Pitersbierrum is it meast westlike doarp fan de gemeenteDe Waadhoeke. Pitersbierrum leit noardeastlik fan Winaam, westlik fan Seisbierrum en besuden de Waadsee. De doarpskearn fan Pitersbierrum leit benammen om de Fan Hottingawei, dêr’t ek de tsjerke stiet. De op de westlike grins fan de himrik lizzende buorskip Roptasyl heart foar in part ek by Pitersbierrum.
It twadde diel fan de doarpsnamme stamt fan it Aldfryske bêre, dat skuorre of hûs betsjut. Sint-Piter (Petrus) wie de patroanhillige fan de tsjerke en de namme kin dus as "Hûs fan Petrus" útlein wurde. Mooglik foarme Pitersbierrum mei Seisbierrum it âlde en net mear besteande doarp Westerbierrum.[2]
Yn de 19e iuw waard ek de midsiuwske tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in 19e-iuwsk gebou, dat in jiermannich letter yn 1843 by swier waar ôfbaarnde. Dêrnei waard de hjoeddeiske tsjerke boud, de toer folge letter yn 1878. West fan de Pitertsjerke stie it barokke slot Hottingastate. Hottingastate waard yn 1844 foar de sloop ferkocht.
Mei't yn 1909 it yn 1857 boude Walburgastate it gemeentehûs fan Barradiel waard, waard in lyts diel fan de himrik fan Pitersbierrum by Seisbierrum foege, sadat it gemeentehûs ek yn it haadplak stie. Nei de opheffing fan Barradiel yn 1984 waard de grûn wer oan 'e Pitersbierrum werom jûn. Walburgastate is sûnt 2008 yn gebrûk as Thomashûs.
Pitersbierrum foarmet mei Seisbierrum in dûbeldoarp. De doarpen binne de lêste 60 jier oan elkoar fêstgroeid en diele it ferieningslibben, it tsjerklik libben en alle foarsjennings.
It doarpshûs It Waed fan de twa doarpen stiet yn Seisbierrum. Der wurdt wurke oan in nij Multy Funksjoneel Aktiviteitensintrum (2023).[3]