Boer ûntstie op in terp dy't by it kerspel fan Skalsum hearde. Ek mei de bou fan in tsjerke tsjin 'e ein fan de 12e iuw foel it plak noch ûnder Skalsum en it wie mear in buorskip as in echt doarp.
Pas doe't Boer ûnder it parochygebiet fan Doanjum foel waard it as selsstannich plak oantsjut. Yn 1402 waard Boer as Burstera Rede, yn 1419 as thoe dae buere, yn 1433 as Buur en yn 1505 as Buer neamd. De plaknamme soe der op tsjutte dat it plak as in hûsterp ûntstie.
Oars as de oanbuorjende terpdoarpen hat Boer yn de 18e oant 20e iuw hast gjin groei kend. De terp bestiet noch jimmeroan út in pear hûzen, in grutte pleats en de oarspronklik oan Marije wijde tsjerke. Bûten de terp lizze ferspraat noch in pear pleatsen.
It romaanske tsjerkje datearret út de 12e iuw en is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Sûnt 1988 wurdt it net mear troch de tsjerklike gemeente brûkt en tsjintwurdich docht it tsjinst as keunstnersatelier. It dekorative portaal stamt fan de net mear besteande Elgersmastate yn 1664.
De pastorij fan Boer is it âldste stiennen wenhûs fan Fryslân.
Elgersmastate
Sûnt 1400 hat eastlik fan it doarp op it stee fan de Doanjumerwei 11 de Elgersmastate stien, in eardere stins. Yn 1830 wiene de grêften en singels fan de state noch oanwêzich, mar de state sels wie doe al fuort.[1]