew yn 1973 ôftrede moatten hie fanwegen beskuldigings fan belestingfraude en omkeaping, waard Ford ûnder in rinnende termyn ta it fise-presidintskip beneamd, doedestiden in unikum yn 'e Amerikaanske skiednis, dat steatsrjochtlik mooglik makke waard troch it 25ste Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet. Hy wie de fjirtichste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten fan 1973 oant 1974, doe't presidint Nixon ek ôftrede moast, om't er oars fanwegen it Watergate-skandaal troch it Amerikaanske Kongres ôfsetten wurden hie. Sa klom Ford doe op ta it alderheechste amt yn 'e Feriene Steaten, dat fan presidint, sûnder ek mar ien kear troch it Electoral College (it kolleezje fan kiesmannen) keazen te wêzen.

Presidintskip

Ford wie fan 1974 oant 1977 de 38ste presidint fan 'e Feriene Steaten. Mei 895 dagen is syn presidintskip noch altyd it koartste fan alle Amerikaanske presidinten dy't net ûnder harren presidintskip stoaren. Yn dy tiid ûndertekene er mei de Sovjet-Uny de Helsinki-akkoarten, wêrmei't de Kâlde Oarloch in stap yn 'e rjochting fan ûntspanning gie. De Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch waard folslein beëinige doe't, njoggen moanne yn syn presidintskip op, de Noardfjetnamezen de Súdfjetnameeske haadstêd Saigon ynnamen en dêrmei de oarloch wûnen. Op it mêd fan binnenlânsk belied hie Ford te krijen mei de slimste ekonomyske krisis sûnt de Grutte Depresje, dy't mank gie mei in resesje en oanboazjende ynflaasje. It bûtenlânske belied waard ûnder it regear fan Ford karakterisearre troch de groeiende rol dy't it Amerikaanske Kongres op dat mêd begûn te spyljen, en de navenant beheindere macht fan 'e presidint. Ien fan Ford syn meast kontroversjele dieden wie om syn foargonger Richard Nixon sûnder betingsten in presidinsjeel pardon te ferlienen, wat dyselde beskerme tsjin strafferfolging nei oanlieding fan it Watergate-skandaal. In oare misset wie Ford syn oanfiterjen, yn 1975, fan 'e Yndonezyske diktator Soeharto om 'e koartby dekolonisearre Portegeeske koloanje East-Timor te besetten, wat yn dat gebiet ta in genoside late, wêrby't likernôch 103.000 Easttimorezen (op in befolking fan 600.000) omkamen foar't East-Timor yn 1999 syn ûnôfhinklikens winne koe.

Ford moat oan in kommisje fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen tekst en útlis jaan oangeande syn amnesty foar Richard Nixon.

Under syn presidintskip waarden der binnen in perioade fan trije wiken tiid twa moardoanslaggen op Ford dien (dy't allebeide mislearren). Op 5 septimber 1975 rjochte Lynette Fromme, byneamd "Squeaky", ien fan 'e folgelingen fan sektelieder en moardner Charles Manson, in pistoal op Ford ûnder in gearkomste yn 'e Kalifornyske haadstêd Sakraminto. Larry Buendorf, ien fan 'e presidinsjele Secret Service-liifwachten, griep it wapen beet en wist de hûdflap tusken syn tomme en wiisfinger tusken de hoanne en de rest fan it pistoal te krijen, sadat it net ôfgean koe (letter die bliken dat der gjin kûgel yn 'e keamer siet, dat der wie likegoed neat bard, mar dat wist op dat stuit fansels nimmen). Fromme waard oppakt en krige libbenslang; hja kaam yn augustus 2009 betider frij. As reäksje op dizze oanslach begûn de Secret Service Ford fierder by klibers folk wei te hâlden, en dat soe santjin dagen letter wolris syn libben rêden hawwe kinne, doe't op 22 septimber yn San Fransisko Sarah Jane Moore middenút in kloft minsken wei in revolver op Ford rjochte wylst er syn hotel ferliet. Se fjurre ien kûgel ôf, mar miste om't it wapen in ôfwiking hie. Krekt doe't se nochris sjitte soe, griep marinier bûten tsjinst Oliver Sipple har hân fêst, sadat it twadde skot ek mis gie en yn stee fan Ford de muorre goed fyftjin sm rjochtsboppe syn holle rekke. Moore krige ek libbenslang, en kaam op âldjierdei 2007 frij.

Yn it ferkiezingsjier 1976 wûn Ford de Republikeinske nominaasje troch yn 'e foarferkiezings û.m. akteur Ronald Reagan te ferslaan, mar by de eigentlike presidintsferkiezings moast er it ôflizze tsjin syn Demokratyske tsjinstanner Jimmy Carter.

Lettere jierren

Gerald Ford yn 2003, op syn 90ste jierdei, mei first lady Laura Bush, presidint George W. Bush en Betty Ford.

Nei't er begjin 1977 presidint-ôf wurden wie, bleau Ford aktyf yn 'e Republikeinske Partij. Yn 1979 publisearre er syn autobiografy A Time to Heal ("In Tiid om te Genêzen"). Dêrnjonken ferskynden der fan syn hân noch ûnderskate oare wurken, wêrûnder Humor and the Presidency ("Humor en it Presidintskip"), in boek fol grappige politike anekdoates. Ford wie ek in fûleindich golfer, dy't yn 1977 in hole in one sloech. Yn 1980 joech er serieus omtinken oan 'e mooglikheid om te besykjen en wurdt op 'e nij presidint. Der wurdt gauris sein dat it him der datoangeande fral om te dwaan wie om fan syn imago as "presidint by fersin" ôf te kommen. Mar hoewol't er him by wize fan oanrin ta syn kandidaatskip kritysk útliet oer it presidintskip fan syn opfolger Carter, besleat er úteinlik om him net kandidaat te stellen.

Nettsjinsteande harren politike tsjinstellings koe Ford trouwens altyd tige goed mei Carter, dy't ûnder syn presidintskip soarge dat Ford eltse moanne in gearfetting krige fan nijs oangeande sawol binnen- as bûtenlânske oangelegenheden. Altiten as Ford yn Washington, D.C. wie, lunchte er op it Wite Hûs mei Carter. Dy hoaske relaasje ûntjoech him ta in wiere freonskip doe't de beide âld-presidinten yn 1981 tegearre nei Egypte reizgen foar de begraffenis fan 'e fermoarde presidint Anwar el-Sadat.

Yn oktober 2001 briek Ford mei it grutste part fan 'e Republikeinske Partij troch te sizzen dat homoseksuële en lesbyske stellen "itselde behannele hearre te wurden [as heteroseksuële pearen]. Punt, út." Yn 2004 makke er buorkundich dat er it "tige by tige ûniens" wie mei de regearing-Bush oangeande it brûken fan massaferneatigingswapens as ferlechje om de Twadde Golfoarloch te begjinnen.

Ford kaam op 26 desimber 2006 te ferstjerren yn syn hûs yn Rancho Mirage, yn Kalifornje, oan swierrichheden dy't ferbân holden mei arterioskleroaze. Hy wie doe 93 jier en 165 dagen, wat him ta de âldste Amerikaanske presidint ea makke. Ford waard begroeven yn Grand Rapids, yn Michigan. Hy wie nei Harry Truman de twadde Amerikaanske presidint dy't op twadde krystdei stoar.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!