Har earste filmrol hie Kerr yn 'e Britske filmContraband, út 1940, mar by de montaazje waard har sêne út 'e úteinlike ferzje knipt. Har optredens yn har twa folgjende Britske films, Major Barbara en Love on the Dole (beide út 1941) waarden lykwols goed ûntfongen. Dêrnei spile se yn Hatter's Castle en, as Noarskefersetsstriidster, yn The Day Will Dawn (beide út 1942). Fral dy lêste film wie in grut súkses, en Kerr waard troch it Britske bioskooppublyk keazen ta populêrste nasjonale filmstjer. Yn 1943 spile se trije ferskillende froulju yn 'e biografyske filmThe Life and Death of Colonel Blimp. Hoewol't it Britske Leger wegere en wurkje oan dy produksje mei, en ek al miende Winston Churchill dat de film it oarlochsmoreel fan it Britske folk oantaaste soe, dochs waard Colonel Blimp in trochslaand súkses.
Tsjin dy tiid begûn Kerr derop te stean dat har namme útsprutsen wurde moast as [kɑː(ɹ)] (ynstee fan 'e gongberder útspraak [kœː(ɹ)] (lykas cur, dat "strjithûn" of "rotsak" betsjut). De AmerikaanskefilmstudioMetro-Goldwyn-Mayer (MGM) begûn har dêrom letter oan te priizgjen mei de slogan ''Kerr rhymes with Star!" ("Kerr rymt op Stjer!"). Kerr kaam ûnder de oandacht fan MGM troch har rol as in beswierde non yn Black Narcissus, út 1947, dy't ek yn 'e Feriene Steaten súksesfol wie. Fanwegen har Britsk-Ingelskeaksint en har nei Amerikaanske mjitstêven deftige hâlden en dragen waard se yn Hollywood yn 'e iene nei de oare rol cast as in ferfine en reservearre Ingelske dame, lykas yn Edward, My Son (1949), dêr't se har earste Oscar-nominaasje mei yn 'e wacht sleepte. Sels hie se net in soad aardichheid oan sokke rollen, en dêrom griep se eltse kâns ta oarsoartige optredens oan. Sadwaande wie se te sjen yn û.m. King Solomon's Mines (1950), in aventoerefilm dy't op lokaasje yn Afrika opnommen waard; yn it religieuzeeposQuo Vadis? (1951); en yn 'e remake fan The Prisoner of Zenda (1952). Yn 1952 spile Kerr ek yn twa harkspullen op 'e radio.
Guon fan Kerr har bekendste rollen hie Kerr as de gûvernante Anna Leonowens yn 'e tsjinst fan 'e kening fan Siam yn 'e musicalferfilmingThe King and I (1956), en as tsjinspylster fan Cary Grant yn An Affair to Remember (1957). Hja waard op 'e nij nominearre foar in Oscar foar bêste aktrise foar har rollen yn The King and I, Heaven Knows, Mr. Allison, Separate Tables en The Sundowners. Foar har optreden yn The King and I wûn se de Golden Globe yn 'e kategory bêste aktrise yn in filmmusical of -komeedzje.
Yn 1967 hie Kerr in rol yn 'e James Bond-parodyCasino Royale, in produksje fan Columbia Pictures dy't net ta de James Bond-kanon fan Eon Productions heart. Kerr hie dêrby de twifelige ear om, mei 46 jier, de âldste Bond-girl ea te wêzen. Yn 1969 stimde se der ûnder druk fan 'e hieltyd jongere konkurrinsje yn ta om in neakensêne te dwaan yn 'e film The Gypsy Moths; dat wie de iennichste neakensêne fan har hiele wurkpaad. Mei't se almar minder ynteressante rollen oanbean krige, en der hieltyd mear fraach nei neakenens yn films wie, besleat Kerr oan 'e ein fan 'e jierren sechstich om op te hâlden mei filmwurk, en har ynstee ta te lizzen op tillefyzje en toaniel. Hoewol't se nea in Oscar wûn, hat se mei seis nominaasjes yn 'e kategory bêste aktrise noch altyd in rekôr op dat mêd. Yn 1994 waard har foar har hiele oeuvre in eare-Oscar takend, nei't se yn 1991 ek al in eare-BAFTA ûntfongen hie.
Tillefyzje
Yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich wûn Kerr nije populariteit mei har tillefyzjewurk, û.m. mei har rol as ferpleechster yn 'e tillefyzjefilmWitness for the Prosecution (1982). Letter wurke se mei har âlde freon Robert Mitchum gear oan Reunion at Fairborough. Fierders spile se yn 1985 de tycoon Emma Harte yn 'e minysearjeA Woman of Substance. Foar dat lêste optreden waard se nominearre foar de Emmy Award yn 'e kategory treflike byrol fan in aktrise yn in beheinde searje. Yn 1986, doe't se 65 jier wie, hold Kerr op mei aktearjen.
Kerr wenne jierrenlang yn it SwitserskeKlosters en it SpaanskeMarbella, mar nei geraden dat har sûnens minder waard sette se har wer yn Grut-Brittanje nei wenjen, om tichter by har dochters te wêzen. Peter Viertel bleau lykwols yn Marbella.