De namme komt ek foar as Kiesterzijl, Kiestersyl, Keesterzyl en Kiesterzyl. De betsjuttings is dus 'slûs by Kie'.
De buorskip Kystersyl kaam earst ta ûntwikkeling doe't der yn 1857 in stienbakkerij boud waard. Op dat stuit stiene der fjouwer huzen tichtby de syl. Ien dêrfan wie de brêgewipperswenning, yn de oare huzen wennen lytse túnkers, gerniers. Foar it personiel fan de stienbakkerij waarden fuort al fiif huzen boud wêrûnder dat fan de masterfeint. De útwreiding gie fierder mei yn 1904 in betonfabryk en om 1917 hinne twa kalkovens. De stienbakkerij waard yn 1920 ôfbrutsen. [1] Wenten en bedriuwsgebouwen leine oarspronklik oan beide kanten fan it kanaal. By de ferbettering fan it kanaal waard de bocht by Kiestersyl ôfsnien (1942) en kaam de buorskip hielendal benoarden it Van Harinxmakanaal te lizzen. Tsjintwurdich is de buorskip ûnderdiel fan it yndustryterrein West Kystersyl. Yn 2017 bestie de buorskip út likernôch fyftjin wenhuzen en in pear bedriuwsgebouwen. It tal ynwenners waard doe rûsd op 35. Der stiet gjin plaknammeboerd mear, allinnich de strjitnamme docht noch tinken oan de buorskip en de syl.