Foar de Spullen fan 1932 waard der foar it earst in Olympysk doarp boud, mar dan wol allinne foar de manlju, de froulju waarden ûnderbrocht yn it lúkse Chapman Park hotel.
It Olympysk Doarp bestie út sa'n 550 ûnderkommens, Post en Telegraafkantoaren, in sikehûs, brânwachtkazerne, in bank en in amfiteäter. Nei de Spullen waard it Olympysk Doarp wer ôfbrutsen.