It Vélodrome de Vincennes stiet yn Vincennes, sûnt 1929 in stêddiel fan Parys. It velodroom waard boud yn 1896 en brûkt foar de Olympyske Spullen fan 1900 en fan 1924; by de spullen fan 1900 wie it it haadstadion en wie der ek de iepenings- en sluitingsseremoanje. Hjoed de dei hjit it velodroom, Vélodrome Jacques Anquetil. It tal taskôgers at der yn koene is net bekend.
Ofsizzingen
Twa ploegen út Frankryk soene it opnimme tsjin ploegen út Belgje, Grut-Brittanje, Dútslân en Switserlân. De ploegen út Belgje, Switserlân en Dútslân seine ôf. Foar de ploech út Belgje waard in oare ploech út Belgje fûn.