Sûnt de kwalifikaasje foar de Olympyske Spullen fan 1992 jildt foar manlju dat se op 1 jannewaris fan it olympysk jier maksimaal 23 jier âld wêze meie. By de de Olympyske Simmerspullen sels meie trije spilers âlder as 23 jier diel útmeitsje fan de fuotbalseleksje. Foar froulju jilde by de earste twa edysjes (1996 en 2000) dat de spylsters minimaal sechstjin jier âld wêze moasten. Dy bepaling is dêrnei ôfskaft, sadat foar froulju gjin beheiningen mear jilde.