Doanjum bestiet út in groep terpen op in âlde kwelderwâl. It gebiet moat neffens grûnfynsten al yn de Romeinske tiid bewenne west hawwe. Ut opgroeven ierdewurk docht bliken dat de doetiidske bewenners yn in aardige wolstân libben. Fan de ein fan de Romeinske tiid oant yn de 5e iuw wie it gebiet nei alle gedachten ûnbewenne.
Yn it begjin fan de 17e iuw waard hjir de stinsGoslinga State boud, dêr't letter de grytman en steatsman Sicco van Goslinga wenne, dy't yn 1731 ferstoar. Yn 1803 waard de stins ôfbrutsen. Yn de tsjerke fan Doanjum (1711) is in grêfmonumint fan Sicco van Goslinga.
Doanjum hie sûnt 1 oktober1903 in stasjon oan it NFLS-spoar fan Frjentsjer nei Tsjummearum; de geografyske ôfkoarting wie Dj. By graafwurk foar it spoar waard yn 1911 in brûnzen byldsje út de Romeinske tiid fûn dat de Romeinske god Mars foarstelt. Op 8 oktober1933 waard it stasjon sluten.
As wraak foar in oanslach op Grietje Sinnema út Rie, dy't as tolk en sekretaresse foar de besetter wurke op de Abteilung für Ernährung und Landwirtschaft yn Frjentsjer en ek ferantwurdlik wie foar de foardering fan hynders en hea foar de DútskeWehrmacht, hellen de Dútsers op 8 maart 1945 fiif manlju út de Ljouwerter finzenis om dy oan 'e Riedsterdyk tusken Doanjum en Rie te fusillearjen. In monumint op it plak betinkt de fiif slachtoffers.[1]
Mei it westlik oanbuorjende Boer hat Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang. De feriening ûnderhaldt kontakten mei de gemeente, de wenningstifting en it sosjaal- en maatskiplik wurk De Skûle. De iennige foarsjenning dy't Doanjum hjoeddedei noch hat is it yn 2004 boude doarpshûs 'De Boppeslach'. Sawat om de twa moanne komt de doarpskrante De Skûle út.
De iepenbiere skoalle 'De Twirre' waard fanwegen de ûnwisse takomst wat it tal bern oanbelanget yn 2016 sletten. Yn itselde jier waard ek it pjutteboartersplak sletten.
[2]